| |
| |
| |
Fokke Sierksma:
Forhael fan in ivige jonkheit.
De Gouden Rider. Fersen fan Rixt.
Fa. J. Kamminga - Dokkum 1952.
Wat snijdt ons hart in twee?
Sa drukte Jan Van Nijlen it ienris út yn in geniael ienfâldich gedicht. Mar hjir giet it oer in forhael fan in ivige jonkheit. It forhael fan in dichteresse dy't gjin forlerne dream ken, mar dy't de glâns en de fearkrêft fan alles dat jong is, witten hat to biwarjen yn in lytse bundel fersen, dy't men tonearsten har sammele wurk neame mei: it batich saldo fan mear as fjirtich jier dichterskip.
Rixt ken gjin forlerne dream. Harres is in foltôge dream. Dreamen bringt men meastal wei, om't men se net drage kin. Yn ús jonkheit wurde wy troch de dream fan ús libben en ús takomst optild en meitroaid, sweevjend heech boppe de ierde. Dan komme wy, ier of let, wer mei de fuotten op 'e groun en wy fornimme dat de tiid kommen is, dat wy ús dream bigjinne to dragen. Follen fiele har toloarsteld, forriede him en achtsje him ta weismiten keard. Oaren binne to swak, to loai of to lef. In inkeling nimt de eigen dream op syn noed, bliuwt net binnendoarren om der in partikulier museumstikje fan to meitsjen, mar giet der frij en ûnforfeard op út, de dream hurdzjen learend yn waer en wyn en wetter. En it bjusterbaerlike is, dat de dream fan sa'nien allinne mar kostberder en glânziger wurdt. Hy wurdt donkerder en hurder as in edelstien. Sa'n ienling wurdt in bigenedigen-ien neamd en mei rjocht. De dichteresse Rixt is ien fan harren. It hat der fan, dat hja de dream dy't har libben stjûrde, earst ‘probearje’ wollen hat. Har fersen dy't, yn tydskriften iepenbier makke, yn it litteraire libben fan 'e tweintiger jierren sa'n yndruk makken dat in Douwe Kalma, alhiel bigryplik, har forskining heech hie as dy fan in jonge goadinne, dy fersen hat Rixt net bundele.
Nou, nei fjirtich jier, hat hja der in boek fan meitsje litten. Yn dat boek stiet it forhael fan in ivig'e jonkheit. Sels hat de dichteresse har wurk fordield yn trije tiidrekken. It earste rint fan 1911 oant 1921.
| |
| |
Lyk as safolle dichters út de Fryske biweging-fan-tweintich dichtet hja heech, mar dizenich fan stimming. Mei in ûnfortaelbere Dútske bineaming kin men har wurk op 'en bêsten ‘hochromantisch’ hjitte. Dizze dichten binne fol fan ûnsizbere fielingen, wiidûtfloeijend en amper to gripen, selst net yn 'e poëzij.
It earste fers Oan Him is lichtwol it bêst slagge bisykjen, dat gefoel fan oan alles diel to hawwen, ûnder wurden to bringen.
‘I am large, I contain all things’, sei Walt Whitman, de man. Rixt, de frou, is yn ‘al dizze dingen’ opnommen en ‘al dizze dingen’ wurde presintearre troch yn it foarste plak de leafste, yn it twadde plak God, yn it tredde plak de natûr.
Yn dizze fersen hat Eros de midden en de beide einen en dat is, mei men sizze, de folgjende fjirtich jier ek sa bleaun. Net it feit dat hja de leafde bisjongt makket har ta in bysûndere dichteresse, mar hoe't hja it docht. Har alluere is folslein ûnfrysk, soe ik hast sizze. Dy skynber skerpsliperige opmerking krig'et relief, hwannear't men har wurk hâldt njonken Simke Kloosterman harres, hwaens sammele fersen langlêsten ek útkommen binne. By dy dichteresse it typysk Fryske, al to neidruklike bisykjen har quant à moi to biwarjen. Bynei kin men hjir prate fan in eangstme foar de oerjefte. Simke Kloosterman hat grif nea hwat bigrepen hawn fan 'e wiisheit, dat men jinsels winne kin mei jinsels to forliezen.
Set Rixt har fersen dêr ris neist. Royael en ûnbikommere jowt hja har libben oer oan Eros en oan de Muze. Omdat hja har gjin hâlding jaen wol, is har hâlding like natuerlik as foarstlik. Foar in lêzer fan in letter generaesje is dat jongfammeleauwe yn ‘it wiere, skiene en goede’ en soksoarte dingen net altyd like maklik to forarbeidzjen. Om soks op wearde skatte to kinnen moat men einliks mandielich wêze oan dat leauwe yn skientme, wierheit en goedheit en dat kin mar fan in party sein wurde.
