J.L. de Jong Lsn.:
Beethoven as minske.
Great as skeppend kunstner, great as man fan karakter, great fan ynboarst en great as frije geast moat er west hawwe. Hy hat syn lekken en brekken hawn, mar meirekkene de omstannichheden, erflike oanliz en de posysje as komponist, is him folle to forjaen. Oan syn útein ta hied er yn de formiddens dêr't er libbe in rige sibbe freonen. As kunstner is van Beethoven heech set ek by syn libben en de lju telden him, hoewol't hiel hwat goefreonen syn ‘lawaei-muzyk’ op rekken fan syn dôvens setten. Maklik yn 'e omgong wied er alhiel net, en struije mei jild mocht him net barre. As er dan dochs in greate freone-rige om him hinne hawn hat, moat dat, bihalven yn syn kunstnerskip, yn it wêzen fan de man to sykjen wêze.
Wy fine yn biskriuwingen dat de jonge van Beethoven in lytse boi mei in grouwe holle is; hy hat swart en hwat krolderich hier, it antlit brúneftich fan kleur; syn kammeraten neame him ‘de Spanjert’. Al op jonge jierren makket syn spyljen yndruk, mar oars is er ûnhandich en knoffelich. Hoewol't er yn hôftsjinst is en ek in bulte by de greate lju oer de flier komt, is der net folle hoaskens oan him, en syn wêzen is de bernlike kant neist, ûnbidoarn, oprjocht, mar ek erchtinkend. Nea kriget er syn nocht fan de moaije lânsdouwen om syn berteplak Bonn hinne en syn hiele libben hat er dêr langst nei. De natûr hat jimmeroan syn taflecht west: as er omdoarme yn 'e kriten fan Wenen, ynspirearren beammen en streamkes him mei har natûrlûden, en as er op letter jierren oan in kwael sukkelet, is it him krekt, as jowt it bûtenlibben nije krêft en dan grypt er nei it muzykpapier.
Al jong moat er foar syn bruorren soargje, en hoefolle leed en misbigryp er fan dy kant ek ûnderfoun hat, oan prosessen ta, hy fielt de forantwurdlikheit oan syn forstjerren ta, as hja in kaptaeltsje fine dat er foar syn neef Karl ornearre hie. As men syn freonen leauwe mei, joech er net om jild, mar om dat bytsje by elkoar to hâlden, is er fûl op fortsjinst, lient faek, mar as it efkes kin, bitellet er; syn útjowers makket er it net maklik op it stik fan honorarium.