De Tsjerne. Jaargang 7
(1952)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Gedeeltelijk auteursrechtelijk beschermd
[pagina 370]
| |
Toaniel VII.Plein mei lûdsprekkers as yn Toaniel VI. Gâns folk. It is skimerjoun. Earne liede in pear klokken. Dan slacht it sawn. Oan de lûdsprekkers foroaret neat, mar dalik bigjint der in Stimme to sprekken, dy't heger wei komt, soe men sizze, as de lûdsprekkers. Dalik by de earste wurden knibbelje in mennich fan de harkers, en wylst de stimme fierder sprekt, folgje mear dat foarbyld.
DE STIMME:
Myn bern, myn bern, jim binne op 'e doele. Jim binne dwaende de ierde en jimsels to forneatigjen. Dêrfoar binne noch de ierde noch jimsels skepen. Jim witte hoe't jim ierde ienris wie, jim witte hoe't hja nou is. Jim moasten har forsiere, mar yn wierheit forniele jim har. Jim moasten har riker en bloeijender neilitte, mar jim meitsje har ta in woastine. Jim moasten rintmasters oer har skatten wêze, jim binne plonderers. De Skepper hat jim net yn ûnkunde litten oer jimsels. Hy hat jim de rede jown en de frije kar. Hy hat jim dúdlik makke hwat jim wei is. Jim binne steld yn in wrâld fan striid, en jim moatte komme ta Syn goede frede. Elts fan jim is roppen om de kroane fan de gloarje to winnen. Mar op jim wize sil nimmen dy kroane winne, hwant jim haetsje en forneatigje inoar. Jim hawwe net mear leaf, jim bigeare. Jim binne net mear tankber, jim forflokke. Jim duldzje net mear, jim oerweldigje. De wei is jim wiisd, mar jim hawwe oarwei wollen en fjouwerje nei it fordjer. Jim sizze dat jim de lytse bern leaf hawwe, jim priizgje jim jongerein as de hope fan de takomst. Mar dit is gehúchel en ûnwierheit, hwant soene jim oars kear op kear jim nije slachten oan de skriklikste forneatig'ing priisjaen? Moat al hwat jong is, dan stjerre fan jim forblining? De ingels yn de himel hawwe dêrom skriemd en binne drôf om jim, mar jim forjitte en farre yn sûnde fuort. Myn bern, ik kom ta jim foar de lêste kear om to warskôgjen. Jim tinke dat jim grime great en bilangryk is. Mar der is ien grime yn de wrâld, as jim dy geande meitsje, | |
[pagina 371]
| |
dan is dat de ein fan jim allegearre. Weagje it net fierder, myn bern, weagje it net fierder. Jim kinne noch tobek. As de riken fan jim ierde fannijs bisykje inoar út to moardzjen, sil der gjin ierde en gjin minskheit mear wêze. Ien fan beiden, jim sille Gods feinten wêze, of jim sille forgean. Doch út jim formidden al de middels ta de ûnderlinge forneatiging wei. Doch it yn in dei en in nacht, of jim sille net mear wêze. Myn bern, myn bern, kear yn ta de stiltme, ta jim gewisse, ta de wierheit Gods, en kies. Dit is jim lêste kâns. Wy leavje jim jit, al is it mei smerte. Frede sij mei jim.
(de stimme swijt. Der bliuwt in djippe stiltme, dêr't men de oandwaning fan de harkers yn fielt. Dy't kribbelen, knibbelje jitte. Dan, hommels, docht de gong fjouwer slaggen en Ijochtet it sifer 4 op. Dalik dêrnei heart men de stimmen fan de Presidint en de harbasjah, oangeand en tjirgjend as earder.)
DE PRESIDINT EN DE HARBASJAH:
Dat ús great en forheven wurk foar de frede en de takomst fuortgong fine sil, en alle sabotaezje op it strangst ûnderdrukt, warskôgje wy eltsenien him net forliede to litten fan de bidrager en misdiediger, dy't it weage hat krekt it wurd tsjin jim to rjochtsjen. Elts fan jim is it dúdlik, dat it fuortbistean fan de frede de forneatiging fan Samarkadia (Salvatoria) easket. Yn dit greate wurk hat eltsenien sûnder mei eat to rekken jen syn plicht to dwaen, en dy't dêryn slop en neilittich is, sil as in ûnweardich folksgenoat weidien wurde. Wy warskôgje jit, mar tonei sille de gewearen sprekke yn pleats fan de wurden. Hwat de ûnleaubere mislieding oanbilanget, dêr't smjunten fan de fyfte kolonne har krekt foar liene litten ha, sadré wy de frede feilich steld hawwe troch de forneatiging fan Samarkadia (Salvatoria), sille wy ôfrekkenje mei dy hurd fan ûnrêst en stokelderij, mei it trouleaze en forriederlike Britanglia, en gjin libbene siel....
(De wurden reitsje fannijs forlern yn in woede fan ûnminsklike hate. Men sjocht dat forskaten fan it publyk har ôfjowe. Derby ûnderskaet men de pake en de jongkeardel fan it tredde toaniel. Men forstiet jit har wurden:)
DE JONGKEARDEL:
Moatte wy nou kieze, pake? hwat tinkt pake dêrfan?