Dochs is dy romantyk net allinne it symptoom fan in biskate âldens of perioade. Ja, men soe it selst omdraeije kinne. Elke âlderdom en elk tiidrek ûntdekt in biskaet aspekt fan de minske en fan it libben. En der binne nou ienris aspekten fan it libben, dy't allinne ‘hochromantisch’ ûnder wurden to bringen binne: stimmingen sûnder grinzen en fielingen, dy't op in wûnderbaerlike wize op 'e grins
| |
| |
sweevje fan barstend folwêzen en in folslein vacuum. Sokke stimmingen en sentiminten hawwe ek har oanpart yn it forskynsel minske. En it is Rixt slagge inkelde fan dy aspekten sa adaequaet to formulearjen, dat it foar follen ûnforjitlik is. Ik tink oan gedichten as ‘Freze dy't 'k gjin namme doar to jaen’ en it prachtige ‘O, kom net by my, kom nou net’. Dat lêste in gedicht, dat in man eat fan in frou bigripe lit en dat allinne al is in wûnder. Hwannear't yn it libben it fortriet komt, is der ien ûntdekking dy't de balâns yn 'e like hâldt: de ûntdekking fan it eigen dichterskip. (Bern fan it ljocht, bis. 18 en Myn liet, bis. 26).
Dit dichterwêzen hat tagelyk yn in bisykjen ta forantwurding; forantwurding foar harsels oer dy't foar Rixt bysûnder typearjend is. Guodden ornearje dat in dichteresse fan leafdesgedichten in typysk froulike dichteresse is lyk as dat hjit en dat in typysk froulike dichteresse allinne op en fan gefoelens libbet sûnder forlet to hawwen harsels rekkenskip to jaen. Dat forlet fan sels-forantwurding hjit typysk manlik to wêzen. Hwa't fan dat bitinken, binne, forjitte dat der in froulike yntelliginsje bistiet, dy't him wiswier wol rekkenskip jowt fan eigen libjen en tinken. Dy yntellig'insje fynt men oanienwei wer yn 'e fersen fan De Gouden Rider.
Yn dit earste tiidrek is der al it konflikt tusken de iene helte fan it hert, dy't ûnderhearrich is oan it lûken fan forline's ebbe, de sûchkrêft fan in forlerne dream en de oare helte, dêr't de frije wyn trochhinne waeit nei de takomst ta. Rixt is der de dichteresse nei, om der op út to tsjen en soargeleas de blommen to teppen dy't by de wei steane. (Twivel, bis. 19). Hja is in loksbern en in optimiste. Eigenskippen dy't net bihinderje, dat dichter lik likegoed as froulik it libben selsbiwust libbe wurdt. Hwannear't men in forstoarne dream bidobbet, bitsjut dat net, dat de dream fan it eigen libben opjown wurdt. Nei de winter komt de werberte fan it foarjier.
De dyk leit swart, mei greate ljochte plakken
fan wiete snie, weiteijend stadichoan;
sûnder foroaring hingje skiere loften,
dat men net wit: is 't joun of is it moarn?
Aloan en wei drippe de keale beammen,
yn dit tin lûd forstillet de natûr;
by tiden stjûrt in sleepboat út de fierte
syn heaze rop de lege lânnen oer.
| |
| |
O neare, tsjust're, wiettich-klamme dagen,
biheinde romte, libben feal en swier....
Sinneljocht kom, oerbôgje ús mei blidens!
Wyn, waei wer oer de mieden, wiid en fier.
(Teiwaer, bis. 21.)
Yn dit gedicht komt men alle sterke en swakke kanten fan Rixt har earste dichtersperioade tsjin. Sterke gefoelichheit foar natûryndrukken en in like sterke bihearsking fan 'e tael om dy yndrukken oer to bringen op 'e lêzer. Mar dêrnjonken it plakkerich wurden, it útfloeijen fan it poëtysk skrift yn in machtich tal eigenskipswurden en in lyryk dy't net yn biheining har krêft siket.
De twadde perioade, dy't rint fan 1922 oant 1941, moat ik hwat koarter by lâns gean. Yn 'e foarste perioade fan tsien jier bistie de fersrisping út 24 stiks, yn dizze interimsperioade fan tweintich jier mar 7 gedichten. Dy fersen jowe in wakker ûngelikense en suver chaötyske yndruk.
Ik wol it gjin wurd hawwe, dat dizze karakteristyk biynfloede wêze soe troch oanstriid ta systematyk, dy't nei in gânsûnthjittend bigjin via in ûnwisse oergong' op in swiden finale oan wol. It lân fan 'e feiten leit der nou ienris sa hinne.
In inkeld great, prozaysk gedicht yn in foarm dy't Rixt kenlik net leit, in fers op syn Obe Postma's, dat Rixt neffens de foarm likemin leit, al hearre dizze beide inerlik ta deselde klasse fan dichters, in inkeld fers yn 'e âlde trant, in pear fragminten, - sjochdêr de ynhâldsopjefte fan it foarnaemste út dit tiidrek.
In prachtich fers is Buenos Aires (bis. 41). In nije, jubeljende avontûrierstoan biwiist, dat de dichteresse en route bliuwt, - yn fûle foarsje.
