| |
| |
| |
Inne de Jong:
De biweging en wy.
Fryslân is de noarderstjer
Alle nachten winkend wer,
De Tsjerne is in litterair tiidskrift en as sadanich gjin propaganda-blêd foar de mannichte en ek gjin politike tribune. Dizze dingen lizze op 'e wei fan de Biweging, har selskippen en organen. Us forhâlding ta de Biweging is lykwols sa direkt, ús bân mei har sa yngeand, dat in apart praetsje oer de aerd fan dizze biningen en oer de hjoeddeiske situaesje fan de Frysk-nasionale problematyk gjin ûntwijing fan de Muze, gjin profanaesje fan de kunst hoecht to bitsjutten. Hwat yn dizze rig'els biweard wurde sil is net forrassend en net iens nij, mar der binne tiden, dat it gaedlik is, bikende wierheden to ûnderstreekjen, bisteande relaesjes klam to jaen. It soe nammers ek strúsfûgelpolityk wêze, to tinken dat it litteratuer bidriuwende Fryslân yn olympyske ûnoandwaenlikens boppe de biwegingsproblemen stiet. De Fryske litteratuer fan hjoed de dei is in bern fan de moderne Fryske Biweging, hja stiet en falt der mei, hat sûnder har gjin takomst. Fedde Schurer syn boutade: ‘in dichter is in keardel, dy't fersen skriuwe kin en de plicht hat, dy to skriuwen as syn folk der forlet fan hat’, mei dan gjin ivige wierheit wêze, der sit yn ús gefal dochs frijhwat yn. Hy bidoelt fansels net, dat wy weromfalle moatte op folksaerdich provinsialisme, of goedkeap sjauvinisme op rym, mar wol, dat wy, as de litteraire wurkploech fan in lyts folk, dat op libben en dea wrakselet om rjocht en frijdom, om in eigen antlit en libbensstyl, ûngelikens folle yngeander mei it folk forboun binne as bygelyks de Hollânske skriuwers. Noch ôfsjoen fan de algemiene wierheit, dat in litteraire kaste, dy't yn ivoaren tuorren húsmannet en allinne yn alleryndividueelste ekpresjes foar in espeltsje útkarden skriuwt, op 'en dûr harsels dea eksperimintearret yn in idele romte, hawwe wy troch tiid en omstannichheden gjin oare kar, as mei alle fjochters foar
Fryslân in solidaire striidmienskip to foarmjen.
De Fryske Biweging pretendearret to wêzen, en hja is it:
| |
| |
de fortsjinwurdienster fan it Fryske folk, de kontinuaesje fan syn skiednis, de stim fan syn forwachting', de wei nei syn takomst, yn ien wurd it libjende Fryslân. En wy, berne út dit folk, libjend yn it faeije hjoed, op in biskiedend kearpunt fan syn skiednis, hawwe biwust en mei opsetsin de omstriden en forhûddûke tael fan dit folk keazen foar ús litteraire oanstriid en utering en syn lot ta uzes makke. Sommige Hollânske auteurs, dy't yn distânsjes fan Den Helder oant Nieuwpoort, en fan Scheveningen oant Winterswyk tinke (Djakarta en Kotaradja falle der tsjintwurdich bûten) glimkje wolris meilydsum om de tragyk fan de Fryske skriuwer mei syn lytse lêzersrounte, oaren ûnder harren lykwols, dy't hwat fertikaler tinke, binne wolris oergunstich op ús konkrete biningen mei groun en minsken en naesje, op ús dûbelde funksje fan skriuwer en strider. Hoe't wy der sels ek oer tinke meije, oft wy Fryslân fiele as in min to fortarren brok, dat ús swier op 'e mage leit, of as in blide opjefte, dy't ús jong en waerm en libben hâldt, it is yn alle gefallen in réaliteit, dy't ús bynt en draecht. En hwerom soene wy de klam op 'e biswieren lizze, yn sté fan de foarrjochten en kânsen to sjen, dy't dy réaliteit ús biedt? Wy binne gjin Joaden en biseffe yn de fierste fierte net lyk as Israëls bern, hwat it bitsjut, in folk to wêzen, in tael to bisitten, in mienskip to foarmjen, in nasionael doel en in greate mienskiplike forwachting to hawwen, dy't âld en jong, ministers en kellners, soldaten en dichters bisielet. Israëls ropping en skiednis, syn leed en syn forwachting binne unyk yn de wrâld fan de folken. Dêrom kinne hja, minmachtich en ûnder de binearjendste omstannichheden, yn har jonge steat wonders forrjochtsje, dy't oare stjerling'en ûnmooglik binne.