DE PAKE:
It moat, jonge. En ik ha goede moed. Oer de wurden fan dy earste sprekker raze hja dochs net hinne.
(Gordyn.)
| |
[pagina 372]
| |
Toaniel VIII.Yn Fryslân. In boerekeamer, mei de lampe op, jouns foar bêdgongerstiid. Op 'e tafel stiet jit ien en oar, en der leit in Bibel. Om de tafel sitte de helt, de mem, de beppe en in jonge fan trettjin jier.
DE HEIT:
Lit ús sa noch efkes sitte.
DE MEM:
Dû bist oars altyd sa hastich.
DE HEIT:
Ja, as it wurk ropt. Mar nou ropt der hwat oars.
DE MEM:
Net oer bigjinne, Pier. Dêr kinne wy dochs neat oan dwaen. Dû hast bidden foar de frede, en nou moatte wy ôfwachtsje.
DE HEIT:
Ofwachtsje? Dêr bin ik sa wis net fan. Hwat ús joun sein is....
DE MEM:
It radio seit ommers, dat hat in bidragerij west. Hja witte al, hoe't hja it oanlein ha.
DE HEIT:
De wurden hiene de goede klank. It wie de wierheit. De wierheit hat har eigen lûd. It kin sa'n bytsje skele út hokfoar mûle dy komt.
DE BEPPE:
Oarloch of gjin oarloch, wy stjerre alleg'earre.
DE HEIT:
Dat heart by it libben. Mar it hoe en it hwerfoar, dat hat in greate bitsjutting. En dêr stiet men dan foar.
DE MEM:
Och jonge, dû kinst dochs net oars dwaen as neikomme hwat dy sein wurdt.
DE HEIT:
As ik dwaen sil hwat de presidint fan my easket, dan moat ik minsken deadzje. Minsken dy't my frjemd binne.
DE MEM:
Fijannen.
DE HEIT:
Meiminsken. Ik moat meiminsken deadzje. Wy allegear moatte meiminsken deadzje. Ik leau net dat ik it dwaen kin.
DE MEM:
Oars deadzje hja dy.
DE HEIT:
Dizze wei rint fêst. Der is ús in oare wei wiisd.
DE MEM:
Wy binne lytse en sûndige minsken.
DE HEIT:
Minke, dû bist bang dat ik dwaen sil hwatstû wol witst dat ik dwaen moat.
DE MEM:
(skriemt).
DE HEIT:
Mar dû moatst net bang wêze. Dû moatst bitrouwen hawwe. Ek as it tsjuster liket.
DE BEPPE:
Ien dy't gjin bitrouwen hat, mocht wol winskje dat er nea berne wie.
DE JONGE:
Mar heit, wy binne ek net bang wol? ik to minsten net.
DE HEIT:
Dus dû bist der wol foar dat wy dwaen sille hwat wy moatte? | |
[pagina 373]
| |
DE JONGE:
Nou foargoed, heit,
DE MEM:
Jim meije der wol om tinke, it doarp sit fol oanbringers, en men kin de neiste buorlju net bitrouwe. It forrie sit faeks al efter dy gordinen.
DE HEIT:
Lit ús dan mar ris sjen. Nou, dêr steane in stikmannich byinoar to praten, dat is alles. Hoe is it, mannen, kinne jim it hwat iens wurde?
IN STIM:
Hwat dochstû, Pier Annes, as it wer los giet?
DE HEIT:
Ik gean myn eigen wei en bliuw dêr bûten.
DE STIM:
Mar dû moatst dochs ek opkomme?
DE HEIT:
Ik deadzje gjin minsken.
DE STIM:
Jonkje, jonkje, dû meist wol oppasse!
DE HEIT:
Ik deadzje gjin minsken.
(Der falt in skot, en de heit falt efteroer.)
DE MEM:
Dêr wie ik wol bang foar. O God.... o God...
DE BEPPE:
God sil oerwinne. God sil oerwinne.
DE JONGE
(nei bûten):
Hwerom fetsje jim de moardner net?
DE STIM:
Dit is g'jin moart. It bart op bifel fan de steedhâlder.
DE JONGE:
Dy't minsken deadet, is in moardner.
DE STIM:
Hâld dy stil, aep, of wy sille dy leare.
DE JONGE:
Dy't minsken deadet, is in moardner. De steedhâlder is in moardner, de presidint is in moardner!
(Der falt in skot, en de jonge falt oer it lyk fan syn heit. Tsjuster. In stoarm stekt op, en men heart fannijs skotten en gjalpen. Dit hâldt in set oan.)
