| |
| |
| |
Anne Wadman:
Dichterlik geheimskrift.
It is net mooglik en jow yn koart bistek in djipgeand ynsjoch yn de stylwearden dy't it dichtwurk fan Obe Postma yn Fryslân ta sa hwat útsûnderliks meitsje. Dêrta is in spesiale stúdzje nedich dy't gâns tiid en boppedat gâns tariedend methoadysk wurk freegje soe. Yn myn koartlyn forskynde ‘Fryske Fersleare’ haw ik op bls. 151 al opmurken, dat de inversy-forskynsels yn syn fersen winliken in ôfsûnderlike stúdzje easkje. Sa'n breder ûndersiik nei de syntaktyske forskynsels soe net allinne foar it forstean fan de dichterlike foarmprinsipes yn it generael fan great bilang wêze, mar ek foar dat fan dizze alhiel op himsels steande dichter yn it bisûnder. Hwant wy hoege der net om hinne to heljen: Postma mei de eare dien wurde dy't him takomt, hy mei de Greate Broer wêze fan de forneamde doarps- en geadichters, hy mei brûkt wurde as leverânsier fan materiael foar bernefoar-drachtkrigen en yn guon fan syn uteringen ek indied fan ‘it folk’ forstien wurde, - hy heart lykwols earder ta de ‘tsjustere’, de ‘slimme’ dichters fan it type fan Boutens en Valéry en Vestdijk as ta it type fan de ‘iepen’ dichters, dat fan Bloem en Verlaine. It mei wier wêze dat it wurd ‘iepen’ ien fan de kaeiwurden ta syn dichterskip is en dat syn wurk tige it wêzen hat fan it autobiografysk-egotistyske en persoanlik-ûnthullende, like wis is dat de formule fan Boutens oer it dichtsjen as in ‘zich versteken in schoone onvindbaarheid’ op him fan tapassing bliuwt. Syn foarkar foar Rilke, Boutens, Verweij en Emily Dickinson is dan ek makliker forklearber as dy foar Slauerhoff.
Yn it ramt fan dy ‘Fersleare’ haw ik net mear dwaen kind as in mannich losse suggestjes jaen en dêrmei in grounslach dêr't, itsij yn positive, itsij yn negative sin op fierder boud wurde kin. De opset liet net ta dy losse opmerkingen ta in gehiel gear to fetsjen, lit stean dat it mooglik wie en sneup de ûntjowing fan Postma's dichterskip neffens de stilistyske oarder nei. Dêrta ûntbrekt nammers ek de stilistyske methoade. Stylûndersiik is noch mar amper in bigjin mei makke yn Fryslân, dêr't oan 'e
| |
| |
iene kant de klassike 19de ieuske filology fan de histoaryske skoalle en oan 'e oare kant it dilettantysk, mar flitich sammeljen fan folkstael-forskynsels (‘idioom’) noch foar master opslagge. Prof. Brouwer hat de earste west dy't, oan 'e hân fan it proaza fan R.P. Sybesma, impressionist by útstek, bisocht hat it ynventarisearjen fan Midsieuske teksten en it idioom-sneup-stadium troch to brekken mei in ûndersiik nei stylwearden. Sels it Frysk-nasionale hillichdom fan Gysbert Japiks hat as stylobjekt tsjinne foar amper mear as in haedstik yn in algemiene biografyske monografy en in inkeld tydskriftartikel.
