| |
| |
| |
Sjoerd Leiker:
It avontur.
Wy hiene eartiids by ús in master, dy neamde himsels in man fan De Dageraad. Hy wie der fan oertsjûge dat de sinne yn it opgean wie oer it tsjuster minskeforstân en al is dat hjoed de dei allegear al wer oars en moat men sizze dat de rede dochs noch mar net trochkringe kin en faeks ek wol nea torjochte komme sil by de oplossing fan 'e lêste geheimen, it is lykwols al sa dat master Goarter en dy mannen wol har ynfloed hawn ha. Him en party oaren, fakentiden heechbiwittenskippe mannen, is it slagg'e God en goaden werom to bringen ta oars neat as hwat poeha fan 'e tsjerken of ta bylden fan it minskehert, dat siket om hwat.
Togearre mei in freon, in advokaet, hat master Goarter der gauris op út west om ljocht to bringen op plakken dêr't nòch it skaed fan swiere tsjerkemuorren falt, mar al net sa slim mear, en Jan Heikes, de jurist, die dan trochstrings it wurd, omdat Goarter mear de oerstjûrens om hwat hy neamde it dom-hâlden-fan-it-folk by him hie as de wissichheit dat de moaije útkomsten fan 'e rede net mear wei to praten wiene. Nou wie Jan Heikes der fansels ek mear ta wend om to praten foar in saek, foar in oarenien, foar in kliënt; hy hie it altiten wer yn 'e macht om ôfstân to nimmen, mear as master.
Jan Heikes sei altiten yn it foar: - ‘Us witten is út de twivel berne.’ Master sei dan: - ‘Ja, mar ho ris even, dy en dy, in heechbiwittenskippe man, sei dat en dat,’ en dan kaem er yn it fjild mei wapens fan in kaliber dêr't gjin tsjerkeman it tsjin úthâlde koe.
Mar hawar, op in jountiid, it wie sahwat om Krysttiid hinne, doe sieten master en Jan Heikes noch hwat nei to praten om 'e stamtafel yn 'e Phoenix, en doe sei master: - ‘Mei in dei of hwat, Heikes, dan is it spul wer los, Krystfeest hjir en Krystfeest dêr en it folk mar wer de eagen tichtstruije mei dat forhael fan de berne soan fan God en ik wit net hoestou der ûnder stiest, mar it is my slim yn 'e wei dat wy ús dan net opponearje, dat wy der foarwei krûpe en sizze: - Och, lit it folk mar gewurde, ju. My tinkt, wy hawwe in taek.’
| |
| |
Jan Heikes tocht earst fan net. - ‘Lit de lju noch mar hwat snobje fan 'e mythe,’ sei er, wylst er it kopke kofje efkes oan 'e kant skoude, ‘it kristendom is dochs rounom op retour, it hat himsels ûnmûglik makke, dat lit ús ús nou kalm hâlde en bitrouwe dat it aenstens dochs sa komt as wy ús dat tocht hawwe. De kristenen binne kaem yn Afrika mei yn 'e iene hân de Bibel en yn de oare hân de swipe en de jeneverflesse. Hja hawwe de negers ta slaven makke, hja hawwe de Inka's yn Súd-Amearika útroege, hja hawwe foar in minskelibben gjin earbied hawn, en leau my nou - ik bin humanist - dat sil harren sûr opbrekke. En dy en my ek, hwant wy sitte mei dat folk yn 'e selde blauwe skûte.’
- ‘Nou, just,’ sei master, ‘dat om dy reden haw ik tocht: hja feest, dan wy ek, mar dan earlik, hè'n?’
- ‘Hoe dan?’ frege Jan Heikes.
- ‘Nou,’ sei master, ‘wy swylje it folk byinoar út it loazjemint ‘De Vrolijkheid’ yn 'e Hounesteech en de paria's, dy't meiïnoar húsmanje yn 'e âld skoalle, wy bringe dat folk hjir boppe yn 'e seal fan 'e Phoenix; der komt hwat swiet spul fan 'e bakker, der sil in fetfol sûkelarjemolke wêze en in goed wurd fan dy en der sil songen wurde.’
- ‘Och, dat wurdt wer skoaltsjeboartsjen, ju,’ sei Jan Heikes.
- ‘Sa moat it bigjinne,’ sei Goarter stûf, ‘elemintair.’
- ‘Ja, fansels,’ stimde Heikes mei, ‘mar kin men by dy lju hoopje op in kromke reedlik ynsjoch?’
- ‘Ho, ho,’ sei Goarter, ‘it binne minsken; earbied, freon, earbied, asjeblyft.’