Nettsjinsteande de mythologyske oanstriid fan party idéalistyske Friezen sille wy ús der foar wachtsje en lûk net as lykweardigen foar eigen folk en skiednis parallellen. Da Costa syn foarbyld, dy't yn in oerstjûr amerij Nederlân it Israël fan it westen neamde, fortsjinnet gjin neifolging. Mar wy meije wol sûnder pretinsje fan harren leare, dat in lyts folk greate dingen dwaen kin, as it in part fan syn nasionael élan, syn mienskiplike bisieling, syn opteine solidariteit opbringe kin. Tsjûget ek ús eigen forline net fan greatens? Sûnder yn mythology of romantyk to forfallen, meije wy feilich konstatear je, dat der yn de skiednis fan Fryslân yn dizze stoarmhoeke fan Jeropa mominten en aspekten binne, dy't it de
| |
| |
muoite wurdich meitsje, jin mei jins hiele hûd foar dat folk yn to setten. Ek as wy de dream fan Frisia Magna as politike réaliteit as in anachronisme biskôgje, en gjin nije Redbad forwachtsje, dy't de swetten útleit, bliuwt der genôch oer, dat de hope libben hâldt en de striid rjochtfeardiget. Us folk hat gjin bliuwende steat stifte, gjin ympearium boud, gjin wrâldbitsjoenende kunst skepen, mar it hat al inkelde dingen dien, dy't nou noch elk, dy't der by stil stiet, forbjusterje. Né, ik tink nou net oan de slach by Warns, ek net oan it opmerklike feit, dat it jong en sterk út it wyld, springtij fan de folksforhuzing opdoek, Sels net iens oan de trou en de krêft fan ús boeren, skippers en arbeiders, dy't yn ieuwen fan frjemde kultuerhegemonij, doe't de hegerein bilies joech, eigen aerd en tael biwarre hawwe. En noch minder oan de greatens dêr't Gerretson it oer hie, doe't er forline jier yn de Earste Keamer forklearre, dat in Fries it Nederlânsk ympearium stifte en in oare Fries it forneatige hie.
Ik wiis op eat, dat hjoed de dei aktueel is, en elemintairder, faeks ek wol greater as it bouwen en brekken fan in ympearium: op de gigantyske striid mei it wetter, dy't ús foarfaers ynset, úthâlden en woun hawwe, ûnder omstannichheden, dy't ús modern bifettingsformogen fier to boppe geane. As men sjocht hwat stoarm en springfloed anno 1953 yn ien wylde nacht toweibringe, wurdt men stil fan de prestaesjes fan in folk, dat mei de bihyplikste middels, sûnder diken en faei foar elke floed langer as tûzen jier de kampslach mei de eleminten úthâldde en elke katastrophe mei syn ûnbidimbere libbensdrift oerwoun. It folk, dat yn in ûntagonklike oarde, dêr't de Romeinen fan rydbosken, yn in chaos fan sompen, banken en streamen, ivich en erflik bidrige fan de sé, syn hûnderten terpen opsmiet, dy't de wetterboukundige Dr. Joh. van Veen seldsumer prestaesje neamt as de pyramiden fan Egypte, sa'n folk hat greater slaggen woun as dy by Warns. En yn de ieuwen, dat de Gouden Hoep lein waerd, hat it in nasionale dissipline toand, in arbeidsmienskip skepen, in taek folbrocht, dy't grounslach en bitingst bliuwe fan alle kultuer yn de Lege Lânnen. Deus mare, Friso litora fecit: God skoep de sé, de Fries de igge.
