De Tsjerne. Jaargang 7(1952)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Gedeeltelijk auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 385] [p. 385] Hessel Miedema: Douns. Javanen dounsje mei de hannen dounsje hja har út Hongaren ek hja dounsje tsjuster as in fjûr mar Friezen bloune Friezen dy dounsje net twa tsjustre flammen dounsen yn 'e nacht fan iensumheit de bloune Fries woe mei dy flammen dounsje mar hy koe it net doe laken de twa tsjustre flammen Fries bloune Fries kom harren en wy sill' 't dy leare mar Friezen dounsje ommers net de beide tsjustre flammen binn' fordwoun de Fries dy bleau allinnich yn de nacht de swarte nacht fan iensumheit Javanen dounsje Hongaren ek mar Friezen dy dounsje net en sjonge net en kinn' net ienris skrieme as 't nacht is iensum swart Vorige Volgende