(Gordyn.)
| |
Toaniel IX.Yn Samarkadia. Kabinets-rie by de harbasjah. Hysels sit foar; rjochts fan him Madame l'Oiseau; fierders, om de roune tafel, alve ministers, dy't net allinne allegear yn uniform binne, mar ek fan wêzen tige op inoar lykje, oft hja allegearre sibben fan de Harbasjah binne dy't hwat yn de pogge sitte. Ien fan har, libbener en minskliker as de rest, kipt der út: it is de minister fan de Swiertekrêft, nimmen oars as de studint, dêr't Madame l'Oiseau in great artyst fan meitsje woe.
DE HARBASJAH:
Unduldbere ezels binne jim. Hjir steane wy foar de greatste krisis dy't Samarkadia ea trochmakke hat. En nou is der in ûre praet en ik ha jit gjin forstannich wurd heard. Wy forgrieme de kostbere nasionale tiid. Hwat doch ik sa mei ministers? | |
[pagina 374]
| |
DE MINISTER FAN DE SWIERTEKREFT:
Dat, heechheit, is krekt de frage. Mar faeks mei ik ek hwat bigryp freegje foar de posysje fan jins ministers. Ek har greate frage is faeks: hwat dogge wy by de harbasjah? Har greate winsk is: wiene wy mar goed en wol wer thús.
MAD. L'OISEAU:
Tige goed, tige goed. Sa komme wy ta de saek. Far fuort.
DE MINISTER FAN DE SWIERTEKREFT:
Hwant it stiet sa: as de ministers hwat oars wolle as syn heechheit, dan wurde hja seld; en as hja itselde wolle, dan binne hja oerstallich.
MAD. L'OISEAU:
Presiis. Lit my freegje meije, hearen: is der ien fan jimme, dy't yn dizze krisis in oare wei sjocht as de Harbasjah sines?
DE HARBASJAH:
Mefrou, mei ik der op wize dat ik sels noch g'jin inkelde wei neamd ha?
MAD. L'OISEAU:
Dat makket hjir net folle forskil, heechheit, Lit my dan freegje: is hjir ien dy't hwat oars sizze sil as hwat de Harbasjah mûglik sizze sil?
(De tsien ministers skodholje forheftich.)
MAD. L'OISEAU:
Dan, mei it each op de krisis, mei ik faeks in útstel dwaen. It is dit, dat de ministers oant neijer oarder mei fakânsje gean sille. Hja moatte har mar ris goed útspringe. Immen op tsjin? Fakânsje mei fordûbele salaris?
DE HARBASJAH:
En hwerom fordûbele salaris?
MAD. L'OISEAU:
Har foarútsichten op geniet fan pensioen ha nea botte ljocht west, heechheit, en nou liket it dêr wol neare nacht mei.
DE HARBASJAH:
Donderje dan mar op.
(de ministers jowe har mei hastige bûgingen ôf, op dy fan de Swiertekrêft nei.)
Moatte jo ek net gean? Ik moat mei Madame allinne prate.
DE MINISTER:
Dan gean ik, heechheit. Mar as ik eat dwaen kin, hoopje ik fan jins heechheit to hearren.
(Ek hy giet.)
MAD. L'OISEAU:
Hy sil nea in great artyst wêze, heechheit, mar syn hert sil jo altyd trou bliuwe.
DE HARBASJAH:
Ik sil it net mear nedich ha, Pépite. It spul is út.
MAD. L'OISEAU:
Kin dat hwat oars bitsjutte as dat der in nij bigjint, heechheit?
DE HARBASJAH:
Ik moat mei dy prate, Pépite. En dû moatst my de wierheit sizze. | |
[pagina 375]
| |
MAD. L'OISEAU:
Ik wit net oft ik dat doare sil.
DE HARBASJAH:
Hwat hastû tocht, juster, doe't earst dy frjemde stim spriek, en doe mines?
MAD. L'OISEAU:
Ik.... ik winske fier, fier hjirwei to wêzen, faeks wol yn it lân dêr't dy stimme weikaem.
DE HARBASJAH:
Ik ha net sliepe kinnen, fan nacht. Ik kin dy stimme en dy wurden net by my wei krije. Der is in Z-bom, dat wit ik, dat leit yn it birin fan de dingen opsletten. Der is ek in God, in Makker. Pépite.... leaustû dat God him oer de minsken bikroadet?
MAD. L'OISEAU:
In Skepper, dy't him net oer syn skepsels bikroadet, dat soe dochs wol tige frjemd wêze, heechheit?
DE HARBASJAH:
Ja, ja, dat haw ik ek tocht, as jong'e. Mar ik ha nea rede noch plan fine kinnen yn de wegen fan de Skepper mei syn skepsels.
MAD. L'OISEAU:
Mar as it skepsel de Skepper neirekkenje koe, dat soe dochs ek tige frjemd wêze, heechheit?
DE HARBASJAH:
Dizze wrâld hat my faek net folle better as in heale hel talike, Pépite, en dêrom haw ik har organisearre sa goed as ik koe.
MAD. L'OISEAU:
Hwa't de heale hel organisearret, makket der sa maklik in hielen-ien fan.
DE HARBASJAH:
Earder hastû oars praet, Pépite.
MAD. L'OISEAU:
De wierheit hat har eigen tiid, heechheit. Wy allegear ha skuld.
