brocht my Dútske en Hollânske fortalingen fan de Georgica yn 'e hûs. Ik sei: As Jimme in jubileumkantate of sa ha wolle, gean dan nei Schurer of Tamminga. Op it lêst is it in gedicht fan krekt hûndert fersrigels wurden.’
Der spilet in boartlike en hast forlegen spotskens oer Postma's trekkens as er sokke dingen seit.
‘Yn 'e sechste klasse fan it gymnasium diene wy hast allegear oan fersemeitsen. Jo kinne dêr yn myn fers Fan Twa Stêdden hwat oer lêze. Homeros waerd doe in bulte fan oerset, mar ik wie mear dwaende mei fortalingen út ús Frânske en Dútske skoalleblomlêzingen. Sa wit ik noch fan in dichtstik bisibbe oan Lenore fan Bürger, dat ik út it Frânsk yn it Frysk oerbrocht. Dat sil it earste Frysk west hawwe.
‘Hiene Jo doe al bilangstelling foar de Fryske tael?’
‘Dat bigoun doe al sahwat, jawis. As boeresoan út Koarnwert hie ik fansels altyd goed Frysk heard. En yn dy tiid kamen de bikende brosjueres út fan Troelstra, Wagenaar en Hepkema en dy waerden o sa lêzen. Dy skriuwerij hat foar it Frysk fan goede ynfloed west. Ik wit ek noch, dat ik mei in skoallemaet, broer fan Lútsen, ris in wykein trochbrocht op 'e pastorij to Heech. Dominy Wagenaar wie doe krekt dwaende mei it skriuwen fan Hark Ris, Piter!
Yn myn âldershûs, né, dêr wiene wol boeken, mar net folle Fryske. Ik wit allinne fan Hiljuwns Uwren fan Salverda - tige moai! - en Blommekoerke fan Van Blom. Us heit wie oars wol in leafhabber fan poëzy; hy hie Ten Kate en Tollens en De Génestet.
Op it gymnasium mei my noch tinke moast ik ris in speech hâlde by de priisútdieling nei in skoallehurdriderij. Ik moast it mar yn it Frysk dwaen en it Frysk Folksliet haw ik doe ek sjonge litten.’
‘Stiene Jo doe dus as in soarte Frisiast to boek?’
‘Och, der wiene net folle g'ymnasiasten fan it plattelân destiids. Dat sil wol de reden west hawwe. Letter yn ús studintetiid to Amsterdam wiene myn kontubernael Douwe de Witte en ik abonné op For Hûs En Hiem. En yn it Frysk Folksblêd hie ik myn niget wol oan de stikjes fan mefrou Stellingwerf-Jentink. Op ús Fryske studinteklub moasten wy om bar ek in Frysk dichtstik meitse.’
‘It hat guodden wolris binijd dat Jo as stúdzjefak de wis- en natuerkunde keazen. Dat sil by dichters net folle foarkomme.’