Nou wie dat wol sa, it wiene minsken, mar oar soarte minsken as dat men sa Sneins byinoar bringe koe op gearkomsten fan 'e Dageraad. Gjin yntelligentsia, gjin sneupers op it mêd fan 'e wittenskip, mar sutelders, alteast út ‘De Vrolijkheid’, omstrúnders, los folk en út 'e âld skoalle koe men in pear sigeuners forwachtsje mei de hiele famylje, skjirreslipersfolk en dan noch in hynstekeapman en in man, dy't sigaren makke dêr't hwat in kninelucht oan siet, in arbeider út 'e bosk en hwat frjemd soarte froulju dêr't de ynstinkten noch net in útwei yn foun hiene yn it kreas en himmel hâlden fan in boargerhúshâlding.
- ‘Slachtoffers fan in biskaving, dy't him kristlik neamt,’ sei master, ‘krekt de lju, dy't wy hawwe moatte.’
Heikes sei: - ‘Ik wit net, master, ik leau hast dat eltse biskaving in keppel barbaren efter har oan hat, mar men
| |
| |
kin it fansels avontûrje en bring sokken ris op in joun byinoar op in feest. Faeks hat it ús hwat to sizzen. Ik bin wol nijsgjirrich om to witten hwat.’
- ‘Dat is gjin grounslach,’ sei Goarter.
- ‘Né,’ andere Heikes, ‘dat is it wis net.’
Der moast, neffens Goarter, ta dat folk sein wurde: Kom ta jimsels, wit hwat jim wurdich binne, ûnderken de wetten fan it bistean, bring jim libben op in heger plan en alsahwathinne. - ‘Afijn, jo witte dat sels wol, Heikes, gjin meilijerich reklassearderspraetsje, g'jin gejeuzel fan minskenjim-binne-op-'e-forkearde-wei-mar-der-is-noch-hope, mar planút, minsken, jim hawwe it sels yn 'e hân.’
- ‘Ja,’ sei Heikes, mei reserve, ‘it moast al ris bisocht wurde.’
Dus master, in organisatoarysk talint, dy brocht dat foarinoar. Hy stapte nei ‘De Vrolijkheid’, dêr't twa susters, tierige âldfammen, it biwâld oer hiene en hy moast him efkes deljaen efter in gleske dêr't twa oare gleskes njonken kamen to stean, fan dy froulju. Hy wie ûnthâldersman, mar hy moast net sa healwiis dwaen, waerd der sein, en hy waerd oer de rêch streake doe't er dan dochs mar in taest nei de folle romer die, hwant oars wie it neat wurden. De froulju, beide allike foreale op sa'n moai en eptich manspersoan, seine, hy moast mar gauris werkomme. It feest, dat wie wol yn oarder.
- ‘Kom mar ris op in jountiid,’ sei de jongste. Hja hiene beide ek in bytsje bigreatsjen mei him. Dy man hie fansels thûs net folle wille en nou hied er in moai forlechje foun om mei harren yn 'e kunde to kommen. Yn 'e âld skoalle sei it folk: - ‘O, heden né, gjin drokte.’ Dat folk woe sliepe, as it net by de streek wie en feest, dêr moat men op klaeid wêze, is 't n't sa? Hie de master of master syn frou faeks noch hwat to missen, in âld stik klean, âlde skuon of in âlde kachel miskien? De master die tasizzing dat der op syn feestjoun kleanspul forparte wurde soe. Heikes wie de earste dy't de kast op weijowersguod neisjen moast, hy hie noch neat út 'e wei set, dat dan moast er dêr mar mei bigjinne. Master sels skodde ek syn garderobe hwat út en sa wiene der mear, dy't hwat oan 'e kant lizze moasten.
- ‘As it nou mar in bytsje evenredich om en ta giet,’ sei Heikes binaud.
Goarter leaude, dat soe wol slagje. - ‘Dat folk falt jin
| |
| |
ta,’ sei hy. It wie alhiel net sa oerdwealsk en oerstjûr as der wol ris sein waerd. Och, heden né. Dy froulju yn ‘De Vrolijkheid’, dêr wie best mei to praten. Dat wiene nou froulju sa't men se hawwe woe, froulju mei bigryp oer manljuspraet, rom fan opfetting en dochs froulju, jin fuortendaliks neirinne mei kofje en sa.
- ‘Drank tink,’ sei Heikes.
- ‘Ja, mar dat binne se nou ienkear sa wend,’ sei master, ‘mar as men seit: Né, froulju, gjin drank, nou, dan is dat ek goed, is 't n't sa?’
De âldfammen wiene ré om de master yn alles gelyk to jaen. Hy siet by harren to praten as stied er foar de klasse, mar fan syn plan kaem by harren yn it earst oan net folle op 'e hispel. De trije, fjouwer g'asten fan ‘De Vrolijkheid’, de bakjerinders, dat like harren net goed ta.