DE HARBASJAH:
Sjochstû noch in útwei?
MAD. L'OISEAU:
Hoe soene wy net sjen hwat ús wiisd is? Mar it komt oan op de moed him to gean.
DE HARBASJAH:
As ik my op de wei fan dy aerts-ingel weage, hy soe my dêrwei slingerje yn de djipste rounte fan de hel.
MAD. L'OISEAU:
Net as jins heechheit foar him forskynde mei de freonskip fan Salvatoria yn har hannen.
DE HARBASJAH:
Salvatoria! dat hat gjin oare wil as ús to forneatigjen.
MAD. L'OISEAU:
Om't it sa stjerrende bang is, dat wy it forneatigje wolle.
DE HARBASJAH:
Dat kin wier wêze. Salvatoria is bang fan ús en wy binne bang fan har.
MAD. L'OISEAU:
Wy as minsken, wy kinne allinne libje as wy inoar bitrouwe. Dêrsûnder stjerre wy.
DE HARBASJAH:
Ik ha fannacht neitocht oer dyn lib- | |
[pagina 376]
| |
benswei en mines, Pépite. Dy ingels, fan hwa't nimmen wit oft hja al bistean of net. Ik leau grif dat hja dounsje; mar myn soarte fan polityk, dat sil harres net wêze.
MAD. L'OISEAU:
Hoe soene wy dounsje kinne, heechheit, as eat ús net tilde boppe de swiertekrêft fan ús lyts leauwen út?
DE HARBASJAH:
Presiis. En dat wiist de wei. Dû moatst nou hannelje, Pépite, net ik.
MAD. L'OISEAU:
Ik? hannelje?
DE HARBASJAH:
Dit stik papier. It is it ultimatum oan Salvatoria. Doch dêrmei hwatstû wolst. (As Pépite wifket:) Doch dêrmei hwatstû wolst, siz ik.
MAD. L'OISEAU
(mei strieljend antlit forskuort hja it papier).
DE HARBASJAH:
Dat is goed. Dat is tige goed.
(Gordyn.)
| |
Toaniel X.Yn Salvatoria. Yn it kabinet fan de Presidint, dêr't oars nimmen is as de Presidint sels, en Maureen O'Sullivan, de lêste yn it uniform fan in wacht. De Presidint liket forâldere.
DE PRESIDINT:
Ik moat de generael nou syn opdracht jaen.
MAUREEN':
Der sil net sketten wurde.
DE PRESIDINT:
Der sil al sketten wurde. Ik kin en mei net oars.
MAUREEN:
Foar it lêst, Bill, jow dy rekkenskip. Us wegen gean út inoar, astû dat bifel jowst. It sil foar my it biwiis wêze datstû gek bist, of slimmer as gek. Bitink ek, datstû in boargeroarloch yn Salvatoria krigest op itselde momint dat Samarkadia in needsprong dwaen kin. En der is de Z-bom. Dû kinst sizze hwatstû wolst fan Sint Michaël, mar de Z-bom is gjin fiksje, dy moast komme.
DE PRESIDINT:
Dat alles foroaret neat oan myn plicht en myn eed. Ik moat dit lân bifeiligje, ik mei gjin aventuriers-polityk fiere, ik mei gjin sprong yn it tsjuster dwaen. Ik moat dwaen hwat it folk fan my forwachtet, hwat der ek fan komt.
MAUREEN:
Dan kin ik my fierders wol stil hâlde, dû silst noch op de dei fan it oardiel dyn eigen wei g'ean wolle. Mar hwer binne dy Michaëlistyske centra? Faeks koe men fan ien fan har, by wize fan foarbyld.... | |
[pagina 377]
| |
DE PRESIDINT:
Ik ha se hjir op 'e kaert ûnderstreke. Dû sjochst hoe nuodlik de tastân is. Hja kinne maklik de greate forbiningswegen bihearskje, as ik net dalik taslach.
MAUREEN:
Hoefolle slachtoffers kin dat kostje?
DE PRESIDINT:
Bern, hoe kin ik dat witte? Hûnderttûzen faeks, twa-hûndert.... Maureen, hwat wolst......
(Maureen, dy't efter him stiet, hat har revolver op syn nekke set.)
MAUREEN:
Forroer dy net, Bill. Oars bistû de earste dy't der oan giet. Wês nou forstannich. Dû hast neat mear to wollen. Ik nim nou de forantwurdlikheit.
DE PRESIDINT:
Dit is twang. Dêr protestearje ik tsjin. Dit is in demokrasy.
MAUREEN:
Bêste Bill, op dit pas giet it derom oft der tûzenen ûnskuldigen deasketten wurde sille, en om jit greater dingen. Forweech dy net.
DE PRESIDINT:
In Ierske diktatrise fan Salvatoria! Hoe doarstû!
MAUREEN':
Ik bin allinne diktatrise fan dy, en dat hastû sels wollen. Ik nim de leijen. As ik dit oan dy oerlit, rûtse wy sa yn de ôfgroun. Dat nea troch eigen skuld.
