Yn har greate filmen hat Garbo altyd de alles bihearskjende haedrol; hja spilet dy en wit him wier to meitsjen. Dietrich lykwols is ek yn har bêste filmen, mei Von Sterneberg as regisseur, net mear as in biskaet faset dat de haedrol relief jaen moat. Yn Der blaue Engel is Jannings de figuer dy't troch Dietrich ôfroune wurdt en sa ta folsleinens komt. Einliks is hja in better soarte fan figurante, lit it dan ien wêze mei kwaliteiten. Garbo is aloan in figuer op harsels, de oaren binne tsjinspylders.
Filmen út dy jierren binne foar it greatste part fotografearre toaniel. En dan toaniel dat breed-út spile waerd, swier-romantysk en net fij fan greate gebearten. By toanielisten as Paul Huf en Van Dalsum is dat ek noch yn 'e moade, alhoewol't soks hjoed-de-dei net mear akseptearre wurdt. It hat syn tiid hawn.
Mata Hari is ek sa'n film, breed-út, fol pathos en romantyk, hwat uteraerd by de biografy fan 'e forneamde Ljouwerter spionne wol eigenskip hat. Garbo spilet de Mata Hari en Novarro de Russyske fleander dy't op har foreale is en' dy't hja, mei troch syn eigen tadwaen, de dea ynjaget. It scenario is winlik mar drakich en de film sels einliks ek, méi troch it swakke spyljen fan 'e pop-moaije Novarro-op-syn-weakst en troch de minne regy en oanklaeijng. Garbo makket der fan hwat der, nettsjinsteande de regy, noch fan to meitsjen is en wit bytiden, hwannear't hja net to folle opkeard wurdt, to oertsjûgjen. Mar dat allegearre soe de film net rêdden hawwe, as it slot der net wie: De Russyske fleander dy't blyn is troch in ûngelok, nimt yn 'e sel ôfskie fan Mata Hari, yn 'e forbylding dat hja yn in sanatoarium tahâldt. In pear nonnen gûle en dan komt de wacht om Mata Hari foar it fjûrpeloton to bringen. Dán is Garbo great, op har greatst. Weardich rint hja de treppen del, boppe-minsklik ynbannich en giet nei it rjochtplak, kearsrjocht tusken de soldaten, lange gongen troch, prachtich fan ritmyk en fotografy, net ûnder dwaende foar Faleonetti yn Jeanne d'Arc fan Carl Dreyer. Dy ein makket alles goed hwat de film foartiid misdie.
Sokke tiden muoit it jin, dat Garbo ienris lake en dêrtroch har rom oerlibbe hat.
JOAZEP WITTEVEEN.