De Tsjerne. Jaargang 8(1953)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Gedeeltelijk auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 130] [p. 130] Sjouk Koopmans: De evakue. In flinter dwarrele oan it rút foarby En optein kaem ús famke mei in blom. ‘It wurdt al maitiid’, weage ik, mar hja sei: ‘Wês wach, de wetterwolf jowt nearne om. Hy komt, hy komt en hâldt feest mei de wyn, lyk as by ús, doe't elk to sliepen lei. As wylden stouden hja de polder yn - en namen man en bern en bisten mei’. De bijen om 'e prûmebeam by 't sket, de fûgels heisterich, beam út, beam yn. It wurdt wer maitiid, mar hja leaut it net. En knypt de krokus yn har hannen fyn. Vorige Volgende