De Tsjerne. Jaargang 8(1953)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Gedeeltelijk auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 52] [p. 52] Joazep Witteveen: De Aemstel. It griis-blau-grize ljocht fan d' Aemstel Dat feilich en bihoedzjend my omsletten hâldt - Dat ik streakjend soms tear biroer Yn in mystike forbounens - Skroeit my soms mei piipjend-felle pine Fan iensumheit. En gjin wylde fûgel fan langstme en leafde Noch in stil gebet Wit it ljocht to forbrekken Om de trochgong to wizen nei it fiere lân Fan de leafde, Hwer't gjin ljocht en gjin langstme is, Mar in swietlûdich geurjen en wite muzyk Fan wijreek en myrrhe. Oerstjûre hannen gripe en bite yn it ljocht Dat yn blauwe bûlen weirûgelt Yn it heimlik lokjen fan de ivige rivier.... En teare fing'ers biroere sêft It griis-blau-grize ljocht fan d' Aemstel Dat feilich en bihoedzjend my omsletten hâldt. Vorige Volgende