- ‘Och, soe dat nou wol hwat foar dy mannen wêze?’ Dy mannen koene oan de doarren faek noch wolris in praetsje opsette, mar sa jouns dan siet dat folk mar hwat stil to slûgjen om 'e kachel, fakentiden ridderslein, hwant it wiene minne tiden. - ‘Der sit net folle libben mear yn,’ sei de jongste, ‘neat wurdich, master.’
En men koe dochs ek net alles oanhelje op sa'n feest. - ‘Wolle jo dat folk út 'e âld skoalle der by hawwe, dat rosmos?’
Dat wie it doel al, ja. Nou, dan kamen de froulju net. De gasten fan ‘De Vrolijkheid’ moasten dan mar in útnoeging hawwe op skrift, krekt as it leger des heils dat die. Mar doe master wer. Hy hat him út 'e liken skrept om de lju byinoar to praten. It wie foar him in earesaek wurden om Heikes in sealfol folk to biskikken.
It die bliken, der moast ek noch muzyk by, hwant men moast sa'n joun fleurich hâlde kinne. It kaem in slompe jild to kostjen, mar hoe mear as it útgroeide, hoe mear wille master hie oan de tarieding fan alles.
Hawar, de regeling wie wol sa pûrbêst dat de joun moast slagje, it koe net oars. En it wie net bleaun by hwat laffe sûkelarjemolke, it bigoun mei in dreech miel iten. Doe kaem it kleanspul op 'e lappen, foar eltsenien in moai stik, en fuortendaliks dêrnei de taspraek fan Jan Heikes. Alles wie stil, sels de bern. En Heikes prate en doe ek noch de master, dy't it folk sa goed kennen leard hie en dy't wist op hokker punten dy minsken bilies jaen moasten yn in wrâld dy't de mûle fol hie fan kristlike deug'den, dy't sa
| |
| |
njonkenlytsen kristlike ûndeugden wurden wiene en dan in oar mar stroffelje litte en gjin rekken hâlde mei de útkomsten fan de wittenskip, net mear libje doare, mar jin forskûlje yn in skyn fan libben en mar bidde yn sté fan de lodde yn 'e groun en dolle nei de suvere boarnen fan in echt, great en hertstochtlik minskebistean.
It wie in wurd dêr't men jin oan oplûke koe. Der kaem dan ek applaus op en ûnder dat applaus in touche fan de muzyk. Der wie stimming, der wie sfear en Heikes sei: - ‘Jo hawwe myn twivel foar in great part weinommen, Goarter, dit is moai, dit is great, dit is humanisme fan it boppeste buordtsje.’
Hja stiene togearre efter yn 'e seal. Heikes hie de hân op it skouder fan Goarter en ek it folk, oars sa rûch en tsjin 'e tried en wolris hwat al to folle libjend op himsels, bisocht mei rankune, mei haet fan de iene tsjin de oare, it hie alle skelen oan 'e kant set. It wie ien en mien meiinoar. De fammen fan ‘De Vrolijkheid’ hiene de greatste wille mei de hynstekeapman út 'e âld skoalle en mei de sigaremakker. En de mannen fan de muzyk hiene de seal sa folslein mei, dat de seal woe nei de planken ta en de harmoanikaspylders woene wolris efkes ûnder it folk, dat op in stuit doe sieten de sigeuners op it podium efter de ynstruminten en nei dy harren demonstraesje woe ien fan de bakjerinders it wurd hawwe.
De man hie de triennen yn de eagen. - ‘Hwat in joun, minsken,’ sei er, ‘hwat in joun!’
Hy woe tank bringe oan de eale hearen, dy't dit foarinoar brocht hiene. De froulju sieten al to knipen yn 'e bûsdoek, hja wisten hwer't dit op útrinne soe. Dat wisten Heikes en master noch net.
- ‘Us mem,’ sei de sprekker doe mei in gûlende úthael, ‘hat my ta Jezus brocht, minsken, mar it is bard, sa't dy eale hear hjir niis sein hat, dat ik stroffele bin....’ De master hie al hwat oars sein en hy forblikte doe't er dit tsjûgenis hearde fan in fortrape kristlike siel.
Heikes helle de hân fan master syn skouder en soe nei foaren ta, mar de hynstekeapman houd him, op it midden fan 'e seal, fêst en sei mei in stim dy't rau wie fan emoasjer - ‘Dit is it, o God, o God, dit is it.’ En njonken de sprekker sprong in sjongster op it toaniel en brocht mei triljende stimme nei foaren:
| |
| |
Ginds in een steeg vol ellende en nood,
vond men een knaap aan de rand van de dood....
