Wylst hja song, seach hja my mar oan. It is in alderaerdichst frouminske. Hja hat deselde kleur hier as minen.....
* * *
Hantsjegeklap. Sjoerd priuwde fan syn bier. Irene kaem op him ta: ‘Jo winsken in forsyknûmer?’
Hy sette mei beide hannen syn glês del. Hy trille. Syn earm hert wie sokke grappen net wend. Mar alles soe nou oars wurde.
‘Irene’, rôp ien fan 'e theologe-hearen.
Hja hie allinne mar eagen foor my. Kollega's fan my rôpen har omdôch; net in ûnaerdige grap, Heit.
Har eagen pripten djip yn Sjoerd sinen, en sunich sei er: ‘Sliep-sêft-myn-berntsje?’
Hja frege my in forsyknûmer. En ik neamde dat sémanswiif, dat Mem destiids foar my song, sa jouns....
Irene aeide him oer 'e holle. Sjoerd waerd dwyl. Dit hie sa wêze moatten. Nou soe it komme....
Der wiene al in protte minsken en der kamen noch iderkear mear by. Deftige minsken, hear, tocht my. En dames yn tige moaije klaeijing.
It wie, as waerd hy optild. En dêr sieten de studintes en sa. Hy koe der net ien fan. Mar dat soed er nea fornimme litte. En tige biskieden knikte er dizze en jinge ta.... Mar dêr kaem Irene wer: ‘Noch in song? Jo freegje tominsten ris hwat oars as gewoan!’
En sjoch Heit, hja seach fuortendaliks mear as gewoan yn my; it wie sa dúdlik, dat....
‘It Aldershûs, Irene’. Hja lake, knypeage - en sette ôf. De ober brocht him in nij glês bier. Sjoerd skombekke. Syn knibbels - syn skonken - de Leafde streamde troch him hinne. Fan 'e oare kant fan it taffeltsje hearde er nou: ‘....Karl Barth, dy sei it krekt. Ja, fansels, men soe der oer bekfjochtsje kinne....’
Oer hwat? tocht Sjoerd, Karl Barth, dat wie.... Irene Hull, mei dyn blauwe eagen, dyn leaf snútsje, en dyn....
En opnij kaem Irene op him ta:
‘Strak Johan, 'k ha byt. Lit my nou mar. En.... hwat nou, Mynhear?’
Har earm lei om syn skouders. Hy sóé wol hwat sizze kinne....
Doe't hja my hwat frege, wist ik oars net to sizzen as...