As wy it hear fan Postma syn stilistyske eigenaerdichheden oersjogge, moatte wy dêrby, faute de mieux en sûnder de saek theoretysk to stellen, útgean fan in as fêststeand feit akseptearre ûnderskied tusken de saeklik-nochtere, objektive tael fan de deistige omgong èn de tael as magysk-dichterlik phenomeen, en dêrby it misforstân riskearje, dat men it twadde as in derivaet fan it earste sjen sil. Twa haedmominten falle ús dan alderearst op: it bisûnder gebrûk fan it eigenskipswurd, dat wol tige de impressionistyske kant út wiist; en de eigenaerdichheden fan de sinbou, de syntaksis: ôfwikings fan de foar ús biwende en ‘normale’ skema's yn de opbou fan de sindielen: ûnderwerp, stelde, foarwerpen en bipalingen. Ek dit lêste wiist de impressionistyske kant út: Hollânske skriuwers as Jac. van Looy, Arij Prins en Louis Couperus hawwe dyselde syntaktyske ôfwikingen yn mear of minder mjitte yn har proaza. Dochs skrilje ik der foar werom, Postma oer alle boegen it suvere type fan de impressionist to neamen. De forhâlding tusken syn styl en syn filosofy leit nammers oars as by de echte impressionisten. By dyën nammentlik is de styl, d.w.s. it yn wurdfoarm bilibjen fan de réaliteit, primair en komt de filosofy, às hja komt, pas letter, as in einichste bifrediging fan de primaire honger nei bilibjen, as in rêdding fan de sintúchlike chaos, in bitwingen derfan, in oplossing. By Postma is de filosofy gjin oplossing, hja is yn oanliz fuortdaliks oanwêzich en freget allinne mar in bifêstiging yn de styl. By alle ‘leafde ta de ierde’ dy't út syn wurk sprekt, makket de ‘matearje’ fan syn dichterlik taelgebrûk in ûnstoflike, ûn-ierdske yndruk. De honger fan de sintugen nimt by him tige reservearre foarm oan, it is
earder in honger nei in algemiene, oan de idé Fryslân boune sfear, dêr't de foarwerpen de
| |
| |
taestbere symboalen fan binne, as in honger nei it bilibjen fan it konkrete, plastyske détail, fan it foarwerp-an-sich. Sûnder mis is Postma syn bilibjen fan it kleur-, rook- en lûdoantsjuttende adjektyf impressionistysk, mar dan dochs fan in biskaet soarte fan impressionisme. Dy adjektiven ntl. (ik neam: gouden, blinkend, blank, bliid, blau, ljocht, ryk, stil, klear, fier) ûntliene har sugg'estiviteit net oan har eigen bisûndere wêzensfoarm, likemin oan har pleatsing yn it gehiel, mar yn it foarste plak oan har algemiene, for-algemienjende wearde en oan har greate frekwinsje. Hja appellearje oan inkelde tige algemiene gefoelens en minder oan in uterst fine persoanlike gefoeligens. Fan eigen-makke en gearstalde eigenskipswurden is bygelyks mar komselden sprake. Dit wiist der op, dat Postma syn adjektiven net yn 'e earste pleats détail- en sfearoantsjuttend en pinsieljend wêze wolle, mar hinnewize nei it filosofyske, dat men sjen kin as in sintrale wiisheits-kearn mei dêromhinne in sfear fan algemiene, mar oan dy kearn forboune gefoelens. Yn de ientoanige, iderkear weromkommende adjektiven fan simpele foarm leit, liket my ta, de forbining mei de gefoelskant fan syn filosofy, wylst de forbining mei de forstânskant, dus de yntellektuële kearn fan dy filosofy, earder to finen is yn de syntaktyske eigenaerdichheden. Dêrre ek blykt op 'en dúdliksten dat Postma syn foarm, it stal fan syn fersen lang sa foarmleas en tafallich net is as it faken liket, mar sûnder mis biantwurdet oan in eigen ynskepen prinsipe, in eigen entiteit.
Hwant dizze foarm (ik tink hjir yn 'e earste pleats oan de strophyske fersen en net sasear oan de frije, dy't nammers ek noch altyd in minderheit foarmje) is allinne foarmleas as men sjocht nei de útwindige ferstechnyk, nei faktoaren as metrum en rym. Rymtechnyk is amper hwat fan to fornimmen en mei inkelde útsûnderingen is it metrysk skema ek altyd ienfâldich en sljochtwei jambysk. Ek hjir oppenearret him Postma's oanstriid ta reservearring. De technyk lûkt him werom fan it uterlik fersfoarmjende nei it mear ynwindige. Hwant nei binnen ta is de fersfoarm fan Postma tige foarm- en doelbiwust. Dy foarmbiwustens uteret har yn de faek tige konstruktyf opsette sinbou. Omkearde inversy (mei in foaroppleatste en dus sinomkearing easkjende bipaling foarop dóchs earst it ûnderwerp en dan pas de tiidwurdfoarm), type: ‘Op 't hôf (bipaling) in inkle teister (ûnderwerp) Woechs (tiidwurd) om in grize stien.’
