De Tsjerne. Jaargang 8
(1953)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Gedeeltelijk auteursrechtelijk beschermd
[pagina 138]
| |
D.A. Tamminga:
| |
[pagina 139]
| |
bigjint Mann yn 'e Ingelske tael oan in boek oer eigen libben, dat yn 1942 to New York forskynt ûnder de titel The Turning Point, Thirty-Five Years in this Century. Sawn jier letter, as de oarloch útraesd is, dêr't de skriuwer de lêste jiertwa as Amerikaensk militair oan dielnommen hat, komt er gear oer it opnij skriuwen fan dizze autobiografy, nou yn syn memmetael. Hy skriuwt syn boek opnij, hwant Der Wendepunkt is hyn ofte nei gjin oersetting fan syn Amerikaenske wjerg'ea. Net allinne, dat it forhael nou trochrint oan 1945 ta, mar ek de earste haedstikken oer de berne- en feintetiid binne omarbeide, wylst biskate details dy't foar de net-Amerikaenske lêzer oerstallich of ûnbigryplik wiene, yn 'e Dútske versy weilitten binne. Dêr komt sûnder mis noch dit forskil by, dat it boek stilistysk oan wearde woun hat. Earne yn it Dútske wurk komt de skriuwer der alteast op, hoe'n muoite hy soms hie, de bitsjuttingsnuances fan it Ingelsk altyd krekt to ûnderkennen. Der Wendepunkt is skreaun yn in klear en gefoelich modern Dútsk; de opbou fan de folsin is direkt en rjochtút sûnder de barokke lintwjirmkonstruksjes dy't dizze tael sa maklik oan wolle. Yn tolve moai lange en knap ôfroune haedstikken giet Klaus Mann dan syn jonkheit bylâns: de ûntjowing fan in Dútsk-Westeuropeesk kultuerminske fan bern ta feint, fan feint ta man. Opwoechsen yn it libertynske biskavingsmilieu fan it âlde München, dêr't er yn 1906 as âldste soan fan de doe al bikende skriuwer Thomas Mann to wrâld kaem, mocht it him barre in âldershûs to treffen dat ta de geastessintra fan it âlde Dútsklân bihearde. It bringt him yn kontakt mei de promininten út de Dútske kunstnerswrâld, figueren dy't er, bisjoen troch it each fan in skerp en kritysk waernimmend bern, bytiden kostlik wit to tekenjen. Skerp fan waernimming is net allinne de persoans- en milieubiskriuwing, mar ek it inerlik ûndergéán fan it tiidsbarren dêr omhinne - de earste oarloch, de ynflaesje, de geastlike forwyldering yn 'e republyk fan Weimar, de seniliteit fan Hindenburg, de perversiteit fan 'e nazilieders - dat allegearre kriget in net minder yng'eande biskriuwing. De sitewaesje dêr't syn generaesje yn great wurdt, sketst Mann bygelyks mei dizze wurden: ‘War meine Generation - die europäische Generation, die während des ersten Weltkrieges heranwuchs - unordentlicher und frivoler, als Jugend es im allgemeinen ist? Trieben wir es besonders | |
[pagina 140]
| |
liederlich und zügellos? Die moralisch-soziale Krise, in deren Mitte wir stehen und deren Ende noch nicht abzusehen scheint, sie war doch damals schon in vollem Gange. Unser bewusztes Leben begann in einer Zeit beklemmender Ungewiszheit. Da um uns herum alles barst und schwankte, woran hätten wir uns halten, nach welchem Gesetz uns orientieren sollen? Die Zivilisation, deren Bekanntschaft wir in den zwanziger Jahren machten, schien ohne Balance, ohne Ziel, ohne Lebenswillen, reif zum Ruin, bereit zum Untergang. Ja, wir waren früh vertraut mit apokalyptischen Stimmungen, erfahren in mancherlei Exzessen und Abenteuern.’ Nettsjinsteande de wurking en neiwurking fan sokke deadlike ûndergong'sfielingen út de iere jonkheit, is it yn 1933 it nije Dútske regym net slagge dizze jonge ûntfanklike kunstner efter har krúsflagge to krijen. De hiele famylje Mann - alhoewol frij fan net-aryske ‘skeinplakken’ - wykte út nei Switserlân en letter nei Amearika. Yn Amsterdam rjochtet Klaus dan it kultureel emigrantetydskrift Die Sammlung op, dêr't skriuwers as André Gide, Aldous Huxley en Menno ter Braak, dus ljuwe fan ûnderskate nasionaliteiten, oan meidogg'e. Mann's haet tsjin it nazibiwâld is great, mar ek earlik en perfoarst net blyn. Hy sjocht it nasionael-sosialisme as de totale ûntkenning en ûndergong fan de wiere Dútske biskaving en hat dêr persoanlik ûnder to lijen. Foar syn suster Erika Mann, dy't