Hwat in forskuorrend leed yn dat liet en hwat in ôfgryslik g'emis yn dat jonge libbentsje, hwant doe't se dat jonkje fregen, hoe't it stie mei syn siel, moast it sizze dat nimmen him noch ea to wurd west hie oer Jezus. It jonkje stoar, mar it muzyk joech in touche, hwant it jonkje gyng nei de Heilân en de hynstekeapman en de beide âldfammen fan ‘De Vrolijkheid’ setten fuortendaliks yn mei:
veilig aan Jezus' hart....
Der waerd snokt yn 'e seal, der wiene guon dy wiene der sá yn wei, dy lieten de triennen mar oer de wangen streame; der waerd hjir en dêr ek klapt op 'e mjitte fan it geastlik liet en der wie in man, dy stie oerein mei de pet foar de eagen om yn dizze stoune syn hiele hert út to stoarten foar de libbene God.
En it muzyk heinde dat alles wer moai op troch de sêfte ynset fan
Stille nacht, heilige nacht....
Dy jonges wiene nou ienkear hierd foar de stimming, dy koene alle kanten út, ek wol de kant fan de frommens en de sillichheit en doe't it dan dochs noch in âlderwetsk Krystfeest wurde moast, doe waerd opslach it hiele repertoire omsmiten.
Master stie forslein njonken in kellner, dy't it wol witten hie, sei er, dat it sa wurde soe. - ‘Dat is altiten sa mei dit soarte fan folk, mynhear.’ En Heikes stie mei de hân oan 'e holle by it lewant, sahwat op 'e helte fan 'e seal. Dy hat hjirmei de genadeslach hawn, tocht master en hy sei tsjin 'e kellner: - ‘Ik moat noch ienkear oan it wurd, hwant dit kin net, dit mei net bistean,’ mar de kellner praette fan: - ‘Och, mynhear, doch dat nou net, tink om ús meubilair; ik sjoch it dochs al in gat yn 'e kop en ik woe dat ik dit folk mar wer kwyt wie.’
Doe kaem Heikes nei efteren ta. Hy stroffele by de stuollen lâns, hy hime hwat doe't er einlings njonken Goarter stie en hy sei: - ‘Ik wol fuort,’ mar de kellner skodholle en sei: - ‘De hearen moatte der al by bliuwe, hwant de hearen binne forantwurdlik foar dizze gearkomste.’
- ‘Just,’ sei Goarter resolút, ‘rop de baes, wy wolle dy forantwurdlikheit ôfkeapje.’
It koe mei harren wol hwat skikt wurde, tocht de baes,
| |
| |
en der waerd dan sa akkoarte dat de kellner soe der dan, sadré as dat koe, wol in ein oan meitsje. Hy hat noch oan de nachts ien ûre ta yn 'e Psalmen stien.
- ‘Der moat sluten wurde mei gebet,’ hie de baes al in pear kear sein. De jonges fan 'e muzyk hiene ek al in wink hawn, mar as dy ynpakten dan wie der wer in sprekker. De baes naem op it lêst de hynstekeapman efkes apart en sei: - ‘Ik sil it goed mei jo meitsje en slút jo dan nou de gearkomste mei in tapaslik gebet.’
- ‘Ik doch it forgees,’ sei de hynstekeapman royael.
Hy kaem al gaueftich op it toaniel to stean, hy hie de hannen gear, hy wie al hwat aparts fan doel, mar hy moast it, fanwegen de krapte fan wurden litte by: - ‘Minsken, it moat ôfroun wêze, halleluja, amen!’ Doe jitris en nou foar it lêst in úthael fan de muzyk mei it roffeljen fan de tromme en de seal roun leech. Der hie gjin inkelde wanklank west, der wie net sûpt, der wie gjin kopke skeind, g'jin leppeltsje wei - ‘en gjin stoel oan spuonnen, hoe is 't mûglik,’ sei de baes.
Master woe him dat letter ûntstride dat it dochs hwat wûnderliks west hie, dy joun, mar Heikes sei: - ‘Né, né, de baes hat wol g'elyk.’
- ‘It is fansels to forklearjen,’ forfette er efkes letter, ‘der is neat dat net to forklearjen is of ienris net forklearre wurde sil, mar op 't heden siz ik noch wûnderlik, ja, ik kin der net by.’
- ‘Och, man,’ sei master, ‘it is ommers sa ienfâldich as it mar kin.’ Hy joech jitris syn útliz en sei: - ‘It muoit my fansels al dat it bard is, dat àl, mar hwa fan ús hat sein: Faeks hat it ús hwat to sizzen en ik bin wol nijsgjirrich om to witten hwat?’
- ‘Dat hat myn persoan sein,’ andere Heikes.
- ‘Just,’ sei Goarter forheftich en hy die in taest nei de krante, dy't mei in greate kop melding makke fan ‘onlusten’ yn Súd-Afrika.
|
|