De Tsjerne. Jaargang 8(1953)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Gedeeltelijk auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 129] [p. 129] J.D. de Jong: Psychopaet. Ik sit yn 't Gesticht yn 'e hage biskûle en koe jimm' goed sjen jimme seagen my net. De dokter, de dominé en ek al de oaren in optocht fan swarten; mar foar de eagen bin 'k bang. En troch myn fingers koe ik efter dy eagen - jimm' seagen my net - de dieren noch sjen. De slangen en apen, de rotten en fisken: it stjonkdier en 't munster en dan wurd ik bang. Ik hâld my forskûle hwant oars praet in podde mei in hoed en in bril op tsjin my en moat 'k koarje. Vorige Volgende