is, dat hy ienris jong west hat, - en dat er doe net dichte, alteast net publisearre. It twadde, dat doe't it einlings safier wie, it net barde yn Sljocht en Rjocht, mar yn de safolle fierder fan it folk steande Selskips-wurkjes, ûnder de sa ynbannige O.H. Sytstra, en mei dat fers dêr't boppe stiet: De Boerinne fan Surch. Stiltme, rêst, iensumens; ûnwennigens, effen.
Dan, sûnt 1900, syn produksje. It is nijsgjirrich, yn de Ynhâlden fan syn beide dielen Samle Fersen de jiertallen to bistudearjen. ‘A trickling stream’: jier op jier in himpen tal, einliken nea mear as sa'n stik of acht, njoggen, mar de mennichte fan jierren gearret. Fan nijs it alderg'reatste kontrast mei Rixt, dy't as in Maitiid útboarst yn dichting en dan jierren en jierren swijt, oant foar de eagen fan it forhearde Fryslân hwat hast leginde fan eardere generaesjes west hie, him fortichtet ta in jit selsum libbene en noutiidske figuer. In oar ding, dat men allinne fornimme kin oan it moai greate tal kearen dat dizze dichter oer himsels as dichter praet: hy is tear oer eigen wurk, it bliuwt him like nei as it ienris west hat. Ien fers stiet my fan sines foar dat net samle is: it wie in útiensetting mei in fan him tige heechset Hollânsk dichter (Boutens), dy't earne ûnwillich en ôfwizend oer eigen earder wurk praet hie: ‘'k Wol net mear witte fan dat reau’; dêr't Postma foaroer stelde, it hie syn libben west, en bleau dat.
Genôch om dúdlik to meitsjen dat Obe Postma, dy't altyd sa'n forlet hawn hat fan jongerein, nea de dichter fan in jongerein west hat. It is de klachte fan de Jong-Friezen hieltyd wer, hoe heech hja him as dichter ek setten: dizze man stiet mei syn antlit nei it forline ta. Men moat de tsjinstelling fansels net to abslút stelle: in hiel inkelde kear liket de dichter ek foar de takomst oer syn bitrouwen út to sprekken, lyk as oan de ein fan ‘Fan âlde Tiden’:
Noch winn' de krêften oan: de ierd' is jong,
En heger wille sil de middei jaen!,
ja, mei hwat goede wil kin Postma's Opwekking (fan 1915!) sels as in striidsang forstien wurde:
O feinten, o freonen, it libben is koart
En faei binn' de flechtige ûren! -
mar al hiene der tweintichris safolle sokke aksinten yn Postma's wurk to bikennen west, syn styl wie al dalik it