útbuorrens fan de stêd forsille plattelânner. In psychology dus dy't gjin wittenskiplike ûndergroun hat, mar yntuïtyf is, fan it uterlik waernimbere nei it inerlike arbeidet, mar ek faek yn it uterlik waernimbere hingjen bliuwt. Mear minskekennisse as sielkunde. Dêrneist in breklik formogen ta kompositoaryske architektuer. Der is nammers gjin wêzentlik ûnderskied tusken syn greatere romans en syn koarter wurk, dat er mei de biskiedenheit fan de ambachtsman ‘sketsen’ neamt. Ek syn romans binne útwreide en breed opsette ‘sketsen’, as men dat wurd, dat foar my assosiaesjes opropt oan saneamde ‘proaza-gedichten’, dan perfoarst hanthave wol. Hja hawwe net sasear in story, in pointe, in ‘plot’, in forrassing, al hawwe hja meast wol in slotakkoart. Hja wurde bihearske fan de stadige fuortgong, it rêstige tempo, en hwer't skokken yn it minsklik libben gripe, binne it meast wjerslaggen fan sosiale skokken dy't it plattelânslibben biroere. Hja binne net skreaun fan de psychologyske intrige út wei, mar fan de konkrete situaesje út wei. Hja pleatse de minske net yn it neakene himd fan syn siele, mar middenmank de omballingen fan syn formidden, syn folk, syn natûr, syn sosiale omstannichheden.
It is dúdlik, dat dizze tokoarten gjin tokoarten binne dy't Brolsma syn skriuwerskip ta in problematyske saek meitsje: hja binne oan dat skriuwerskip like needsaeklik forboun as syn positive formogens. Hja kenmerkje net allinne Brolsma, mar in biskaet skriuwerstype. It iennichste hwat ik as in spesiael tokoart fan Brolsma sjoch, is syn oanstriid ta foralgemienjende sydsprongen, ta sydlingsk moralisme op dy stuiten dat er syn objektiviteit gjin baes is en hommels weiglydt nei in soarte fan moralistyske journalistyk. Sa op bls. 24 fan ‘Sa seach ik Fryslân’, dêr't er yn ienen, noch wol mei help fan in fuotnoat (of is dy fan syn promotor Kalma?) kommentaer jowt op in g'edicht fan Kiestra: ‘Lit ús efkes oanstippe dat dit gedicht yn al syn soberens dochs utering hjitte mei fan kunst. It is krêftich en suver, it is kostlik’. Mar hwa hat ea sein, dat soberens en kunst elkoar útslute?
Brolsma is as skriuwer, yn Fryslân, en yn 'e 20ste ieu klassyk. En dochs kin ik my foarstelle, dat der in jongerein is of komt, dy't, sûnder syn greatens ûntstride to wollen, wegeret yn him in master, in karmaster to sjen. Brolsma, as naturalist en, mei it wêze tige hoeden, as impressionist,