[Nummer 3]
Meidielingen:
It bart net alle dagen dat yn Fryslân in dichter 85 jier wurdt. Dat en it feit dat Dr. O. Postma fan it bigjin ôf oan ta de trouwe meiwurkers fan ús blêd heard hat, mei genôch wêze ta forantwurding fan dizze spesiale útjefte, dy't wêze wol in hertlike lokwinsk oan ús âlde dichter fan 'e kant fan Redaksje en Utjowerij.
De reproduksje op bls. 72 is nei in tekening fan de Fryske kunstskilder Dick Osinga, foar dizze gelegenheit makke yn opdracht fan De Tsjerne. Fan dizze tekening binne by de Fa. Kamminga to Dokkum aparte, yn greater formaet en op kunstdrukpapier ôfprinte reproduksjes to krijen à f 1.- it stik. Gironûmer 25516.
De Redaksje.