En dát binearet my nou krekt, hwant ik, ik sjoch it nèt. Ik priuw allinne de smaek fan in nachtmer je (hát sa'n ding in smaek?) op myn droege lippen en it is my oft ik troch in neare dream rin, nearder en binearjender as ik ea ien haw.
En ik freegje mysels ôf: Is dit normael? Dit op 'e troan setten fan it skiere deistige, dit brekken mei eltse foarm en swym fan skientme? Dit mei opset sin nei foaren bringen fan libbens, dêr't alle heroyk frjemd oan is? Dizze théory fan: yn it gewoane libben sûnder mear iepenbieret him it wiere......, it ivige!!!
Ik kin hjir net oan leauwe, noch it normael achtsje. De minske dy't weardich is, útbylde to wurden foar ús eagen, moat hwat greats oer him ha. In sterk konflikt moat him yn 'e wei komme. Hy striidt, oerwint, giet ûnder. It konflikt kin uterlik net fan bitsjutting wêze, dan is it de dramaturch, dy't it sichtber en wichtich meitsje moat. Ek de akteur fynt dêryn syn taek en - net to forjitten - kinne wy dêrby gebrûk meitsje fan de moderne technyk. Ien fan de seldsume gelegenheden, dêr't technyk en poëzij togearre gean kinne. Of -, wol men mei de poëzij op it toaniel net mear út to stean ha? Goed, lit ús dan de harpe oan 'e wylgen hingje, mar net bisykje de greate massa fan sensaesje sykjende lju yn forbazing to bringen mei dit soarte fan toanielstikken. In fornuvering, dêr't men fan forwachtet, dat hja yn biwûndering oergean sil: it is bon ton, al dizze útwrydskens artistyk en modern en ‘gedurfd’ en fol greate ûnthjittings to finen. Hwa't net smyt mei nomina as ‘bigenedige’ en ‘sjenner’ en ‘takomststrider’, hwa't al dizze oars-as-oars dingen net earnstich nimme kin, dy is al gau âldwrydsk en konservatyf.
Doch wol ik úthâlde, dat Bloem gelyk hie, doe't er yn 't koart skreau, dat in kunstner him sa min mooglik oan ‘modes moet verslingeren’. Al it geëksperimintear mei dizze nuvere rekwisiten kin ik net oars sjen as in moadegril, in middel om it nou ris oars-as-oars to dwaen en dêrtroch yn it each to rinnen. Krekt as by de dichtmoade fan ‘Ote ote boen’. Net út ynderlike needsaek skriuwt of dichtet men sa, tinkt my, men wol mei alle gewelt net-konvinsioneel wêze, men wol opfalle en forjit, dat wiere kunst har dochs wol oppenearret, op âlde paden en op nije. De foarm sûnder mear docht der net folle ta: as men dy foroaret sûnder ynderlike twang, dan hat dy foroaring gjin sin.
Kin der dus net toanielspile wurde mei gjin of mei in bytsje helpmiddels? Wis wol! Hwa't Nel Oosthout dwaende sjoen hat, wit, dat in stoel en in sjael en in mantel wûnders dwaen kinne yn bitûfte hannen. Mar karikatuer-dekors moatte der net brûkt wurde: gjin ljedders foar treppen of stuollen foar grêven, of planken foar in toanbank. Gjin keal toaniel, mar yn elk gefal stimmige doeken, gjin regisseurs dy't mei de piip oan en de hoed op as in fûgelforskrikker yn in hoeke steane en yn it spyljen sichtber yngripe. Soks stiet krekt oan de forkearde kant fan dy forneamde iene stap ‘qui se trouve entre le sublime et le ridicule’. Lit der dochs, yn de namme fan de Muzen, hwat sfear bliuwe en meitsje net alles mei opset sin sa griis en kleurleas.
Ik wol ek alhiel net biweare, dat yn de gewoane en deistige dingen, yn it breklike en lyts-minsklike, him gjin great konflikt iepenbierje kin, dat weardich is útbylde to wurden. Just dát is