Dou hast wol in bytsje húslikens fanneden.
Letter altyd. It bisette syn boarst, hy koe net frij mear sykhelje. Letter altyd. O deale, hjir moat ik hwat fan sizze.
- Letter altyd? Mar dat is noch hielendal net wis, fanke.
- Né, dat wit ik wol, mar it liket der dochs op mei ús, fynst ek net?
- Nou ja, lykje, mar der kin noch safolle barre.
- Fansels, mar lit ús nou net oan rare dingen tinke. Joun binne wy lekker gesellich thús, hwat dou, en hwat kinne ús dy rare ding'en skele, nou?
It snijt my troch de siele, tocht Marten. Mar ik kin it har net sizze, nou net. Moarn mar. Fannacht op 'e weromreis sil ik in plan útbriede. Hy makke him hwat frij en taestte nei syn pipe:
- Kom, earst mar ris smoke en dan in bakje thé. Ik bin suver wurch fan dat ein fytsen.
- Wolst even op bêd lizze? frege hja, oereingeand. - Hjirneist? Dan bring ik dy aenst thé.
Op bêd, - der like gjin hearliker foarrjocht as dat. Lizze, langút, en nearne om tinke, gjin forlet hawwe, allinne mar lizze. Hja hie de doar fan har sliepkeammerke al iepen fierd en knipte it ljocht op:
- Dou moatst strak noch in hiel ein fytse.
- Mar jim heit? As dy ris boppe komt?
- O, dy komt net foar ienen. En dan fornimt er noch neat.
Under yn it kafé wiene lûden fan kreauwende manlju, dy't om gjin nei hûs gean tochten.
Marten gyng de sliepkeamer yn, loek syn skuon út en klaeide him heal út. Hy biseach de situaesje. Printsjes út in Sneinskrante seagen him oan. In reklame-kalinder foar hinnefoer peare mei in lewantdoek fan pearse side. In pear fleskes mei rûkersguod en in tube crême leine op in plankje oan de muorre timmere.
Hy loek it ljocht út en lei. In knappenien dy't my hjir wer wei kriget ear't it daget, tocht er noch dizichwei. Hy hearde har omskarreljen mei in trekpôt, in kraen gyng sûzjend troch it hiele hûs, de mannen ûnder bearden mei ôfdutsen lûd. Doe waerd it stil, hy liet him weisûgje yn in dreamleaze djipte, in grêf, in kolk, de iennichste langstme fan dit stuit.
Efkes letter skrille er wer omheech. Hja stie foar it bêd. De kombinaesje wie grotesk en flokte tsjin alle styl.