| |
| |
| |
Kommentaren om in wize holle.
Birutsen Vitalisme.
Obe Postma syn dichtwurk, dêr is de hjoeddeiske jongerein, foarsafier't hja it noch opbringe kin en fyn de rêst dy't nedich is om gedichten to priuwen, fakentiden mei oan. Hja wolle de wearde fan syn wurk, sa't dy, de lêste jierren binammen, breed útmetten is, graech oannimme, mar yn de persoanlike konfrontaesje bliuwt in distânsje tusken har geast, ynsteld op dynamyk yn alle foarmen en de geast fan syn wurk.
Etiketplakken is sa maklik en men heart dan soms de term ‘forâldere’ yn dit formidden; it noflike fan dat etiket is, dat men jin qua wurdearring op 'e romte hâldt: it is posityf noch negatyf, mar it jowt allinne de distânsje oan.
Lykwols roait it nearne nei, hwant Postma's wurk kin net forâlderje omdat it sa ‘tiidleas’ is. Men fynt der yndied net de dynamyk fan de tweintichste ieu yn, net de útwindige spanning fan it eksplosive wurd of it hastige rhythme, mar der bliuwt ûnder de bistille gong fan wurden en ferserigels in ynwindige, psychologyske spanning dy't fan alle tiden is, nammentlik de spanning om de forgonklikheit.
Dy spanning liedt by Postma net ta in flecht yn it forline los fan it hjoed, noch ta in bitter birêsten yn it hjoed, sûnder leauwe oan forline of takomst, mar ta in opheevjen fan 'e tiidsfaktor. Hy oerwint de forgonklikheit troch in ponearjen fan it bliuwende: de natûr, de ierde, de wikselgong fan 'e minskeslachten en dêryn komt er dan safier dat ‘it Nou wurdt wei’.
Efter it forskaet, it dynamyske, it wikseljende fan it momint, leit in ienheit sûnder tiidsbigrinzing.
Dy bûtentiidske réaliteit hat foar him de sfear fan in stille, ljochte Snein en hy bisiket troch bitsjoenende herhelling fan krekt de wurden ‘Snein’ (as it wurk rêst), ‘middei’ (as de tiid effen skoft liket to hâlden), ‘stil’ en ‘ljocht’ dy sfear op syn lêzers oer to dragen.
Beide réaliteiten binne laden en it gedicht ûntstiet as in ûntlading hwannear't er de momentane réaliteit opnimt yn syn visy: dan kin er oan 'e iene kant forline èn takomst omfiemje:
‘en ta ien stream torint it doe en hjoed......’
‘hwat stoar giet net forlern! It wêzen bliuwt,
en oan 'e oare kant de relativens fan it minsklik dwaen en skreppen sjen.
Dit ôfstân-nimmen bringt dy mylde humor, dat glimkjend meilibjen, dat it wurk fan Postma syn aparte aroma jowt. By syn oerforbounens oan alle skepsel bilibbet er de libbensienheit en yn ienheit krijt ek it meast deistige in symboalyske eftergroun, bliuwt gjin ‘Ding an sich’ yn de allinne momentane réaliteit. Mar dat bringt mei, dat de dichter gjin forienselvigjen fan subjekt en objekt ken: syn toan bliuwt biskriuwend, omskriuwend, forheljend. Hy lit de dingen en de minsken fan al den dei sjen yn in
| |
| |
nij ljocht: dat forklearret faeks it rynsk gebrûk fan vokativen.
Foar hwa't gehoar joech oan syn rop en ynkeard is ta it wêzen fan syn wurk, is it kleardernôch, dat Postma fan gjin uterlike stilistyske middels forlet hie om de spanning oer to dragen: syn gedichten geane har eigen gong, meast yn fjouwerrigelige strofen sûnder enjambeminten.
It folslein binefterbliuwen fan 'e foarm (loslitten fan elts rymskema) by de ynhâld, is trochbrutsen yn de kwatrinen, de ûtkristallisearre foarmen fan syn birutsen vitalisme, dêr't de ienheit fan tins dizze tige elemintaire ienheit fan foarm oannimt.
