Mem is dochs wer op bisite!
‘Ut skoalle wei mar gau thúskomme, dan krijst hwat lekkers’, hie Mem sein.
‘Pff, greate minsken! - Soe Heit hast werom komme mei de lege grientekarre? It lûkt al nei seizen’. Dat hat Gysbert niis op 'e klok sjoen. Jawis, hy sit op 't lêst al yn de twadde klasse! Nou ja, dy sûch fan in Piter dy seit altyd fan: ‘alve ûre!’ Dy sil ien April wol sitten bliuwe. Dy kin neat, ja, grine! Soe men ek sitten bliuwe as men ûndogensk is? Mem al ris freegje! Mar dy is ommers altyd fuort!
Heit komt der noch net oan! Dêr ha jo Piter fan 'e smid op syn nije autoped.
‘Mei ik der ris op, Piiiter?’
‘Wol ús Mèèèm net lije!’ eamelt Piter, ‘dou bist fierstento rimpen, seit ús Mèèèm’.
‘Piiiter. Piiiter, br....sk....’
‘Meist my net útskelle!’
‘Ik wol op dyn fyts! En dan meistou mei Kees boartsje, he'n?’
‘Dat wol ús Heit net lije, dou makkest alles stikken, seit ús Heit’.
‘Mem net lije, Heit net lije, Memmepop, apekop! Hjir dy fyts!’
Oe! hwat rydt dat ding prachtich! Hurder en hurder fljocht Gysbert, al mar it blokje om by de smid lâns, al mar by Piter lâns. De smid is grif net thús.
‘Goeije Piter, hast de bek al wer bryk? Bè, bè, bè!’ De houn katert nêst de jachtsjende autoped. En Piter moartet mar: ‘Mèèèm, Mèèèm!!!’
Jitris stout de jonge foarby. Syn lange, linige lofterskonk slingert al mar omheech.
‘Noch ien kear!’ raest er en wurdt, wûpstdy, wei om 'e hoeke. Yn in feech komt er wer oansjitten fan de oare kant.
Oe blinder! dêr komt Piter syn Memke oan wynderjen en skaeijen. Mei in opstrutsen seil. Nou wankt der hwat!
Yn 'e flecht wei springt Gysbert fan 'e autoped, smyt dy by de baltende Piter del, jowt him jit in trewinkel en naeit út!
‘Kees, Kees, dat skeelde net folle, jonge!’ Hymjend lizze dy twa wer yn harren ‘hol’ ûnder 'e klimmerhage. Ut 'e bûse fandelt de jonge it lêste fan syn brochje, dat