De Tsjerne. Jaargang 8(1953)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Gedeeltelijk auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 143] [p. 143] Sjoerd Spanninga: Trije gedichten. It offer. Ha mei de tael fan rjochters mar gjin noed, har flinke wurd hat wol gewelt - en frasen, mar o, de dreamers fan it skôgjende forbazen, hwaens died mei reade inket skriuwt - har bloed! Hja binn' in hoars allyk, dat wiet fan swit men wreed de ieren iepent en de dea yn strimet, hoe't ek it mêdde herte oer de lânsgong himet, wylst har de fuorgen kleur je ta in rynsk ûnthjit. Mar rint it libben har út beide siden, hja sille stjerrend noch de ikkers ploeije, de swiere groun bifruchtsjend fan de tiden. Hwant earst it offer lit in takomst groeije, dy't swide risping jowt oan it forliden, as strak gielstouwend hjir de fjilden bloeije. It heitelan. Hwat jowt it, as wy ús gedichten skriuwe, wylst tûzenen fan honger en illinde stjerre, en alle seilen op in streamen sûnder ein de swarte nacht yn sile en de dea ta driuwe, - wy hawwe dochs it libben net foar ús togearre? Al wit ik my dit lyts journael de guozzefearre, en ha w'ús bêste fielings hjir ta founling lein, bloed hat deselde spegel, yn de gouden brân omfierrens lyk as thús, by blanken en de moaren; lit ús de died dan net forjitte troch it praten, mar ús in eachweid winne op de hill'ge wierde, dêr't stille wurkers bouwe oan in nije ierde, sa giet it eigen leed to loar yn dat fan oaren, - njonken de need fynt nea it herte trouwe maten, mar hiel de reade wrâld dy is syn heitelân. [pagina 144] [p. 144] Anachoreet. (fragmint) Hja tinke: - Hwerom nimt er net in wiif, en krûpt er yn syn hoale as in dief, of hat er soms in leaf, dat wy net kenne? - Hy lykwols is út fjûren fierten berne en yn him brânt God's sinne har ekstasen, ont, fan in wyt-fortarrend ljocht forbline, loftspegeling'en foar syn geast forskine en 't griene oansjen krije fan oasen, - forlerne paradizen iepenje har tunen, mar wylst de gouden hunichskiven fan de dunen him seldsum spiizgje mei barmhertichheden, wurdt hy de balling út it Hôf fan Eden, dy't alle libben teken joech en namme, doe't noch de minske yn de ûnskuld amme, en by de glâns fan beken en rivieren, de tover fan de planten en de dieren, hat Adam sliepende syn siele foun, de earste frou wie út syn dreamen woun. It hearlikst wûnder fan de skeppingsdagen, syn eigen wjerbyld sjoen yn 't selsbihagen, dat oan har hier de roke joech fan roazen, hja roun mei wangen, brún as abrikoazen, en hie de mylde eagen fan gazellen, as hja him dounsjend folge nei de wellen, hy seach de wulving fan har jonge boarsten, de weelden fan har hier, syn hannen doarsten har amperoan biroere yn de nachten, as fielden hja de noed fan alle slachten. Vorige Volgende