U.J. BOERSMA.
| |
O. Postma as ‘Greatfrysk’ polemist.
‘Dan, tink net dat ik oars bin as de dichters fan in greater tael; As hja neame hwat de dichter biwege kin, moat it ek it wêzen fan myn siele hjitte’.
Yn skôgings oer it wurk fan O. Postma lêst men ornaris dat syn ûntjowing bûten ‘De Fryske biweging’ om gien is.
Faeks wurdt út soks opmakke, ek as it der net by stiet, dat men dizze dichter gjin ‘stridersnatuer’ takenne kin. Dêr kin men mei akkoard gean ynsafier dat soksoarte fan takenningen altiten nuvere dingen bliuwe. Men freget jin lykwols dochs ôf, oft sa'n skôging skyn en wêzen net frjemd trochinoar mjukset.
Hwant in striidber dichterskip is O. Postma sines sûnder mis. En just syn plak bûten ‘de Biweging’ is in striidposysje by útstek.
De Fryske biweging rint troch har ôfwarkarakter aloan gefaer wei to sinken yn 'e sompe fan eigen biheindens. As dan ek fan ien ding forlet is, dan is it wol fan it warskôgjend tsjûgenis fan in great dichter, dy't de hiele wide wrâld, ‘it libben yn syn sljochte wierhaftichheit’, bisiket to omfiemjen.
De ienlike posysje fan O. Postma is de striidposysje fan dit - om mei Fokke Sierksma to praten - yntegrale dichterskip. Wy sille dit mei de stikken op 'e tafel wier meitsje en dus út it wurk fan de dichter oantoane moatte, dat er yn it gewear komt, sa gau as immen de romte foar syn dichterskip tonei komt.
‘Der is mar ien lân dat ik mines neam’, seit R.P. Sybersma yn in fers.
‘Ien lân?’ replisearret O. Postma, ‘der binne rju lannen dy't ik mines neam’.
Yn in polemyk mei deselde komt de prachtige ironyske wegering ta foarm, dêr't Fryslân foar altiten mei folstean kin, as it wer ris útnoege wurdt yn it folkske hok to krûpen (en soks bart op fêste tiden en fan tige ûngelikense kant):
‘Shakespeare en Rilke binne blêdden dy't falle.
Ik siikje nou nei wylde boerinnen,
En ik moat Goasse Gerbens jonges hawwe as hja de kij in spantou om de poaten bine’.
Sels as professor Gosses yn in rede seit dat it Frysk him better eigenet foar it uterjen fan hjerst- as fan maitiidsfieling, kin de
| |
| |
dichter it net litte en freegje yn ‘As it maitiid is’ foar Fryslân it rjocht op it hiele jier.
Folkertsma en Piebenga wurde yn ‘De Bûthúsbank’ ek effen op 'e fingers tikke, as de dichter mar justjes it gefaer rûkt fan foldienens mei it to biheinde, smoute eigen formidden.
Dit kin allegear noch mei in fine, mylde humor ta. It lûd wurdt lykwols oars, sa gau as de dichter de út in tokoart oan eachweid fuortkommende eigengerjochtichheit to liif giet.
Hwat bliuwt der fan ús Wynering oer út ‘Lân en Stêd’? As er noch tsjiniggewearret: ‘it is de greate stêd dy't ik mien’, dan kriget er de smeulske fragen to hearren:
‘En dy kenstou? Har siele is dy nei?
Hwa binne wy to fieren sokken spraek?’
Hwa't O. Postma ûnder de sêftsedigen sette wol, wurdt hjir al oars gewaer. Hjir stiet de strider, dy't fjochtet foar de romte dêr't er net sûnder kin en dêr't Fryslân net sûnder kin, sil it takomst hawwe.
De dichter O. Postma kin mei in bytsje en sobere wurden ta. As it hwat kin, folstiet er mei humor en irony. Mar, as it oer de hege skuon giet, as lytsfryskens allinne de lytsa skelen en net mear de bân fan ‘d' ieuwen oer’ mei de neiste stambruorren sjocht, as de ‘wize Rienk en Gerlf yn 't feilich middenperk’ Eije en Tjaerd, dy't yn 'e striid op de ûnfeilige flank de eigen sprake forlern hawwe, dêrom net mear kenne wolle, dan priuwt men yn 'e klank fan 'e wurden in bitter sarkasme. (Sjoch ‘Greater Fryslân’ yn ‘Dagen’.) Hjir sprekt de leafde, dy't it hiele dichtwurk fan Obe Postma draecht, in leafde dy't sa great is dat er, nettsjinsteande ‘heel hwat, dat foar myn eagen gjin stân hâlde sil’ sizze doar: ‘It sil bistean’.
