mar ré stie om de ûnfortsjinne foarrjochten oan to nimmen;
in boargermantsje fan in leech alloai. Mar dou haste forswijd,
dat lijen en leed, earmoede en krupsje earst oer dy
gean moasten, ear't der in kâns wie om de hjit bigearde
akademy-stúdzje folgje to kinnen. En dou haste swijd, doe't
nei in rige fan minne jierren en in rite fan keapsuchtigens,
nei in lange tiid fan arbeidzjen en in hoart forkeapjen, de
oerheit - licht yn alle fiskale reedlikens, mar fierders yn
alle kulturele ûnseedlikens - dy ôfnaem net inkeld de
winst en net boppedat de kostpriis fan materiael, mar binammen
de rêst, dy't men brek hat, as men mei ynmoed
nei it skeppen fan in kunstwurk stribbet.
Dou haste net jammere - wol flokt! - en it ark wer opnommen, grimitich licht, mar der waerd wer wrotten. Oant de syktme oer dy kaem. En wer, meidatste dyn krêften weromkommen fielste, komme de plannen wer boppe, wurdt der oan nij wurk en oare wegen prakkesearre.
Dou haste dysels foar in domkop útmakke; dou wierste to dom om foar skoalmaster to learen, mar dou wierste, as jonge al, wiis genôch om to witten, dat ús lân en folk it measte toane en it eigenste forriede as men it skôget fan 'e foarhaden ôf.
Dou haste dysels in griemer neamd en in pielder. Mar men komt net maklik oan 'e weet, dat Frits Jansen fan 'e modelklas op 'e Haechske Akademy, doeste yn forgrime ûnmachtsfielen útnaeije soeste, dy by dyn baitsje krige en set dy oan it wurk en achte dyn flokken net en dyn traepjen tsjin de banken. En men moat lâns omwegen fornimme, dat Rijkse, de learaer yn anatomy, wakkere wiis mei dy wie, ek as in skampljocht efkes forglied en forkeard toplak kaem neffens de anatomyske wetten. Hwant, dou hieste it yn 'e fingerseinen: dou fielste hwer't it om to rêdden wie.
Dou haste witten, dat de Akademy kennis jaen kin en kundichheden, mar dat de kunst dan jitte komme moat. En dou haste witten, dat it de muoite wurdich is en tingje nei it uterste en it djipste. Ek, as jins bisykjen jimmeroan liket to mislearjen.
Dou haste weardearring foar it earlike wurk fan oaren, dou kinste de g'reaten great sjen, sûnder oergunst en datoangeande hastou it rjocht fortsjinne om ûnearlikens en leffens en lytsens to giseljen.
Dou haste biwiizge ûnder de Wet en it Gebot stean to