De takomst lûkt, hwat wurdt sil my regeare.
In iepenbierjend skampljocht op dizze dichteresse en dizze poëzij jowt ek it fragmint:
Nou binne alle stille wegen minen,
en ik driuw lâns bosk en fiere heide,
't gouden hjerstljocht om myn greatske lea. (bis. 42.)
Tink ris om de seldsume forbining fan stille wegen, driuwen en greatske lea!
Dizze dichteresse is in suster fan A. Roland Holst: beide
| |
| |
hawwe in keninklik fanselssprekkende ynfierenheit oer har. Ien mei oar is dizze tuskentiid in perioade fan ynkubaesje.
Fan 1942 oant 1952 slacht de bloei nei bûten. Spitigernôch moat men biskôgjend en analytysk bliuwe. Leafst soe men it iene gedicht nei it oare oanhelje wolle. Hwant sûnder oerdriuwing mei men hjir prate fan in werberte. En hjir lyk as rounom is in werberte allinne dan mooglik, as it libben folslein libbe wurdt, mei heil en mei ûnheil, mei gelok en gemis, mei forline en mei takomst. Lyk as Obe Postma yn it hielal en yn Fryslân gjin ûnderskie makket, mar it libben oanfurdget yn ljocht en tsjuster, sa nimt Rixt it eig'en libben yn syn hiele hear en fear oan. Yn dy spanning tusken de utersten fynt in minske himsels, syn djipste wêzen. De dream, dy't net binefter litten wurdt, mar meinommen op 'e libbensreis, docht bliken gjin fata morgana to wêzen, ek net ien of oar idéael, mar neat mear en neat minder as de piid en de útdrukking fan it eigen libben. Hwannear't men, nei him libbe to hawwen, dy dream mei it forrinnen fan it tij forfolle sjocht, dan is der net in ôfskie, mar in yn jin opnimmen. De dream dy't earst bûten jins libben as liedstjerre oan 'e himel stie, wurdt nou de flûnkerjende kearn fan it eigen hert.
Eltsien is roppen ta syn eigen wêzen,
troch alle ieuwen ienich yn 't hielal
mei eigen doel en foarm; sa moat ik wurde:
mysels, edelste kearn en klearst kristal.
It is al let, 't is letter as men tinkt.
Wyn, waei my suver, de eagen doch ik ta,
'k liz op 'e luster, mocht yn dizze núnder
myn libbens greate rûzjen wjerklank ha. (Bls. 66/67.)
Op 'e nij komt jin hjir de Hollânske dichter A. Roland Holst yn it sin. Rixt birikt yn dizze tredde ôfdieling yndied de tredde himel fan de greaten. Hwant men fynt hjir net allinne de forfolling fan in dream, teffens dy fan in talint. Har gedichten wurde sterk, konkreet en tûk fan byldspraek, ynbannich hertstochtlik fan alluere en mei it âlde fielen foar swietlûdichheit en klankwearde. It binne fersen mei in linige gong en in ripe passy, fan in dichterlike saeklikheit en in ienfâldige en dêrom oangripende minsklikheit. Al dy gedichten amperoan soe men opneame moatte. Ik folstean mei allinne to forwizen nei de lytse, unike syklus Oktober I-V, in iepenbiering fan froulik dichterskip yn Fryslân.
| |
| |
Sa op it earste each siket it yn dizze ôfdieling om in ein. Mar dy ein slút oan by it bigjin en jowt sadwaende de waerboarch foar in yn himsels bisletten krêft.
Leafde yn lette hjerst, dyn rispinge leit fêst;
en ik wachtsje de winter, foldien.
Soks hat nimmen hwat oan ta to foeg'jen, allinne, nei't wy hoopje, de dichteresse sels.
De ein slút oan by it bigjin. Hjir leit ien fan 'e punten fan djippe bisibbens tusken Obe Postma en Rixt. It dichtwurk fan beide fortsjintwurdiget in wrâld op himsels. Postma is in wrâld, Rixt is in oare wrâld. Gâns Fryske dichters lykje torso's to bliuwen, mar hjà binne folslein. Komt dat, om't hja it libben ‘folslein’ libje en oanfurdgje?
Rixt hat it bistien tagelyk in dichteresse fan 1920 en in dichteresse fan 1950 to wêzen. Har forhael is it forhael fan in ivige jonkheit, in jonkheit dy't him net yn 'e âlderdom of earder dearoun, dy't ek net mei in oanfallich, mar fortrietlik bernegesicht oer it libben hinne sweve yn pleats fan der troch hinne to gean, mar in jonkheit dy't sa ryk, sa iepen en sa keninklik wie, dat de âlderdom der yn opnommen wurde koe. De dream fan har dichterskip wie de strieljende fiere stjerre fan in jonkheit, de donker glânzgjende kearn fan har âlderdom.
Rixt wie en is in bigryp yn ús litteratuer.
|
|