Lit ús net forjitte, dat kultuer hwat mear bitsjut as niget oan de moadeforskynsels fan de moderne litteratuer. Skôgjend en skriuwend, kwatrinen en sonnetten dichtsjend, of
| |
| |
neffens de nijste moade stoarm rinnend tsjin haedletters en lêstekens, as Don Quichotte tsjin syn wynmolen, giet it ús wolris troch it sin, dat de groun sels, dêr't wy op libje en fan ite, it bloeijende lân, dêr't wy yn dreame, stride en hottefylje, letterlik in skepping is fan ús foarfaers, dy't neffens it Godlik gebot de chaos bitwongen, de eleminten oerwounen. Hwa't dêr de eagen in amerij foar iepen geane, skôget wider forbannen, sjocht swider perspektiven. Syn pretinsje wurdt lytser, syn earbied greater, syn tank positiver. It wurdt in eare en in opjefte, mei de maten forboun in sterke skeakel to foarmjen tusken de slachten, dy't gyngen en dy't komme sille, as dimmene tsjinst oan it folk, dat bliuwt. Neam dit lyryk, of byneed mystyk, it is yn alle gefallen in skôging, dy't jin mei de noas op 'e réaliteit triuwt, dy't twingt ta partijkiezen, ta aktyf en forantwurdlik libjen, boppedat ta blydskip troch alle twivel hinne. Neat soe gefaerliker foar ús wêze, as de yllúzje, dat wy, los fan de skiednis, los fan it folk en syn need, in autonome upper ten foarmje koene. Lúkse-eksimplaren, dy't per graesje en frijbliuwend Fryslân wolris in ielmis jaen wolle út de skat fan har kunde of artistyk formogen, dy't gjin bining yn tiid en romte f iele mei it eigen folk, dy't spytgnyskjend delsjogge op sa'n ordinaire biweging, dêr't foar harren gjin eare oan to biheljen is, hat Fryslân net it measte forlet fan. De wurkbij hat fruchtberder funksje yn de kosmos as de rashoun, dy't efter syn eigen sturt oansit en nachts tsjin de moanne gûlt. It ienfâldichste kritelid, dat syn skuldige plicht docht, hat mear diel oan de skiednis fan syn folk as in namme-op-poaten, dy't objektivearjend yn in sterile romte wjokkelt. De lêste kinne wy misse, de earste is in djûr bisit. De boeren, dy't by Warns fallen binne, sille wy bliid
bitinke, in hear, dy't doe op syn stins bleau, is forgoed forgetten. De Tsjernerounte is lokkigernôch gjin éliteploech, dy't frij fan de Biweging om eigen as draeit. Hja is út de Biweging berne, woartelt der yn en kin út dy libbensgroun allinne bloeije. As der al fan élite sprake is, dan yn dizze sin, dat oan de iene kant har skeppend en skôgjend wurk de namme fan Fryslan ynhâld jaen sil, oan de oare kant, dat hja op it front foaroanstiet. Hwa't de measte talinten hat, hat ek de greatste forplichtingen. It sil de Fryske skriuwer in eare wêze, dat er ridderslein is ta strider.
Tige konkreet: hy fielt him better thús op 26 Septimber njonken de âld boer fan it Klif, in Himmelommer arbeider,
| |
| |
in Gaesterlânske faem, by it liet fan wyn en weagen, as yn it selskip fan swellesturten en wite boarsten yn de Amsterdamske Stedsskouboarch. De hear Gomperts bigrypt dêr likemin hwat fan as in trochsné haechske doarwarder. Untwoechsen as hja binne oan elemintaire, bifruchtsjende libbensforbannen, sille hja, út de sfear fan it asfalt wei, nea ynsjen, dat de kar fan de Fryske artyst hjir net biskaet wurdt troch forlegenheit of oergunst, mar troch yntuysje en greatskens. Dêr't it libben fan syn folk bidrige wurdt, hoecht men him net to twingen of op to roppen, mar stiet er as frijwilliger yn de bres. By de rebûlje op it Saeilân stie er foaroan. Skriuwers moasten by mr. Hollander op it matsje komme, in dichter hold er fêst. De ûnnoazelheit fan in pear amtners hat de Fryske skriuwers yn steat steld, in dúdlike demonstraesje to jaen fan harren opfetting fan it élitebigryp. Fan dy kant hoecht Fryslân yn 't algemien gjin forried fan de yntellektuëlen to eangjen.