M.J. DE HAAN.
| |
De tsjoen fan it sljochte.
Yn ien fan syn lêste fersen huldiget Dr Postma mei greate earbied de figuer fan de greatste dichter fan Rome, Vergilius. Gjin dichter yn 'e Latynske tael hat as hy foldien oan de greate wet fan alle wiere kunst: yn de simpelste, aldergewoanste wurden de spanning en de lading to lizzen dy't it fers oan 'e rânne ta fol mei ivige skientme meitsje.
Oan him moat Postma him wol bisibbe fiele. Hy mei de folsleine technyk en de swiere en brede toanen yn ûneindich forskaet en ek de hege bisieling fan 'e Romein misse, dy iene greate oerienkomst hawwe hja dochs wol, it aloan wer foar kar nimmen fan it sljochte wurd, om dat omheech to driuwen ta de heechste skientme.
Der is gjin franje mear by. En dochs fielt elk opslach dat efter dy folsleine ienfâld in hert sprekt fan in leafde sûnder ein. Leafde foar it gewoane libben, it simpele barren, de lytse dingen fan in lytse mienskip. Hoe great binne de skatten fan oantinken oan de tiid en it lân fan de jeugd, dat dy iene boarne mear as in heale ieu hast sûnder ûnderbrekken, nea oerdiedich mar regelmjittich en evenredich troch, it ienfâldige wetter fan sa'n suverens en woldiedigens opkomme litte koe. It is aloan wer de bi- | |
| |
tsjoening fan it gewoane yn de ealste en suverste foarm. Folle dichters wurde fan jongeren lekke, mar Postma net. It mei my noch tinke hoe't wy as jonge studinten útseagen nei de fersen fan dizze man, dy't mei ús feint bleau. Al wie syn wrâldskôging folslein oars as uzes, al misten wy it himelske yn dizze altyd oan 'e ierde boune poëzij, ‘wy wiene dochs syn maten, en moasten him forstean; it liet fan ûs eigen libben, dat moast ús oan 't herte gean’.
Hoefolle ‘maten’ soe dizze dichter, dy't nea de mannichte socht, net ûnder minsken fan eltse libbensskôging hawwe?
W. KOK.
| |
Wetterpas en reinboge.
Dichtsjen is tinken op forhege toan en yn bûten-reedlike foarm. It fers wol biswarre, wol wierheit yn in magyske formule fêstlizze. Altyd sil de dichter de goaden gewelt oandwaen, altyd sil er it forlieze; dêrom hat Obe Postma, dy't winne wol, de ierde ta God makke. As religy al bining bitsjut, hat hy mear as ien syn religy bilibbe. Syn wurk is in ientoanige lofsang op de waechsdom, in natuerhymne sûnder ein, in knibbeljen sûnder bidden. De ierde is foar Postma ivich swier, opkroppe potinsje, golle jaender en mylde warster ynien. Spjalt, tobrutsenheit, sûnde, binne foar him frjemde bigripen. Alles floeit net allinnich, mar it floeit hjirre ek allegearre gear. ‘Hwerom soe der gjin frede wêze, as it iene wêzensbigjinsel opnomd wurdt yn it alomfetsjende lyksoartige?’ De tiid set him net toskoar tsjin de ivichheit, it libben flokt net tsjin de dea. Stimmingen, op- en delgongen, lyts lok en leed, binne as wolkeskaden (‘lichte flikkertinzen yn it Albilibjen’) dy't oer it fjild driuwe, mar it net reitsje. Hjir wurdt gjin drama opfierd, gjin striid útfochten, gjin offer brocht. De fûlste spanning wurdt samar ta de djipste rêst, âlderdom en jonkheit wikselje fan klean en kenne inoar as gelikens, de ierde is de barmhertige frouweskurte. Neam dizze dichting natuermystyk, pantheïsme, monisme, Blut und Boden om myn part, mar de wurden reitsje skraechwurk de oerflakte; de dichter, ‘as heiden slein oan tsjerkeweach’, soe skrilje as er syn lear earne yn sokke bigripen biknette seach. Foar him leit de harmonije bisletten binnen de kymbôge, dy't yn it flak fan it wetterpas jimmer fierder wykt; de reinbôge is gjin symboal, mar stiicht út ierdryks einen op en hoedet sa yn de pearing fan kleuren it hielal. Hokker jiertiid Postma it bêste past? Wy hâlde it op it foarjier, om syn ûnthjit en blide dracht
tagelyk.
