De Tsjerne. Jaargang 8(1953)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Gedeeltelijk auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 111] [p. 111] T.A. Brattinga: Trije gedichten. De klokken liede wûndersêft hwer bistû? ik plôke blommen yn it gers reade, lykastû my leardest; hwer biste nou? ik wachtsje lang al mei de blommen yn 'e hân wês net bang seit de sang fan 'e klokken oer it lân hwer bistû? ik kin de blommen net weromjaen inkeld foar dy de woartels kinne har funksjes net dwaen inkeld foar dy foar dy sille dizze blommen wêze Hwer biste nou? Juster haw ik om dy socht, om dyn blauwe seine. Ik haw gedichten makke en tocht dou komste. Mar seagen alle dichters net dat leafde sa tear is as blommen? Ik wachtsje. Hwer bistû? Mar moarn biste kommen. ** * Ik bin allinnich by dy sitten gien en seach de himel iepen as dyn hert. Ik seach nei 't fjûr en hoe't in sinnestriel de winter rikte har forlet.... Ing'len dounsen doe nei ûnd'ren, wite wolkens tear en sacht. Ik haw myn holle yn dyn hân forskûle en wachte op 'e nacht. [pagina 112] [p. 112] Doe letten klokken fier oer 't gea; ik wist net oft ik dreamde - mar fûl en lokkich waerd myn bea: kom, dy't myn libbensklaed omseamde, nim mei dy't langet nei de rêst; sterkje de freonen, sterk je de minsken; bliuw foar ús ider de ienige kêst, bliedend yn 't offer, bloeijend to'n lêst. Doe waerd it stil yn 'e stille stiltme; doe kaem de rêst yn 't sêfte hert. En oft ik libbe of by har sliepte, ik kin it net sizze, hwant ik wist it net. * * * Sa stil nou't alle lûden fordôve yn dizze keamer komme, en ik mei it sinneljocht op wite stille muorren stoarje yn tinzen sûnder foarm, sa stil as nou is inkeld mar it libben fan in hert. Allinnich eigen lûd is tekene 't forskouwen fan in boek, in stoel en oars neat, as bylden stil en stom as 't waerme ljocht. Hwer bliuwt de langst as alle bining fier is en brutsen? Der slacht in toer, hoe let dat wit ik net; ik bin hjirre omdat ik bin, en ik wachtsje, wachtsje al salang.... Ik wit, it libben sil foroarje der is in frede ûnmeidielber in blom ûntteart him, wyt en skou. Vorige Volgende