De Tsjerne. Jaargang 8(1953)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Gedeeltelijk auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 65] [p. 65] D.H. Kiestra: Eale losbandigens. As, Obe Postma, ik hwat twivelriedich Jo stâlje mei, - forjow dat ik it skriuw - Dan, hwat ik sizze woe, frij-ûnearbiedich: Hoe oars as Obe Palma binne Jo. Ja, ûnearbiedich is 't, in libben minske, In âld earweardich dichter lyk as Jo, To forgelykjen by hwat Brolsma winske To sizzen fan in man dy't hy biskreau. Mar oars, der rinne plenty Palma's ûnder Us fryske bruorren en it nimt net wei, Better mei hûndert sokken as dersûnder, Al ried ik net: dogg' elk fan ús him nei! En ôfsjoen fierders fan dy loft'ge Obe, - Forjow dy namme fan dy wûnd're gast: Soms hinget earne yn in garderobe In donk're jas dy't tûzen oaren past. Ja, tûzenen fan Friezen ha der libbe, En libje jitte, hast oan Jo allyk, Wol bûtenwenstich nei oan Jo bisibbe, Utsein, útsein.... nou komt it ûngelyk; Nou komt it wûnder fan Jou stille wegen, Dy tûz'nen hawwe skôge en dreamd as Jo, Mar hwat hja wounen ha hja ek forswegen: Doem op de rykdom dy't bisletten bleau. Wjerstribbe fan har fryske spraekûnhand'gens, Har skrút'nens, stivens, al to strakke earnst, Har slimme ôfgriis fan àlle losband'gens, Hawwe hja swijd - o, deadelike wenst! [pagina 66] [p. 66] Hawwe hja rykdom foar harsels forwurven Of ta de deist'ge oarder har bijown, Allinne Jo ha dy losband'gens urven, Eale losband'gens, fruchtber, sterk en soun, Dy brekt troch alle seadd' en fuorge hinne Fan dizze ús bêste, mar sa taeije klaei, Om need'rich groeijend ûnder wyn en sinne To wurden koarn en klaver, blom en raei. Ja, wûnderlik Jins fryske-dichter-wêzen, Noch seldsumer as Rintsje Piters synt, Fan him ha wy yn tiden net hwat lêzen, Wylst, oer de tachtich, wurk fan Jo forskynt. Salang al steande foar de fryske stânnen, Noch jimmer stielblau foar de seine-sneed, Net al to folle fylje oan braem en rânnen, Mar der op ynslaen, dwaen in raem, in smeet! Né, achte foarman, ik woe net bisykje Yn ien sang folle fan Jo wer to jaen; Eale losband'gens mei ek ús forrykje, En dan noch dit: Jins frije slach fan dwaen! Vorige Volgende