DE PRESIDINT:
Toe dan mar. Wy sweevje nou dochs al tusken himel en ierde.
MAUREEN:
Krekt oft wy dat net altyd dogge.
(Telefoan giet.)
Biroerd, dat ding. Kin ik dy bitrouwe?
DE PRESIDINT:
Ik stean net foar mysels yn, as dy revolver dêr weikomt.
MAUREEN:
Né, sa binne jimme mânlju. Hawar, dan sa. Revolver rjochts, hoarn lofts. Ja, hwat, Samarkadia? de Harbasjah? Hwat, in diktatrise? madame l'Oiseau? Hwa't ik bin? Diktatrise fan Salvatoria.
PRESIDINT:
Maureen....
MAUREEN:
Stil, siz ik. Né, mefrou, ik bin ek gjin politicienne. Dounsje jo? Hwat in hearlik birop! Ik bin in Ierske. Né, ik toanielspylje net, ik bin mar skriuwster. Ja wis, it Ierske toaniel is tige artistyk. De ynternasionale tastân? Ja wis, dy spanning is bispotlik. Né, dat wie bêst yn frede en freonskip to regeljen. Ja, de Z-bom, jawis. Ja, dat fan Sint Michaël moatte wy oan de Paus oerlitte. Dat it dy wei op moat? Abslút mei jo iens, abslút. Dus jo stean yn foar Samarkadia; nou ik wol foar Salvatoria. De mânlju de nedige speeches hâlde litte? Wis, dy hawwe it dochs to sizzen, tominsten, dat moat sa mar lykje. Mei in kertier? | |
[pagina 378]
| |
It is gau, mar wy spylje it wol klear. Ja, in knop? hwat? giet it izeren gordyn fan Samarkadia de loft yn as jo dêrop drukke? Wy sille daelk it foarbyld folgje, fuort mei dy rommel. In wrâld-konferinsje op Wight? Net ûngaedlik, tusken Frankryk en Ierlân. Ja wis, wy gunne Ingelân ek wol hwat. Ja, sûnder frede en freonskip soene wy der nou allegear oangean. Wis moatte wy froulju in eachje yn 't seil hâlde. Jo skillen krekt fan pas. Dêr fortel ik op Wight wol mear oer. Tige tank. Oant sjens, mefrou. - Pang, pang. Dêr giet in fiks stik fan it izeren gordyn fan Samarkadia, Bill. Hja binne ús foar. Wy moatte ús skamje.
DE PRESIDIN'T:
Diktatueren binne demokrasyën yn 't earst altyd foar, Maureen. Mar wy helje har wol yn.
MAUREEN:
Ik leau dat ik dy nou wol wer los bitrouwe kin.
DE PRESIDINT:
Yn ien ding wit ik net oft ik wol meigean kin.
MAUREEN:
(wer ré mei har revolver):
En dat is?
DE PRESIDINT:
Dat kertier is to gau.
MAUREEN:
Ofpraet is ôfpraet. Hjir de skriuwmasine. Diktearje.
DE PRESIDINT:
‘Wy, Harbasjah fan Salvatoria en Presidint fan Samarkadia....’
MAUREEN:
Stommerik. It is ommers oarsom.
DE PRESIDINT:
It is ek sa. ‘Wy, Presidint fan Samarkadia en Harbasjah fan Salvatoria....’
MAUREEN:
Dû bist noch yn 'e war. Hâld dy fierders mar stil. Ik rêd my wol.
(Hja bispilet de tikmasine fierders as in virtuose.)
(Gordyn.)
| |
Toaniel XI.Dit toaniel moat sa ticht mûglik oanslute by it foargeande. It spilet foar de lûdsprekkers. Dalik nei de trije gongslaggen, wylst it sifer 3 foar is, heart men de lûden fan de Presidint: en de Harbasjah, yn bihearske, weardige utering.
REDEFIERING FAN' DE PRESIDINT: FAN SALVATORIA
EN DE HARBASJAH FAN SAMARKADIA:
Wy, de presidint fan Salvatoria en de Harbasjah fan Samarkadia, dogge to witten, dat wy jitris, en dizz' kear meiïnoar en yn goed forstean, de skelen ûndersocht hawwe dy't ús | |
[pagina 379]
| |
steaten fordielden, sa dat hja net tochten nêst inoar libje to kinnen. Dizze skelen wiene âld en great, waerden forskerpe troch de ûngelikense steats-systemen dy't wy folgen, en drigen ta it slimste to lieden troch de hieltyd oanboazjende eangst dy't hja oprôpen. Lykwols, dreaun fan de need op it earnstichst dizze skelen ûndersykjend, ha wy bifoun, dat der neat by wie, dat de dea fan sels mar ien minske rjochtfeardige. Wy hawwe dêrom it fêste bislút nommen dizze skelen to bisljochtsjen lâns de wei fan freonskiplik oerliz, en mocht dit fêstrinne, troch skiedrjochterlike útspraek; en ta dúdlik en oertsjûgjend biwiis fan ús goede wil, ha wy oarder jown dat de saneamde izeren gordinen en fierdere forsterkingswurken dy't diel útmeitsje fan de oarlochs-tarissing, op it g'aust ûntkrêftige en to neate dien wurde sille, dêr't op dit pas dat wy sprekke, ek al alderwegen mei bigoun is. Wy sels sille ús ta definitive regeling fan de neamde skelen mei gauwens om utens jaen, fan doel ek sels in nij bistean to bigjinnen, en wy forsykje dat men ús, sadré't de tiid dêrfoar kommen is, tastean sil as ûnbineamde boargers yn de mennichte fan ús folken to fordwinen. It sil ús genôch wêze as ús nammen yn de skiednis bikend bliuwe as dy fan de lêste regearders fan in âlde wrâld, dy't, it goede wollend, it tsjoede diene, oant in ynsjoch, greater as uzes, ús it ho tarôp en ús brûkte as wurktugen dy't de wei sljochten foar in better tiid; mar dy fortsjinste is net uzes. Frede sij dizze ierde.