‘Is 't net in krêft fan dichters 't âlde nij to fielen?’ Altyd is de ierde bigjin en ein; hwat der út opbloeit is flechtige forskining, biwyske fan ûnforgonklik libben. It greidefjild bliuwt; de minske is as gers dat fan ûnderen waechst en fan boppen stjert: ‘in klompke libben dat wringt en rikt’. Fryslân is foar Postma (net de rykste, net de greatste, mar wol de meast religieuze Fryske dichter fan dizze ieu) tagelyk alles en neat; it libben giet syn gongen wol en it wêzen bliuwt, ek al falle namme, stal en klaed hieltyd wer wei.
JAN PIEBENGA.
| |
| |
| |
Leafde, wiisheit, myldens.
Myn oardiel oer de fersen fan Obe Postma? Lit my leaver sizze hwat se foar my persoanlik west hawwe en binne.
Yn myn jonge jierren haw ik lang om utens tahâlden. Doe forskynden yn ‘Forjit my net’ fersen, ûndertekene mei P., dy't my sa mar út it berchlân weitilden en delsetten yn Fryslân, dat sa fier ôf wie. Ik lies dizze poëzij oan oaren foar en it wie in rykdom foar ús. Miskien komt it dêrtroch dat ik fan dizze earste fersen it measte yn my omdraech.
Foar it lettere wurk haw ik foaral net minder wurdearring. Alles is skreaun út in greate leafde en in kostlike wiisheit wei. Hjir, yn dizze fersen, leit Fryslân, groun en minsken, foar ús biwarre sa as it west hat en sa as it noch is yn lytse efterôfplakjes, binammen op 'e bou. Mear dichters hawwe Fryslân bisongen, mar fan gjin ien hawwe dy fersen my sa rekke as fan Postma. Hoe komt dat? Dat bliuwt it geheim fan it fers, sa as in fers sels yn wêzen in geheim is.
Neist de leafde en wiisheit treft jin de myldens. Einliks hoefde ik dy net apart to neamen. Slute wiisheit en leafde net myldens yn? Alles is foar de dichter ien: de ierde yn al syn hearlikheit. Hwat is goed? Hwat is kwea? Der is gjin skieding. Alles woartelet yn it albistean. Faeks binne fan de minsken him it neiste hja, dy't net de biwende paden gean. En as hy ien fan syn kwatrinen bislút mei to sizzen dat hy in minske wie op hwa't alle minsklikens ta kaem, dan sjogge wy dêr yn de bifestiging fan hwat hûnderten rigels ús al bybrocht hienen.
Dêrom hâld ik sa fan dizze fersen. Dêrom lês ik se graech oan oaren foar. En ik bin de dichter tankber foar alles hwat hy ús dêryn jown hat.
RIXT.
| |
Poezij as savoir-vivre.
Underskate reizen bin ik him tsjinkomd en haw ik nei him harke. Earst, doe't ik jit gjin fyftsjin wie: ‘Dagen’. Aerdige gedichten, tocht my, hwat eameljend hjir en dêr. Mar men is dan ek jit mar sa'n kealtsje. Letter, binammen ‘It sil bistean’. Mar hieltyd weroan wiene myn réaksjes muoilik. Folle fan him woe my min oan. Ik sil net sa wêze as ik âlder bin, haw ik wol faken tocht. Of, is er my soms to eigen? Bisibbe dream en amper died? Soe ik faeks earder op 'e flecht slaen foar safolle iepenens, en banger wêze, dat de siele kronken wurdt; soe ik myn siele mar om hals bringe?
