De Tsjerne. Jaargang 7(1952)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Gedeeltelijk auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 368] [p. 368] Geart Jonkman: Fjouwer gedichten. Rekken. Sjoch... Jim pleaget Net hwat stil En stom En sûnder wil De sleat oereaget Mar net weaget Om der troch Nei fetter greide Né - hwerom? Sok fé wurdt wol forweide. Jim argewaesje Is it naesje Dat forhipt Jim gers to fretten En net foar de sleatten Stean bliuwt Mar jim pript En fan it nêst driuwt Sljochtwei samar jimme bloed priuwt Om't it sûnder bloed forrekt Sa'n biwegelik ynsekt. By great Fryslans bedste. foar Frouwe Justitia. Siik en skeind Om't er him ienris skamme Foar de memmetate En biprate Liet en dronk De drankjes sûnder narame, By de tûme heind, Hâldt elkenien him foar: Hjir is gjin salve to forstriken It siket om de lŝte siken Gjin dokter kriget jit gehoar. [pagina 369] [p. 369] Mimerij. foar Met Postma. As 'k sêft de brikken poen Fan 't dierber ynstrumint Krekt foar mysels fornimber... Dan leit yn my de soen Fan simmersk temp'ramint En stilte fan Septimber En fetsj' ik dan gjin spoen Fan hiel dit labyrinth Fan hiel dit greate wûnder.... As 'k sêft de brikken poen Fan 't dierber ynstrumint Bin ik der lokkich ûnder. Finale. foar Joan Madou. Pearels binne oan kralen reaun Dreamen yn it sân biskreaun En wurden sein En wer forflein En neat is bleaun Fan dy yn my Fan my yn dy As dizze spjalt.... Unwennich balt In bist yn my. Vorige Volgende