as toanielspylster har polityk kabaret Die Pfeffermühle nou yn it bûtenlân fuortset, skriuwt er satiryske teksten. In sterke bining oan dizze in jier jongere suster is trouwens it hiele boek troch tige to merken; in feit dêr't Mann's bysûndere erotyske ynstelling wol net frjemd oan wêze sil. Mei har hied er as feintsje al ris in reis om de wrâld makke en mei har giet er ek nei Amearika as de fulkaen Europa op it lêst foargoed op útbarsten stiet. Ek yn de States komt de Dútske warberens fan Klaus Mann ridlik gau foar it ljocht. Hy rjochtet opnij in tydskrift op, Decision, dêr't er de bikendste Amerikaenske skriuwers in tiidlang oan wit to forbinen. Machtich is it tal figueren fan wrâldformaet dat yn de mear as healtûzen bledsiden fan dizze autobiografy opdûkt. Moetingen en petearen hat dizze kosmopolyt en Europeeske kultuerdrager foar en nei hawn mei Gide, Einstein en Garbo, mei Croce, Roosevelt en Cocteau, mei Stefan Zweig, | |
[pagina 141]
| |
Benesch en Gorki, om in pear to neamen. Dizze gelokkige bykomstichheit makket syn forhael nammersto ynteressanter, om't yn al dat bûnt forskaet in stik hjoeddeiske kultueren wrâldskiednis bleat komt. En dochs is dizze galerij fan promininten yn it boek gjin haedsaek. It is alhiel gjin samling wurden fan nijsgjirrige anekdoaten oer minsken mei in wrâldnamme. Klaus Mann is net forfallen ta de fout fan guon mémoireskriuwers en stean allinne stil by syn freonskippen mei forneamdheden. Ek as er as frijwilliger yn in Amerikaenske kaserne in basic-oplieding as militair kriget, ear't er nei it Italiaenske front ôfreizget, wit er de anonyme soldaet út syn ôfdieling mei like greate niget wer to jaen. Meinimmende bledsiden hat Der Wendepunkt as de skriuwer syn wersjen mei it forrinnewearre Dútsklân yn 1945 biskriuwt. De weromkomst yn syn bertestêd, syn petear mei in Dútsk Lebensborn-frouminske, dat op it balkon fan syn earder âldershûs har tinten opslein hat, om't it hûs sels in ruïne wurden is, syn fraechpetear as oarlochskorrespondint mei de senile Richard Strauss en de idele Emil Jannings, it binne foarbylden fan greate biskriuwingskunst. De lêste bledsiden út Mann's boek binne fan in biswarrende earnst. Net forgees binne hja skreaun yn 1949, it jier fan syn eigen frijwillige dea. Yn 'e foriening fan East en West, fan de Russyske en de Angelsaksyske wrâld sjocht Klaus Mann de iennichste útwei, sil de wrâld, sil Europa, sil ek syn eigen skeind heitelân net opnij ta nea bilibbe hecatomben forfalle. Hy is gjin bolsjewist, mar it ta stân kommen fan in wrâldoarder is foar him in conditio sine qua non. En yn dy oarder sil ek syn eigen lân, Dútsklân, ‘dies hochbegabte, gefährlich-gefährdete Sorgenkind Europas’, syn plak en syn wearde hawwe moatte. Hy sjocht de wrâld, syn wrâld, stean op in kearpunt. ‘Ich prophezeie, dasz wir um 1965 eine Welt haben werden, die sehr viel schlechter sein wird als die heutige - oder entschieden besser. Es gibt nur noch die universale Ordnung oder das universale Chaos, nichts dazwischen. Das Entweder-Oder, zu dem Kierkegaard uns auf religiöser Ebene verpflichtet - nun konfrontiert es uns auch in der politischsozialen Sphäre. Wir haben den Punkt erreicht, von dem aus nur noch ein Schritt möglich ist: zum allgemeinen Verderb oder zur allgemeinen Rettung. Jeder von uns ist | |
[pagina 142]
| |
mit-verantwortlich für die Wahl. Keine Neutralität im Zeichen des Entweder-Oder!’ De Dútske skriuwer Klaus Mann hat de lêst fan dit ‘òfòf’ net oan de ein ta tôgje kinnen. De ‘Todeswunsch’, melancholici eigen en gefolch fan in folsleine geastlike depressy, dy't yn 1942 al yn syn Amerikaenske deiboekblêdden opdûkt, hat er fjouwer jier forlyn sels yn bittere forfolling omset. Under de glandige sinne fan de Côte d'Azur, yn Cannes, leit dizze man fan de wrâld bigroeven. Hat er omdôch libbe en tsjûge? Yn alle gef allen hat er ús mei dizze autobiog'rafy in minsklik dokumint neilitten, dêr't de skiednis fan syn generaesje, fan jins generaesje, as in flamjend teken oan de muorre yn biskreaun stiet. |
|