De Tsjerne. Jaargang 8(1953)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Gedeeltelijk auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 41] [p. 41] L.O. ten Cate: Boalsert Stêd, doch dyn doarren op en lit my yn, forfrjemde swerver tusken plein en strjitte. Hûs, kom my yn myn iensumens tomjitte, feilich biskûl fan in oerwoun forlyn'. Freon, lit my by dy oan de tafel sitte, ivichheits eagenblik ear't ik fordwyn. Lien my jim' fleurigens, kostbere skyn, feestgongers, dy't myn namme net mear witte. Tiid, lit my ienris noch dyn oantins priuwe. Tún, lit my by dyn neijiersblommen bliuwe. Plein, liz dyn romte om myn wurge trêdden. Wyn, waei my fuort mei oare beammeblêdden. Stêd, hwer oars moat ik swalker earne hinne? Doch op dyn doarren. Lit my net allinne. Vorige Volgende