[Nummer 5]
Meidielingen:
Wy forsykje ús meiwurkers en dyjingen dy't kopij ynstjûre, har bydragen printré ôf to leverjen. Dat is to sizzen: yn machineskrift of dúdlik hânskrift (blokletters), neffens de regels fan de nije stavering, ek hwat de frjemde wurden oanbilanget (‘List fan frjemde wurden’, útjown fan de Fryske Akademy). Fierders forsykje wy mei klam oandacht to jaen oan in goede yndieling yn alinea's en oan in krekte forsoarging fan de lêstekens. Fan bilang is yn guon gefallen ek it oanjaen fan typografyske winsken. Mocht in goedkard hânskrift tofolle forbettering easkje of oertikke wurde moatte, dan wurde de kosten dêrfan (f 1.- de bledside) fan it honorarium ôflutsen.
De Redaksje.