Op it harspit:
Boalserter yn 'e tiis.
‘Dat it blêd (bidoeld is De Tsjerne, A.W.) him in kearmannich lilk makke hat, dat it net in bisprek-eksimplaer krige hie fan in ‘famkesboek, dat net litterair’ wêze wol (bidoeld is: Konduktrise, A.W.), en nou sa'n boek to lien freget fan in oar en it nou diskwalifisearret omdat it in famkesboek is en net litterair, is ek hwat in nuver gefal,’ seit de Boalserter Krante, it Tsjerne-nûmer fan Jannewaris bisprekkend.
Nou, ‘lilk makke’ is it wurd net, mar dêr wolle wy ôfwêze. Slimmer is dat der in leagen yn stiet, dy't makket dat it ‘nuver gefal’ net oan ús kant to sykjen is, mar earne oars. De B.K. seit, wy hawwe it boek diskwalifisearre ‘omdat it in famkesboek is en net litterair’. Net ien fan beiden is wier. Dy't Sierksma syn