Krityk yn it koart:
Frysk findel yn Milaen.
Poeti frisoni.
Versioni di Giaeomo Prampolini.
Milano, 1952.
Boekjes yn dit formaet kenne wy eins net. Hat Italië (of Milaen) dêr foarleafde foar? Ik tink b.g. oan de ‘Piccolo Dante’, in folsleine útjefte fan de Divina Commedia mei kommentaer, hast 600 siden, en dochs mar 71/2 by 121/2 s.m., 11/2 s.m. tsjûk (of tin), en sa goed printe dat it net in rariteit, mar goed lêsber is. It is printe yn Milaen.
Dìt boekje is mar 6 by 7 s.m. en bifettet oersettingen fan in 20 dichters, fan Piter Jelles ôf oan Jan Wybenga ta. Ek dit printwurk is prachtich, hja forsteane yn Milaen de kunst. It initiatyf kaem via de Tsjerneredaksje by de Fryske Akademy en sa by Deputearre Steaten, dy't subsydzje taseinen. Sa koe der goedsein wurde foar 150 eksimplaren, dy't foar Tsjernelêzers en stipers fan 'e Akademy biskikber wienen en as slaed út 'e koer fuortrekken. En nou binne wy nijsgjirrieh nei de 650 eksimplaren dy't foar Italië ornearre binne, en hoe't hja dêr ûntfongen binne.
Dr. Prampolini is foar ús gjin ûnbikende. Hy hie Fryslân en syn literatuer al folle earder ûntdutsen en makke dy yn wider rounte bikend, ek troch eardere oersettingen. Hoe great moat de kennis fan ús literatuer wol by him wêze, as hy dizze rige jaen kin. Hy folget yn it ginnerael de folchoarder fan Frieslands Dichters, de karlêzing fan Anne Wadman, mar hat ek oaren opnommen, en giet yn syn kar dêr ek wolris bûten. It is dúdlik (en fansels, soe 'k hast sizze), dat hy ek De Tsjerne lêst, mar hy moat ek fan guon dichters mear wurk hawwe. Sa is it nammers net allinne mei de kunde oan ús literatuer, mar fan folle mear.
Hwa't de oersettingen mei de originélen forliket falle twa dingen op. Foarst it greate forskeel yn de beide talen, yn klank binammen. Dat makket it oersetten wol tige swier en twingt faken ta it falle litten fan it rym, en ek fan it rhythme. Mar dan ek, hoe goed wurdt lykwols de sfear werjown, hoe ryk is dochs wer de klank, al is dy oars, swieter, weaker as yn it Frysk. In goede yndruk fan ús fersen jowe se oan de Italiaenske lêzer dochs wol, al sil hy gjin weet ha fan it wol hiel oare lûd dat dizze fersen yn it Frysk hawwe.
De Italianen meije bliid wêze mei dizze oersettingen. Mar wy noch folle mear. Lytse folken, lytse literatueren wurde yn 'e wrâld amper heard. En dochs is it mar al to wichtich dat har eigen lûd ek bûten de eigen swetten heard wurdt. Dat it mei it Frysk barde troch in literatuerkenner fan it formaet fan Dr. Prampolini, en op sa'n treflike wize, is in ding om tige wiis mei to wêzen. Us hat hy dêr yn elts gefal tige deugd mei dien; dat sa'n man ús lyts findeltsje weardich achtet om it yn ynternasionael forbân to fortoanen, dat jowt nije moed. Wy binne der noch net, ei né, fansels net. Mar dat hearre wy al sa faek dat guon Iju amper noch leauwe dat it sin hat it út to jaen. En it mei gjin kwea dat dizze oare kant oer Milaen hinne ek ris lûd krijt yn De Tsjerne, dêr't dit treflik initiatyf eins ek wei kommen is.
W. KOK.