Jo Bitelje en wy antwurdzje.
(It stellen fan fragen foar dizze njje rubryk stiet frij, bihâldens de postsegel. De antwurden kostje lykwols in stûr it wurd. Der moat dus fan to foaren opjown wurde hoefolle wurden it antwurd bifetsje moat. Fierders wiist it himsels. By al to greate floed fan fragen kin de hiele rubryk stilset wurde.)
P. Gr. to Tn.: Just, soks moatte wy hjir ek ha!
P. to Gr.: Né, de litteratuer fan Jan Mayen-eilân is sa djip net as dy fan Nova Sembla. ‘Eare hûla’, de nije Frysk-litteraire striidrop, is, as 't ús net mist, Súd-lofotysk. Mei de foarstreek bidoelt de dichter Wybenga de lange yn twa helten sniene strjitte yn Ljouwert dy't oan 'e ein bigjint en einiget by it gasfabryk.
Juffer Kn. to Str.: Yn Amearika brûke hja optheden in nije fining: toskepasta mei sex appeal-preparaten. Miskien is dat hwat foar Jo. Hearre wy ris hoe't it ôfroun is?
Dr. X. to Y.: Né krekt, soks moatte wy hjir net ha!
Mefr. F.-Fr. to Fs.: As jo op Hollânsk lêzen oergean wolle, riede wy Jo de Libelle oan. Dat is it iennichste blêd yn Hollân dêr't noch gjin eksper. fersen yn stien hawwe. Eva en Margriet binne ek al net suver mear.
Utj. K. to D.: Jou suggesty om by elke bydrage yn De Tsjerne in taljochtsjend kommentaer to jaen, is tige! Wy stelle it ús sa foar: ‘De dichter fan dit sonnet skreau dat sonnet doe't er nei in pear dagen gryp wer foar 't earst in jounkuijer makke hie yn 'e omkriten fan syn wenplak Aldetrine. Hy hat doe, thúskommen, earst syn piip trochstutsen, ûntjarre, stoppe en yn 'e brân dien, dêrnei in Punt op syn poatlead slipe, syn wiif en bern op bêd jage en him doe ta skriuwen set. Hy is nei in ûre wer bykommen. Doe wie it sonnet der, bihalven in rymwurd op 'e ein fan de twadde rigel fan de earste terzine (dat is fan de redaksje). De dichter wol mei dit sonnet sizze, dat it dy jouns yn 'e omkriten fan Aldetrine moai waer wie, mar hwat lûkerich. De punt efter de lêste rigel wol sizze dat it dêr út is.’
Juffer Sn. Kw. to Hl.: Jo soene it sa noch ris bisykje kinne: jouns as it tsjuster en ûnlijich is, foar syn hûs lâns rinne en lûd ‘Boeh’ en ‘Eara Hûla!’ roppe. Dêr wurde sokke jongfeinten ornaris hytsich fan. Helpt it net, dan mar ris oars omsjen. Der binne mear Frysknasionale âldfeinten.
Juffer Kl. to Kw.: Ien fan Jou 94 gedichten is goedkard, wurdt opnommen yn it Sept.nûmer 1976. De oare 93 wurde Jo yn 'e rin fan 1963 weromstjûrd.
Juffer Dj. to Pr.: Jou ynstjûring ‘Fiif en tachtich nije Fryske Sinteklazesangen op meidijen fan Strawinsky en Hindemith en mei printsjes fan Riet Cruber’ kaem to let om noch yn ús Sinteklazenûmer. Takomme jier ris wer ynstjûre.
Sj. Skr. to Smj.: Né, ús meiwurker I. de Merw Manàos is gjin Bask, mar in Boksumer. Mar it forskil seit ús net folle. Jo?
E.S. to Bj.: Oft in konduktrise in minske is, doare wy sûnder neijer ûndersiik in loco net út to meitsjen. Mar dat Konduktrise in boek is, stiet foar ús as in peal boppe de groun. It bistiet út papier, drukletters, in rêch, in bân, in omslach en in foar- en in efterkant. En hwat mear seit: it bigjint by it bigjin en einiget op 'e lêste bledside.