De Tsjerne. Jaargang 7(1952)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Gedeeltelijk auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 386] [p. 386] Lokke Steenstra: Simmer. Nei it fûle wite bloeijen 't stille ynfierene groeijen, it dijen - it tinen. Nei it fjûr en it flamjen it rêstiger amjen. It finen. En stadich, stadich tusken leaven skadich it rypjen, it groeijen. It stille g'earranen nei it fûle barnen. Oerfloeijen. Yn ljochte nachten it rêstleaze wachtsjen as glâns forfljucht. Yn 't gers forsille de giele, stille, bûksike frucht. Biswarring. Bitink dit yn 'e nachten ast wer allinne bist: It is mar in dream allegearre dêrstou it doel net fan witst. As ûnwêzentlike skimen Geane de minsken om dy. Mar wês net bang - wês rêstich, efkes, en 't is foarby. In dream duorret mar in pear tellen - al liket it dat er in libben lang duorret en dat er gâns hwat bitsjut. [pagina 387] [p. 387] Lit dit dy in treast wêze: hwat der hjoed mei dy bart is mar in tel yn 'e ivichheit dy't neat to bitsjutten hat. Muzyk. foar A.B. Dyn smelle hannen ha hommels de klanken forlost. Nou klimme hja as blide ranken it ljocht to mjitte. En by de ljedder op dy't hja foarmje sille ús freugden de himel bistoarmje. Soestou it witte? Dou hast mei dyn great leed de freugden wekke. Dyn smelle hannen ha ús snaren rekke. En oant de himel sill' har ljedders rize astou de klanken rigest ta in wize. Vorige Volgende