De Tsjerne. Jaargang 7(1952)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Gedeeltelijk auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 388] [p. 388] Hindrik J. Brouwer: Metamorphose. Myn herte blet yn brede reade streamen, dy't yn 'e nachtwyn stjurje ta kristal; ik doar myn need en eangsten net to neamen, mar jow se lucht yn suchten sûnder tal. Ik baei wol ont 'e hals yn neare dreamen, yn wieljende rivieren, dy't oeral stiennen en sân losskuorre fan har seamen, mar helder brekke yn wite wetterfal. Sa wurdt myn wédom yn 'e wrede wet fan rym en rigel ta bihearsking twongen; sa wurdt de chaos yn it fine net fan macht en foarm en skepperskrêften fongen; sa wurdt des dichters eigen deadelet yn ljachte pracht fan ranke klanken songen. Vorige Volgende