De Tsjerne. Jaargang 8(1953)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Gedeeltelijk auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 78] [p. 78] O. Postma: Simmer. Tûzen ljochte dagen draech ik mei, Goud en poarper stiet it foar myn eagen. Seinige is de siele dy't it hâldt; Boppe al 't omfiemjende biwitten. Flinters wjokkelje it greidstik oer; Keallen steane by de daem to paizjen. Efter my fljocht it biwegen lâns, Op 'e rêch de waerme sinnegloede. - O dy ljochte simmerskinen, Bloei fan ierde, himmelstrieljen! Libben yn de minske' siele, Binn' it ûren, binn' it ieuwen? Sa myn neisten, my forstoarne, Sa myn freonen, lang forteine, - Is it byld, is it bigripen - Fêst yn 't aldergreatst ûnthâlden? ‘Jo leze fest in bulte yn jou eigen gedichten?’ Sa sei er mar, en nuver gong 't my oan. In wûnderlik trochskôgjen? Djipste driuw forstien? O wierheit, sa't er ea in oanspraek foel! In sjen: dit is it kostberst dat it libben hie; Dit is de siele, dy de oer-wel droech, It waermste fielen, ljochtste gloarjeskyn. [pagina 79] [p. 79] Fersen fan Po-Chu-I. (772-846). Fan in hoed oan de dichter jown. Lang forlyn, al in man mei grize hierren, Joegen Jo my in swart-filten hoed presint. Dy hoed haw ik noch wol op, Mar Jo binne foartgoun nei de Legere Boarnen. It ding is âld, mar kin noch droegen wurde, De man is foart en sil nea wer sjoen wurde. Bûten oer de heuvel skynt fannacht de moanne, En de beammen oer Jou grêf wurde hin- en wer skodde fan de hjerstwyn. Bisyk fan in freon by sykte. Ik haw sa lang siik west dat ik de dagen net mear tel; Oan it suderfinster is it joun en al wer joun. Treurich sjilpend yn it strûkguod ûnder myn daksrânne, De mosken fan de winter sjonge de moarns en de jouns. - Mei ynspanning kom ik oerein en lynje swier op myn bêd Wankeljend stap ik nei de doar fan myn foarhôfke ta. Dêr moetsje ik krekt in freon dy't my opsykje wol, Just as wie ik dêr komd om him to bigroetsjen. Hja nimme myn bank en sette dy yn de jounssinne, Hja spriede myn tekken út en ik leun tsjin de balkonspylder oan. In rêstich petear is better as hok foar medesyn; Swietwei komt der wer fielen yn myn forstive hert. Fersen fan Yuan Chin lezen oan board fan in skip. Ik nim Jou fersen yn 'e hân en lês dy by it skynsel fan in kers. - De fersen haw ik út; de kers is tonein; dage is noch net kommen. Mei pynlike eagen sit ik by de útbarnde kers noch yn it tsjuster, En lústerje nei de weagen dy't, dreaun fan de wyn, tsjin de boech fan it skip klotse. [pagina 80] [p. 80] Beamsnoeije. De beammen wurde greater, flak foar myn finster oer; De beammen binne heech en de blêdden wurde ticht. Spitich! De berch yn 'e fierte is dêrtroch fortsjustere, Komt mar skymrich mear yn it sicht. Op in moarn naem ik mes en bile En eigenhandich sloech ik de takken der ôf. Tsientûzen blêdden falle my om 'e holle, Tûzen heuvels komme foar it ljocht. Ynienen, sa as wolkens en mist brekke En dêr dwars troch hinne komt de blauwe himmel to sjen, Of as it antlit fan in freon, dy't men leaf hie, En dy't men wer sjocht nei lange ôfwêzigens. Doe kaem der earst in freonlik wyntsje oan; Dan ien foar ien fleagen de fûgels wer yn 'e beam. Om myn geast rêst to jaen sjoch ik de súd-easter kant út; As myn eagen ôfdwale gean myn tinzen ek fierder fuort. Fan minsken is der gjin ien dy't gjin foarkar hat foar dit of dat. Fan dingen is der neat, dat gjin goed en tsjoed fan beide hat. It wie net dat ik dy sêfte takken net lije mocht, Mar leaver noch mocht ik dy griene heuvels sjen. Vorige Volgende