Pyt koe fan Lamérus gâns forneare. Mar dit kaem him, hwer't dat frommis by wie, to stûf oan. Hy fielde dat dy Lize Siebenga stie to gnizen tsjin dy sylhouetten. Koart seid er: - Better de ein rûpele as de klant.
Mynhear Lamérus lake. - Hjir lizze noch litho's, dy't ik fan 'e wike kocht ha. Der binne tige nijsgjirrige by en, ik mei wol sizze: hielendal forgees.
Pyt blêdde yn de portefeuille, dy't de antiquair him jown hie. Lize Siebenga stie nei de Japanske print to sjen.
- Soe dat frommis nou?
- Hwat is de priis, mynhear Lamérus? frege hja.
Krekt in kastlein út de opera, dy grouwe, skiere Lamérus: bûge, laitsje en kleije tagelyk. Mei de hân op it hert forklearje dat er der oan forlear. Net ien dy't it wurd ‘forlies’ sa'n oargeltoan meijaen koe as hy. Gûlderich en dochs fornaem.
- Dat falt my net ôf, sei Lize Siebenga.
Hja roun mei de print nei it finster. Hja stie der mei op itselde plak, dêr't hy der krekt tofoaren sels mei stien hie. Hy bûgde him oer in litho. Hy fielde dat er fan argewaesje read om 'e holle wie.
- Hy is hwat bleek, ornearre Lize.
- Mar, mefrou, andere Lamérus, en hy song der oer, dy âld strûk, - dizze print is nou krekt goed fan kleur. Net to fûl.
- Ik mei him wol lije, tsjottere Lize. - It is krekt as haw ik him wolris earder sjoen.
- It is in pronkje, mefrou, song Lamérus.
- Net to bot. Hy is goed yn syn soarte, mar de soarte is nochal gewoan. Lamérus forbettere syn lêste aria:
- It is in pronkje, mefrou, foar dy priis.
- Ik haw der wol sin oan, mynhear Lamérus.
- Mefrou kin him krije.
- Ja, dat moat mar oangean.
Hja hâldde de print foar har út, op earmslangte. En seach der nei, de holle hwat skean. Glimkjend fansels. In swarte ein. Doe dounse hja dermei nei de bûgjende, gnizende antiquair, dy't it blêd fan har oankrig'e, hoeden, op 'e tippen fan 'e fingers en it op it taffeltsje dellei.
- Ik sil jo fuort mar bitelje, tsjilpe hja. - En kin de jonge him foar seizen noch efkes oanrikke? It adres is noch altyt Louiseleane sawn.