Filmkronyk:
Striid om Jeruzalim.
De earste Israëlyske spylfilm (Faithful City) hat as motyf in barren fan wrâldhistoaryske bits jutting: de stifting fan de Joadske Steat yn 1948. De regisseur, Jozef Leyters, stie hjir foar in riskante opjefte. Hy koe bisykje dit greate feit mei filmtechnysk raffinemint yn in sythese fan alle mooglike faktoaren in sensasioneel relief to jaen. Of yn alle gefallen it helthaftich Joadske nasionalisme, dat yn steat wie ta hast boppeminsklike prestaesjes, yn sterke kleuren ut to byldzjen. Hy hat mei rjocht beide methoaden ôfwiisd en likemin syn taflecht nommen ta anti-Ingelsk of anti-Arabysk negativisme. Yn gjin technysk gewelt noch sensaesje, yn gjin greatskens of rankune is dit jubeljier fan Israël to gripen. De Israëliër, dy't yn dizze fiif jier al safolle bliken jown hat fan styl en biskaving, mei dimmen to bliuwen by de greatste dieden, hat it hjir socht yn soberheit en biskiedenheit. Hy hat it sintrale barren, dat ûngelikense folle mear is as hokker kunstmiddels uterje kinne, biljochte fan ien kant, dy fan de bern. Dizze Joadske bern, út alle wynstreken en naesjes, út de hel fan it konsintraesjekamp, út de greate fordrukking wei nei Palestina kommen, bilêste mei in forskuorrende eangstpsychose, steane frjemd, ûnwennich en wantrouwich yn de nije wrâld, leauwe net oan de definitive bifrijing. Har twivel en forset jowe de taskôger oangripender byld fan Israëls leed as réalistyske marteltafrielen. Ien fan har lieders, de Amerikaen Sam, wol harren opfiede mei stoefe dissipline. De oare, de âlder en wizere Ezra, leaut mar oan ien methoade, dy fan de folsleine leafde. Hy kriget gelyk. Leafde, de alles bigripende en forjaende leafde allinne kin dizze skeinde lytsen wer hope en leauwe bybringe. Sa winne de masters stadichwei har hert, sa wurde hja ynderlik frij, ré om to learen, to arbeidzjen, to bouwen oan in nije takomst. As dan einlings de
greate dei oanbrekt fan de stifting fan de frije Joadske Steat, en deun dêrop de Arabyske bommen op Jeruzalim delsaeije, is ien ding biskiedender as har freze: it witten, dat hja bern fan Israël binne.
Earlik, oertsjûgend en sympathyk is dizze film yn al syn ienfâld. De bêste reklame is faeks wol, dat de greate bern dy't him sjogge, ienriedich oandien en optein binne.
Yn ien opsicht is, tinkt my, de soberheit hwat to fier gien: hwat mear karakteristike opnamen fan Jeruzalim en it hillige lân hiene it byld folsleiner makke, sûnder de bidoeling fan de regisseur gewelt oan to dwaen.
INNE DE JONG.