perimint mei al syn gefaren leaver is as it perfeksionisme fan it al jierren bikende. Om sa'n warskôging sille net folle weibliuwe, mar hja sille der wol hinnegean mei oare forwachtingen. En dat men op dizze wize binammen de snobs nei Boalsert jaget, is dat sa slim? Binne it by einsluten net oeral de snobs dy't, as 't der op oankomt, de kunst ekonomysk driuwende hâlde? In bytsje mear snobisme sil de Fryske kultuer wier gjin skea dwaen, minder alteast as it negatyf snobisme dat fan Fryslân in agri-kultureel natuer-reservaet meitsje wol.
En dan de kunstmanifestaesje sels. Ik leau dat it Boun fan Fryske Kunstners der goed oan dwaen sil de saek ris yngeand to bisjen. Oant nou ta nat, tinkt my, de Boalserter Boekejoun net folle mear west as it bisykjen ta in ‘better soarte fan doarpsjoun’ to kommen. Ik wol dêrmei gjin kwea sizze fan doarpsjounen. Ik hoech ek gjin kwea to sizzen fan stamboekkij as ik dochs mar leaver in hurddraverjj sjoch fan èchte hynders.
In lang programma yn in seal foltroppe mei minsken dy't har allinne yn it ûnbidich lang ein skoft stiif en hoekich biwege mochten tusken de stuollen en taffeltsjes. In finzen sitten tusken fjouwer muorren en tusken twa kear oardel ûre programma. Net in moeting fan minsken mei artistike bilangstelling dy't, tusken de bidriuwen troch, in programma folgje koene.
De ynstelling: it programma is haedsaek en al it oare is mar omballing, is neffens my forkeard. It programma moat de artistike opfolling wêze fan in feest-joun. Dêr wol ik net mei sizze, dat it in jounfol ‘skoft’ wurde moat, ûnderbrutsen troch kunst of hwat dêr foar trochgiet. Hwant in skoft en in skoft is net itselde. In Boekefeest moat gelegenheit jaen om elkoar to moetsjen, om earne yn in hoekje fan de seal jin efkes del to jaen, hwat to drinken en to praten yn in intime sfear fan skimerljocht, palms yn potten en in swietlûdich muzykje op 'e eftergroun. Men moat fan de iene seal yn de oare rinne kinne, jin frij biwege, jin frij fiele kinne. Der moat romte wêze èn yntimiteit en bileaven gjin kringerij en gjin hel fan wyt, karakterleas ljocht dat op kalkwite muorren weromslacht. Der moat sfear wêze. Net de sfear fan de doarpsjoun mei yn it skoft goedbidoeld geâl fan ‘Rôlje oer bou en greiden’ en ‘Moai sûnder wjergea’, mar sfear dêr't in minske yn frijdom sykhelje kin. Dit is net in doarpsfeest, mar in, forjow my it wurd, litteratuerfeest.
As ik net mis bin, hat oant nou ta it doel sa'n bytsje west, om de lju foar har jild ek safolle mooglik waer, d.w.s. yn dit gefal: lûd to jaen. It is in typysk dilettantyske opfetting. Us Fryske kabaret-programma's helje tofolle oeral, wurde dêrtroch chaotysk, lang-ruteen en útweakke. In kabaret-programma moat slute as in bus en op 'e heale minút út-timed wurde. De harker moat, sa lang as it programma yndied oan 'e gong is, letterlik fan it iene nûmer yn it oare falle, en net nei elk nûmer mear of minder ûngeduldich op it oare wachtsje hoege. Hy moat biskate skoften boun wêze, mar dan ek perfoarst boun, en oare tiden loslitten wurde, mar dan ek folslein los.
As lêste opmerking noch dizze: It hat der wol ris fan, as hinget ús kultureel heil winliken allinnich fan it kabaret ôf. Der is, tinkt my, plak foar de frage oft der gjin oare mooglikheden binne. Hwerom soe men net ris in aktuëel toanielstik fan wrâldbitsjutting yn Fryske oersetting bringe of, in suggesty dy't hjir en dêr opgien is,