It komt der nou op oan, dat wy wach bliuwe, de koppen koel en de herten gleon hâlde. De striid fan de neiste takomst is ûngelikens folle nuodliker as dy fan Kneppelfreed. As der stokken swaeije en út unifoarmen wei flokt wurdt, is de kar ienfâldich, mar as men ús fortokje wol mei bylkjende ûnthjitten, of paeije mei ielmissen, moatte wy op ús iepenst wêze. Alles wiist der op, dat der fan Dr. Vroom syn biloften to Boalsert neat op 'e hispel komt, dat Den Haech dôf bliuwe sil foar de ienfâldichste en rjochtfeardichste fan al ús easken: forplichte ûnderwiis yn it Frysk. Nei fjouwer ieuwen royale solidariteit hawwe de Friezen yn dit ryk minder rjochten as Papoea's en Dútskers. Yn in prachtige, fan greate steatsmanswysheit en soune demokrasy tsjûgjende forklearring hawwe ús Fryske Steaten warskôge, de oerheit sil in biwâld fiere, dat biwust rjochte is op bihâld en forsterking fan de Fryske tael en kultuer. Hollânske paedagogen forklearje, dat de tsjintwurdige tastân fan it ûnderwiis yn Fryslân it Fryske bern knoeit en remmet en yn striid is mei de moderne wittenskip. Den Haech lit harren prate en redendiele en hâldt de knoop op 'e pong. Tsjin alle wysheit en wittenskip yn sil ek fierders de tael fan it Fryske folk, de âldste yn dit ryk, as Jiskepûster bihannele wurde. Dêrmei is de mjitte mear as fol en bliuwt der neat oars oer, as de saek skerp to stellen. As der troch ûnbigryp fan hegerhân in akút mindertalle-probleem skepen wurdt, binne wy net forantwurdlik foar in oanboazjende forwidering en forbittering.
| |
| |
It is to hoopjen, dat de hiele Fryske artystewrâld hjoed har plicht klear forstean en forheftich alarm slaen sil. Hwant de gefaren dy't wanke binne greater as ea yn ús skiednis. De diken binne kapotslein, Fryslân stiet splis, it goare wetter fan in massakultuer fret oan de founeminten fan ús folksbistean. Wylst wy litteratuer bidriuwe, de Biweging arbeidet yn in great tal selskippen en org'anen, strûpt it folk, warleas en ûntwapene as it is, der ûnder. Hwa't eagen en earen iepen hat en bygelyks de tael biharket fan ús bern en jongerein, giet de grize oer de grouwe. Sûnt 1945 forbastert de folkstael yn in forbjusterjend tempo ta in karakterleas bargedútsk, dêr't Fries en Hollanner harren beide foar skamje. As der yn in krekte statistyk fêstlein wurde koe, hwat der yn acht jier tiid bidoarn en fornield is, soene de forsichtichste strategen kjel wurde. Sjoch ek ris nei it tal Fryske advertinsjes, dat der nei fjirtich jier moderne biweging, ek nei Kneppelfreed, yn ús kranten stiet. By de oergong fan '52 op '53 wiene fan de mear as njog'genhûndert nijjierswinsken yn de Fryske Koerier.... 1½ % Frysk. Fan de hurdridersadvertinsjes, hast allegearre fan iisklubs mei klinkende Fryske nammen, 0 %. Sokke simpele feiten sizze mear as in lange rede. Hwant hjirre krekt: yn syn typyske folklore en by syn nasionale sport, mocht men forwachtsje, dat it folk him uterje soe yn syn eigen pittige tael, it brûkt lykwols sûnder euvelmoed in sleau en ôfslipe Hollânsk. Soks wiist op in needlottich minderweardichheitskompleks, op in libbensgefaerlike sykte. Hwat jowt it, dat al ús fé t.b.c.-frij is en it folk hat de fleanende tarring?
De neiteam fan de dyk- en terpebouwers, dy't hjir út sé en sodze in bloeijend lân skepen hawwe, leit hjoed warleas foar ebbe en floed. Wy skriuwe en skreppe, mar soms bikrûpt jin de ergewaesje, dat tsjin de floed fan Hollânske kultuer en ûnrant, dy't binammen fia skoalle en radio ús folk nacht en dei bispringt, ús wurk net mear bitsjut as it smiten fan hwat sekken sân yn de wieljende stream. Wylst it slagget mei uterste kriich in pear gatten ticht to krijen, slane jinsen de diken oer kilometers wei.