| |
| |
Inversy yn de haedsin, type: ‘Teare blomkes SEFTKES weve.’ Efterútskouwing fan it objekt, type: ‘Hoe fiel ik oan dy greide MY bisibbe’ of fan in bywurdlike bipaling, type: ‘Har earizer blinkt yn 'e sinne FIER’. Foaroppleatste byfoechlike bipaling, type: ‘'t Is FAN OMHEECH de kleare sinneskyn’. Ta de syntaktyske eigenaerdichheden hearre dan fierder noch forskynsels as de rhetoaryske frage (dy't men hjir amper noch ‘rhetoarysk’ neame doar, sa tige is hja toraend yn it mimerjend notearjen fan it deistich bilibjen) en de foarbylden fan elliptyske en brutsen sinnen, dy't ek yn datselde deiboek-ramt tige passe. Beide winne hja yn 'e rin fan 'e tiden oan. It tilt yn ‘It sil bistean’ en de lettere gedichten, mar ek earder al fan de fraechtekens en de sinnen sûnder tiidwurd fan it type: ‘Noch in boek mei hwat sangen; hwat witnisspul út âlde brief biskreaun?’ ‘En lang gjin daegliks winkelfront!’, ensafh., soms oer in hiele strophe:
Forware stobben, út de mantel bleaun,
As frjemde munsters - tafel, heksestoel;
Ien beam noch foars oerein, de mânske kroan
Nei 't easten oer; biskutter sûnder doel.
As wy dan fierder noch antithese, chiasme en herhelling neame as by Postma frekwinte stylfigueren, dan mei dat foldwaende wêze om syn dichterskip folle mear foarmfêst en doelbiwust to neamen as algemien oannommen wurdt. Mar it is in reservearre foarmfêstens, net utere yn opfallende, útwrydske byldspraek, mear nei binnen keard as nei bûten út streamend. Yndied is it lêste part fan Postma syn dichtwurk ien oanhâldende monologue intérieure. En sels de tige faek foarkommende útrop ‘O....’ is gjin útrop mear nei bûten út, mar nei binnen ta.
Ien spesiale kwestje freget noch ús oandacht by it skôgjen fan Postma's tael, en grif net de maklikste. Ik bidoel dy plakken dêr't syn tael it algemien bigryplike en tagonklike bigjint to forliezen en oergiet yn in tige persoanlik ‘geheimskrift’, of dêr't men hommels de poetyske glâns mist en it fers stroef en, alteast uterlik, neatsizzend wurdt, dêr't men yn 'e wille komt en sprek fan ‘stammerjen’ en ‘jeuzeljen’. In feit is dat dit karakter fan geheimskrift as sadanich yn de lettere fersen mear oan it ljocht komt as yn de eardere. Men stjit hjir wol 'k leauwe op in tsjinstelling yn Postma's dichterlik wêzen
| |
| |
tusken de langstme nei ‘iepenheit’ (hjirboppe neamde ik al it wurd ‘iepen’ ien fan de kaeiwurden ta syn dichterskip) en ‘bineamen’ (ek sa'n typysk Postma's kaeiwurd) èn syn oanstriid ta it ‘zich versteken’, in tsjinstelling dy't wol tige by tige iepenbierjend is foar syn dichtwurk. Op dy plakken binammen komme de fraechtekens en de brutsen sinnen, fiert de dichter it petear-mei-himsels of mei de lêzer (hwat amperoan itselde is) en notearret er yn telegramstyl oant ûndúdlikwurdens ta. Dan is der in taestend sykjen om wurden foar it hast ûnbineambere, in tsjinaksel tsjin alle rhetoryk en tsjin it offisiële poëtyske wurd dy't wolris yn it a-poëtyske omslacht. Dan stjitte wy op ‘ûnpoëtyske’, sloppe passaezjes of op in stroefe, wjerstribbige en net klear útkristallisearre