(It machtige publyk, dat yn stiltme harke hat, biwarret de stiltme ek nei it útsprekken fan dizze wurden. De útstjûring wurdt bisletten mei motiven út de Eroïca, of oare tapaslike muzyk. Dan geane de minsken út inoar. Foar op it toaniel rjochtet in rizige frou mei in sêft antlit har ta twa oare froulju, dy't meiïnoar lústerje:)
DE FROU:
Ik bin hjir frjemd. Soene jim my faeks de wei nei de tsjerke wize kinne? Ik ha in boskje fioeltsjes foar Sint Michaël.
DE OARE FROU:
Mei alle wille. Wy binne dan oars Protestanten....
DE TREDDE FROU:
Nou, Protestant...., ik bin einliken in atheïste. Mar al tinke wy ûngelyk, dat is goed nijs foar ús allegearre. Ha jo ek soannen?
DE EARSTE FROU:
Ik hie ien. Hy foel yn de lêste wrâldoarloch. Hjoed foar it earst haw ik it fielen, dat er net forgees stoarn is. | |
[pagina 380]
| |
DE TWADDE FROU:
O mefrou.... en wy ha uzes jit... hwat moatte wy dan net tankber wêze....
DE TREDDE:
Wurden sille dat nea uterje kinne.
DE EARSTE FROU:
Net wier? En de tankberens, dêr bigjint alles hwat goed is, mei. Ik bin sa tankber, dat ik tankber wêze kin.
(De trije froulju geane earm yn earm ôf.)
(Gordyn.)
| |
Toaniel XII.Súdlik lânskip, op 'e eftergroun bergen, nei foaren in ôfrinnend gersfjild mei blommen, dêr't men útsjoch wei hat op 'e sé. Hjir en dêr greate platte stiennen, dy't maklik as sitten tsjinje kinne. Lofts nei efteren, as in greate ûntsiering yn in lânskip, in greate heap âld izer; flak dêrby, mei de fuotten der noch yn bitiisd, lizze in pear jonge minsken to sliepen. De jongkeardel is de earste dy't wer bisef fan himsels kriget.
JOHN:
Hwat sille wy nou ha? hwat is dit hjir foar in spul? hwer binne wy hjir? Amy, Amy!
AMY
(noch slûch):
Hwat hastû to bjalten? Ik sliepte noch. Hea!
JOHN:
Dat meistû wol sizze. Binne wy nou dea of libben, tinkt dy?
AMY:
Ik wurd wekker, deagewoan. Krekt as altyd. Mar hwer't wy hjir binne? John, John!
JOHN:
Nou, hwat is der oan?
AMY:
Pas op, pas op! dyn nije Sneinske broek! Der sit in ein stikeltried om dyn iene skonk biwuolle! Foarsichtich, foarsichtich! Ik sjoch dy yn gjin fjirtjin dagen wer oan, as der in gat yn skuort!
JOHN:
Pas dû sels mar op dat stik âld izer, dat heal oer dy hinne leit.
AMY:
It is ek sa. As dat mar gjin rustplakken jowt. Stom, jins bêste spul oan to dwaen foar sa'n útsje. Nou, it falt ta. Hea, hwat soene wy ek wer?
JOHN:
In ein fan dat izeren gordyn by de grins bisjen.
AMY:
It is ek sa. Soe der hwat ploft wêze en wy de loft ynslingere? Soe dit de ierde wol wêze? It is in gâns oar lân as uzes. O leave minsken, hoe komme wy wer thús?
JOHN:
Moatst ris sjen hwa't dêr oan komme. Kinne wy ús sa fortoane?
AMY:
Wy koene wol tsien jier sliept hawwe. Soe dat nou de lêste moade wêze? Och minsken, dan moat ik al myn klean wer foroarje. | |
[pagina 381]
| |
JOHN:
Nou, ik bin dalik net safier dat ik sà de strjitte lâns panderje. Dat is my to loftich.
AMY:
Ei hwat soe 't, dû bist op dysels wol in kreaze keardel. Nou, wy sille har wol oansprekke moatte. Wy moatte op 't lêst dochs hwat witte.