Hjoed is de tastân sa, dat de Fryske geast yn in ûnderstrûpt lân wer op terpen tahâldt. De foarfaers hawwe it langer as tûzen jier op har klingen úthâlden, mar ús tiid is binearjende koart. De partijen en de wapens binne to ûngelyk. Der is mar ien remeedzje, ien ôfdwaend middel: breed en modern opset forplichte Frysk ûnderwiis. Dat is
| |
| |
de Gouden Hoep, dy't nou om it folkslibben slein wurde moat, sil it net forgoed forsûpe. ‘De taal is gans het volk’ mei theoretysk in omstriden stelling' wêze, hjoed-de-dei moat it ús aksioma wurde. Sûnder 't Frysk gjin Fryske seden, sûnder 't Frysk gjin Friezen mear.
Earst as de ryksregearing ús dit elemintair minsklike rjocht ynskikt (en dêrmei tagelyk de geastlike herbiwapening fan Nederlân bifoarderet), hawwe wy in machtich wapen tsjin de moardzjende massafikaesje. In jongerein, dy't net langer analphabeet is, dy't kunde hat oan eigen skiednis, dy't de Fryske lieten leart, dy't eigen lân en folk ûntdekt, kriget wer kâns op in harmonyske ûntjowing, op in fan binnen út groeide kultuer, dy't it bêste fan oare folken opnimme en forarbeidzje en it fordjer tobek slaen kin. As de Gouden Hoep lein is, kin it leechmjellen en kin de opbou yn greate styl bigjinne.
Dêrom is it saek, dat de Biweging as ien man en macht efter dizze eask stiet en har fan elke tribune propagearret. Biseft hja dat, hat hja oer de hiele bridte aen fan de need, dêr't wy yn forkeare? It liket my yn dit forbân in nuodlik symptoom ta, dat Folkertsma as foarsitter út de Biweg'ingsried stimd is. As wy ea forlet hawn ha fan in radikale lieding, dan is it hjoed. In tuike-tuike-taktyk, dy't oan eigen hoflikens biswykt, soe fatael wêze. Der moatte nou spikers mei koppen slein wurde, der moat neffens in kleare strategy rjocht op it doel oanstjûrd wurde. Men ûntkomt net oan de yndruk dat party, by alle goodwill, de need ûnderskatte en dêrom de needsaek fan radikale taktyk net ynsjogge. Soene ek ús deiblêdden, dy't yn sokke goede hannen sitte en sa'n ûnbidigen ynfloed hawwe, de gelegenheit om it folk yn nasionale sin (en yn de eigen tael) foar to ljochtsjen, noch net better binutsje kinne? De striid om it bihâld fan Fryslân is in nekke-oan-nekke-race mei de tiid wurden. Elke dei útstel is in wike forlern.
Fan de terpen ôf, dêr't it Fryske libben hoede wurdt, sil de Biweging in fûleindich offensyf ynsette moatte. Ek ús Parnassus, bruorren en susters yn de kunst, is ien fan dy terpen. Wy binne gjin taskôgers út in artistike himel, wy binne partij yn it drama, dat yn in rêd tempo nei syn krisis spilet. Us litteraire produksje hat twa kânsen: opburgen to wurden yn it museum fan in stjerrend folk, of in (greater of lytser) monumint to wêzen op de wei nei in blider takomst. Wy binne de lêsten fan de Mohikanen, of de troubadours
| |
| |
fan in nije tiid. Dat de dynamyk fan it striidbere libben, de organyske forbounens mei folk en skiednis ús artistyk formogen biknotsje of fulg'arisearje soe, is in forsin út in oerwoun tiidrek. In folk, dat as in nachtkears útgiet, kin de kâns op in bihoarlike kultuerprestaesje wol opskriuwe, in stridend folk, dat oan de takomst leaut, kriget dreamen en fisioenen. De affears fochten op har terpen tsjin it gewelt fan de eleminten, mar bisylden ek de séen fan Jeropa. De tiid is foroare, ús opjefte is lykwols yn de groun gjin oaren en great genôch, om ús der hertstochtlik foar yn to setten. Binne hja nammers to skieden, ús litteraire oanstriid en ús leafde foar Fryslân? Makket de dûbelde funksje fan skriuwer en strider ús net ta komplete en konkrete minsken, dy't midden yn de tiid steane en syn rop folgje? Us iennichste kâns, ús ienfâldige plicht, en ek ús eare is, in weardige neiteam to wêzen fan it skaei, dat út skom en weagen dit lân skoep en tagelyk nei de kimen reizge.
|
|