dichterlike foarmjowing. Hwant by al syn driuw nei losheit en iepenheit is dochs ek it forlet oanwêzich om it mei in minimum oan wurden ôf to dwaen en allinne foar de ‘goede forsteander’, dy't in heal wurd genôch is, forsteanber to wêzen. Hjir fine de gedachten har wjerslach yn in taelfoarm dy't foar de oan glânziger en floater poëzij biwende lêzer justjes ûnder it needsaeklike spanningsniveau leit. Hjir lizze foar de ûngeduldige lêzer de doffe plakken dêr't er gjin wei mei wit. Hjir gjin wide suggestjes of kleare, trochsichtige, spande en ôfroune formulearringen. Hjir giet it persoanlik en stilwei mimerjen oer yn in geheimskrift dat ûntsifere wurde wol, of leaver (it giet hjir lang net altyd om it strikt logysk bigryp): dat as poëtyske spanning bilibbe wurde wol. It binne dizze ‘ûntspanningen’ binammen dy't de geduldige en fine oandacht hawwe moatte fan dyjingen dy't der oer gear wolle (it is grif gjin
ienmanswurk) it stilistysk spoar fan Postma syn ûntjowing nei to gean en ôf to taesten. It koe dan bliken dwaen, dat ek dizze doffe plakken en hakkelige passaezjes de utering binne fan in algemiene reserve, in tobekhâlden, in ynhâlden, en dat men hjir net prate moat fan in dichterlike ûnmacht, mar fan in biwuste machtsôfstân dy't yn wêzen machtsformeardering bitsjut. Dit is wis: hwer't dy doffe plakken har uterje yn aparte wurden, sil it faek bliken dwaen, dat it just kaeiwurden binne, en dat hja, algemiene en op harsels neat-sizzende, yn it gehiel fan Postma syn dichtwurk krekt sinfol binne en in folle pregnanter wearde hawwe as men yn 't earste oankommen sizze soe. Ik neam hjir wurden as: nimme, komme, hawwe, neame,
| |
| |
barre en jow as foarbylden: ‘O dat ek harren kaem it witten fan de stam’, ‘En fan it lân kaem my it ljochtste liet’, ‘Mar sérop komt, en mei giet hwa't net soe.’ Tige dúdlik is it ek yn de bitsjutting fan it wurd ‘bard’ yn it folgjende sitaet:
't Is yn har siele my fan 't iv'ge bard.
Dat dizze plakken yndied allinne yn in persoanlik taelgebrûk ta libben komme kinne, soe men biwize kinne mei de rigel:
Dochs koft ik wol; hoe koe it oars hast rinne?
fan Postma sels yn it Hollânsk fortaeld as (‘Frieslands Dichters’, bls. 107):
Toch kocht ik er; en zonder zwaar bezinnen.
Soe men ek it Frysk hjir in utering fan poëtyske ûnmacht neame wolle, wis is, dat de Hollânske foarm noch ûnder dat spanningsniveau leit en dúdlik ynjown is fan rymtwang.
Ta einbislút signalearje ik in gefal dêr't de machtsôfstân yndied ta logyske ûndúdlikheit laet, dêr't de poëtyske glâns der yndied ôfskrabe is dat der neat as brokkelige, brutsen, lapidaire taelmatearje oerbliuwt:
In fryske feint; mar mei formogens mear
As Fryslân. Sûnder maetskip; frij
Ta frjemde gongen bûten sede en pliich.
O, as ik it doarst... sa, somstoun', wy.
(By de dea fan de dichter Slauerhoff.)
Hjir hat it dichterlik geheimskrift yndied eksperimintele foarmen oannommen. Mar hwa sil sizze of't, as it der op oankomt, rigels as dizze net mear minsklike en poëtyske ûntroering, dus wearde fortsjintwurdigje as gâns glêdde, cleanshaven fakmanssonnetten?
|
|