(In selskip fan njoggen minsken komt op, fjouwer mânlju in fiif froulju, allegear op syn âld-Gryksk klaeid, steatlike en moaije figueren boppe de fjirtich. Amy rjochtet har tsjin in frouminske dat foarop giet en tichtste by har is.)
AMY:
Mefrou, soene jo ús sizze kinne hwer't wy bilânne binne? Der is hwat mei ús bard. Wy hienen in frije dei en woene in stik fan it izeren gordyn sjen, en nou wurde wy hjir wekker en bigripe der neat fan.
THALIA
(klear, rêstich lûd):
Alle izeren gordinen binne opromme. It is hwat hastich g'ien. In diel is eksplodearre. Mar hja hawwe ek arbeide mei greate kraenfleantugen, dy't der dan sa mar stikken út weihapten. Jim sille wol mei oppakt wêze en doe earne wer delrûgele. Wy hiene oars dy rommel hjir ek leaver net hawn, it moast allegear yn in ravyn hwat fierder. Mar sa hat dit forsin syn goede kant ek al wer. Hwermei kinne wy jim tsjinje?
JOHN:
Is dit nou Salvatoria of Samarkadia, mefrou?
THALIA:
Gjin ien fan beiden. Dy steaten waerden to great en to ûnbihouwen, dat wy ha har yn stikken knipt. Wy hawwe nou allinne lytse steaten, yn greate, frije federaesjes forienige. Dit is Nij Hellas, en wy binne hjir yn de sechste sfear.
AMY:
Dat is grif in hege sfear, net mefrou?
THALIA:
Noch al, der binne sawn. De heechste is dy fan de hilligen, Wy binne filosofen. Der binne noch fiif legere. Elts is frij to kiezen hwer't er leafst by wol.
JOHN:
Ik bin chauffeur fan myn fak.
THALIA:
Wierskynlik sfear ien.
JOHN:
Hwerom sa leech? It is in forantwurdlik baentsje, dat wol ik jo wol sizze.
THALIA:
Somlike chauffeurs kieze heger. Dat hinget ôf fan har opfettings.
AMY:
Wy ha altyd fatsoenlike lju west, mefrou, mei noch al hege opfettings, al siz ik it sels.
THALIA:
Jim moatte it net forkeard bigripe. Sjoch ris, dit hat binammen to meitsjen mei de wurdearring fan masines. Masines binne minsklike produkten. Lyk as hja yninoar set binne, meije se wol foar moai en gnap gean, mar it is mar minskewurk. | |
[pagina 382]
| |
ZEN'O:
(ien tan de mânlju):
Nim in raeike gers. Dat is by ús in stikje skepping, en dêrom mear as in masine. Foar ús seit dat folle, hwant wy binne gjin goudsikers, mar Godsikers. Yn dy sin binne wy wiisgearen.
AMY:
O heden, ja, dan wit ik net oft wy inoar wol passe. Mei my soe it faeks gean, mar John hat it altyd to drok foar sokke leafhawwerijen hawn. En wy binne troud, sjogge jim, dat wy wolle net elts in kant út. Dêr sille jim ek wol net mear oan dwaen?
THALIA:
Dochs wol, wy hâlde fan oarder en regel. Mar yn elts gefal kinne jim bliuwe as ús gasten. Sjoch, hjir komt noch in oare gast fan ús. De hear Li Tsjing Tsjau, dy't hjoed in koarte lêzing' foar ús hâlde sil.
JOHN:
Dy hear koe wol in Sinees wêze.
THALIA:
Dat is er ek, in man fan greate frede en wiisheit. Wolle jo him bigroetsje, Zeno?
(De Sinees komt op, in âld en weardich man, yn tradisionéle Sineeske dracht.)
ZENO:
Foreare master, wy allegaar binne bliid jo hjir to sjen. Hjir binne jit twa dy't net ta ús sfear bihearre, mar hja binne fol goede wille.
LI:
Wy binne allegear bruorren en susters.
ZENO:
Sille wy nei ús nije lytse Akadeemje gean, master, of wolle jo ús hjir tasprekke?
THALIA:
Wy ha hjir ta forkwikking oars net as in skael kostlike druven.
LI:
Dat sil oerfloed wêze, hege frouwe. Lit ús bûten de muorren fan de minsken bliuwe. En wier, ik haw jim ek gjin wurden fan wiisheit to sizzen, dy't jim birykje koene. Mar ik foun, yn de âlde skriften fan myn lân, in bledside, dy't ik winske jim foar to lêzen, om't hja skreaun is yn de goede geast, dêr't wy jit fan leare kinne.
ZENO:
En hwer hannelet dizze bledside oer, foreare master?
LI:
Oer de goede geast dêr't men yn reizgje moat, freon. Us libben is ommers in reize.
(It Selskip groepearret him om de Wize hinne, en hy lêst foar, rêstich en mei stille bizigens):
‘De reizen fan Mingliaotse.