It brânt, it skroeit, dizze swetteleaze, genedige, mylde ienfâld en it is in lêst, dit ljochte erfskip oan to nimmen en to hoedzjen. Dit Fryske erfskip. Sa ryk, sa bûnt, sa wiis. Slimmer as earmoed is rykdom to dragen; dêrom is af ter all de dichter Obe Postma troch hiel syn let woune humor hinne ús jonge Friezen in strange, in rjochtsjende heit. Krekt om't er de hannen thús hâldt, net straft, mar ús de eagen iepenet en wiist. ‘In nimmer’, neamt er himsels, hy jowt sa rynsk, sa skuldeleas, dat jin it herte krimpt; mar wy steane dan ek jit mar op 'e foarste trime. Fryslân sil lang biskamme stean, oant, oant......? Postma hat Fryslân, sjoen
| |
| |
en trochskôge oant yn 'e woartels, dochs leaf, lykas it libben. Hoe'n kleau, hoe'n spjalt moat dêr west hawwe. En hoe'n brêge hat er slein! Hwa praette fan fersen?
SYBE SYBESMA.
| |
Psychysk-monist?
Dat de wrâld mar lyts is, haw ik nea by kinnen; en dat Fryslân mar lyts is, haw ik nea oan wollen. Dat de rounte fan de Fryske biweging en a fortiori fan de Fryske skriuwers mar lyts is, soe ik lykwols byneed tajaen, as ik net foar it ûnnoazele feit stie, dat twa koryféën fan dy falanks, Obe Postma en Reinder Brolsma, persoanlik foar my altiten figueren op in distânsje bleaun binne, amper bikend fan oansjen en fan petear alhiel net.
Net dat ik dêr ea lêst fan hawn haw (likemin as hja, nim ik oan), earder oarsom: ik haw sadwaende noch hwat oerhâlde kinnen fan dat natuerlik ûntsach foar de mannen fan it machtige wurd, dêr't dyjingen dy't oates en toates by harren binne ornaris net folle mear fan witte.
Hwat Obe Postma syn wurk oangiet, komt dêr noch by dat syn fersen tige it karakter hawwe fan persoanlike bilidenissen en dat makket jin hwat skruten om fierder to gean as in biskôgjen fan de forméle kant. De foarm is by Postma lykwols hiel dúdlik allinne middel ta it adaequaet ûnder wurden bringen fan in idé, hja is nea doel yn harsels. Dat docht wol bliken út de soberens fan útdrukking, it gewoane taelgebrûk sûnder oerspanning fan in wurd of oerlading fan in sin, en út de frije fersfoarm. Al dy forméle eigenskippen forwize yn har negativens en saeklikens nei de ynhâld fan it gedicht.
Men kin der dus net foar wei en gean dêr op yn, al sil dat yn dit bistek tige summier bliuwe moatte - en frijhwat apodiktysk. Ik woe hjir mar ien ding efkes nei foaren helje.
De algemiene definysje, dy't men gauris útsprekken (en neipraten) heart, is dat Postma monist is, en wol psychysk-monist. De namme fan Heymans wurdt der dan soms noch efkes by helle en dêr is de saek ornaris mei út.
Ik leau net, dat it sa ienfâldich is. As argumint foar dat bitinken - om it to biwiizgjen soe men earst oer in analyse fan it biskikbere fersemateriael gear moatte - woe ik neame: de religieuze bitsjutting fan it heitelân, Fryslân yn syn wiidste omfieming, histoarysk sawol as geografysk, yn Postma syn poëzij. De wrâld, de ierde, de kosmos is foar Postma in concreto it greate, ivige Fryslân. Dat is hiel hwat oars as psychysk-monisme by my. It is de Fryske oersetting fan it ‘Brüder, bleibt die Erde treu’; en as der njonken Rilke ien dichter-filosoof is, dy't ik yn forbân mei Obe Postma syn wurk neame wolle soe, dan soe it Nietzsche wêze, dêr't jin sokke Rilke-aensk klinkende rigels fan bybliuwe as dizze:
‘Die Krähe schwirren flugs zur Stadt,
Weh dem der keine Heimat hat......’
En dan is de Edda der ek noch. Mar mûglik dat Postma's twivel oan syn eigen leauwe psychysk-monisme hjit.
J.J. VAN WERINGH.
|
|