‘Ik gean de wrâld yn mei in freon dy't hâldt fan de dize oer de bergen en elts fan ús hat in pompoen en in pij, en wy nimme hûndert jildstikken mei. Mear ha wy net nedich, mar dy hâlde wy altyd op hûndert foar de need. En sa geane wy to biddeljen troch stêdden en doarpen, by fermiljoenen | |
[pagina 383]
| |
poarten en wite slotten, by timpels fan Taoïsten en klinten fan muontsen. Wy tinke der goed om hwat wy freegje, wol rys mar gjin wyn, en wol grienten mar gjin flesk. De toan fan ús biddeljen is dimmen, mar net gûlderich. As de minsken hwat jowe, nimme wy wer ôfskie fan har, en as hja neat jowe, nimme wy ek ôfskie; it is ús der allinne om to rêdden de honger to kearen. As guon minsken ûnfatsoenlik binne, bûge wy ta andert. As it tige hyt is of tige kâld, moatte wy in ûnderdak sykje foar it minne waer. Underweis geane wy oan kant om oaren foarby gean to litten, en by in fearboat wachtsje wy, dat de oaren earst yn it boat kinne. Mar as der in stoarm is, bisykje wy net om it wetter oer, of as der in stoarm opstekt as wy al healwei oer binne, bêdzje wy ús geast del, en litte it mei bigryp fan it libben oer oan it lot, en sizze: As wy by it oerstekken al fordrinke, is it Himels wil. Kinne wy dêroan ûntkomme mei soarch en ûnrêst? As wy net ûntkomme kinne, dan is dat de ein fan ús reis. Mar kinne wy aldergeloks ûntkomme, dan farre wy fuort lyk as earder. As wy ûnderweis in rouwe jongkeardel moetsje of by ûngelok tsjin him oanbotse, dan freegje wy hoflik om ûntskuldiging. As wy dêrnei dan dochs net oan fjochterij ûntkomme kinne, dan is dat de ein fan ús reis. Mar kinne wy der al oan ûntkomme, dan farre wy fuort lyk as earder. As ien fan ús siik wurdt, dan bliuwe wy dêr't wy binne om de syktme to forsoargjen, en de oare sjocht om hwat medisyn, mar de sike sels nimt it rêstich op. Hy keart yn ta himsels, en is net bang fan de dea. En sa foroaret in slimme sikens yn in lichte sikens, en in lichte sikens genêst samar. As it lot wol dat ús dagen teld binne, dan is dat de ein fan ús reis, mar oars farre wy fuort lyk as earder. Fansels bliuwe wy foar de nacht yn in matten klinte of in stiennen hûs, mar as wy sa'n plak net fine kinne, dan bliuwe wy de nachts lizzen by de timpelpoarte, of yn in rots-hoal, of bûten minskene muorren of ûnder hege beammen. Miskien sjogge de berchgeasten en tigers en wolven wol op ús del, en hwat moatte wy dan bigjinne? De berchgeasten kinne ús gjin kwea dwaen, mar tsjin de tigers en wolven kinne wy ús net fordigenje. Mar wurdt ús lot net yn de himel bistjûrd? Dat wy litte dat oan de wetten fan it wrâldal oer, en foroarje sels net fan kleur. As wy opiten wurde, dan is dat ús lot, en dat is dan de ein fan ús reis. Mar as wy ûntkomme, dan farre wy fuort lyk as earder.’ | |
[pagina 384]
| |
THALIA:
Winskje jo druven, foreare master?
LI:
In pear soene my nou goed fan pas komme.
(Hy nimt guon.)
ZENO:
It liket my ta, dat hwat jo ús foarlêzen hawwe, master, opmerklik is troch syn ynderlike klearens.
IN OAR:
It is in bisterking fan hwat wy al earder foun hawwe, dat alle wiere kultuer berne is út de stiltme.
THALIA:
Sa liket it my ta, dat wy as earste en greatste wearde by it sykjen nei de goede libbenswei, dizze neame moatte: de ynkear ta de stiltme. De hilligen soene sizze: it earediel bliuwt oan Maria.
ZENO:
Mar de died wurdt net bilytse, as hy twad komt. En sûnder mis is de died to priizgjen dy't fuortkomt út it ynderlike ljocht. En dit wurdt miend, as wy prate fan harren dy't fan goede wille binne.
IN TREDDE:
Yndied, wy binne as brekliken berne, mar de goede wil kin ús foarmje ta minsken dy't sterk binne, en ta greate dingen ré.
IN FJIRDE:
Mar ek de goede wil moat de earbied kenne, en leare forduldich to wêzen by it stadige ripingsproses fan it natûrlike.
IN FYFTE:
Forduldich wiswier, yn greate forduldigens; mar har foarste taek, troch hwat hja is, sil jimmer wêze to folhurdzjen.
THALIA:
En dêrmei koe dan de wei foun wêze, de wei foar ús allegearre, dy fan de ynkear ta de stiltme, fan de goede wil, fan de forduldigens en de folhurding. Sa ienfâldich is it libben. Nim fan myn druven, jim allegearre: der is oerfloed.
(Hja lit de druven roungean.)
(Gordyn.)
EIN.
|
|