De Tsjerne. Jaargang 7
(1952)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Gedeeltelijk auteursrechtelijk beschermd
[pagina 346]
| |
Toaniel IV.Yn Samarkadia. In lytse kolleezje-seal fan in universiteit. Ien fan de dosinten, mefr. Towmarop, is dwaende in leargong to bisluten. De professor, sa goed as har fyftjin of tweintich studinten binne yn in soarte fan uniform, giel fan ûnderen, blau fan boppen. Mefr. Towmarop har hiele foardracht is sa methoadysk, dat der neat persoanliks yn oerbleaun is; sels har enthousiasme (en hja is altyd enthousiast as hja de Harbasjah neamt) wurdt mei birekkening nei foaren brocht.
MEFR. TOWMAROP:
Nou, achte harkers, kom ik ta de ein fan dizze njoggen-en-njoggentichste les, de lêste fan dizze leargong, en ik wol bisykje gear to fetsjen hwat ik bisocht haw jim by to bringen. It earste moat dan wêze, hwat in grinsleaze eare en biwûndering binne wy net de Harbasjah skuldich! Syn wetjaende arbeid is ûntsachlik; twa-tûzen-fjouwer-hûndert-en-seis-en-tritich wetboeken skriuwe ús nou foar hoe't wy op it ienfâldichst en effektyfst libje kinne. En dat siz ik einliken jit forkeard. Ut myn histoarysk oersjoch hat it wol bliken dien, hoe bitiisd en riedeleas eardere slachten wol west hawwe en yn hokfoar freeslike rampen hja wol net staet binne fan dy skriklike opjefte, dat hja libje moasten. Miskien kin it yn wierheit kolossale wurk fan de Harbasjah it bêst gearfette wurde yn dizze formule: de Harbasjah hat ús bifrijd fan dizze net nei to kommen opjefte, en yn pleats dêrfan ús leard libbe to wurden. Ik herhelje: ús greate bifrijing, dy't wy tankje oan de Harbasjah en oan nimmen as de Harbasjah, is, dat wy, yn pleats fan to libjen, nou libbe wurde. Gjin hearliker frijheit, gjin silliger frede as to witten, dat wy ynstruminten binne fan de Harbasjah. Greate energ'yen binne yn ús frijkommen, foar de Harbasjah. Sûnder mis, dizze energyen binne nedich; de taek fan de Harbasjah sil net earder foltein wêze as mei de fal fan de steat dy't alle minsklike lok en woltier bidriget, de fal fan Salvatoria! De greate | |
[pagina 347]
| |
dei komt hurd tichterby, meistriders, en ek dit folk sille wy bifrije en it leare libbe to wurden! Wy binne vitaler, lyk as de statistyk fan de sels-moarten yn beide lannen dúdlikernôch oanwiist. Ja, sels nou al kinne wy sizze, de boargers fan Samarkadia springe yn it libben lyk as de Harbasjah bigeart, dy fan Salvatoria springe yn it neat, lyk as hja sels bigeare! Goed dat hja yn it neat springe, it iennichste plak dêr't hja thús hearre! Meistriders, ik bislút mei dizze wurden dy't de kultuer fan de hiele wrâld bislute; del mei Salvatoria! lang libje de Harbasjah!
(De kollegianten herhelje dizze útroppen trijeris, de earste kear mei in fûle slach op de tafel of bank foar har, de twadde en tredde mei har sa djip foaroer to bûgen dat har foarholle deselde meubelstikken oanrekket.)
MEFR. TOWMAROP:
Wy meije leau 'k wol sizze, dat dizze leargong in heechtiid west hat, in gastmiel fan wiere Samarkadiaenske wiisheit. Dy't jit eat to freegjen hat, kin him by my oppenearje. De oaren hawwe nou sawn ûren militaire gymnastyk.
(De seal rint leech, op ien studint nei, dy't him nei de professor jowt. It is in tsjeppe, linige jongkeardel, mear persoanlikheit as de oaren.)
MEFR. TOWMAROP:
Hwa wiene jo ek wer?
DE STUDINT:
Jierg'ong 83, nr. 3125286, professor.
MEFR. TOWMAROP:
Just, nr. 3125286, en hwat wie jou swierrichheit?
DE STUDINT:
Professor, ik soe jerne hwat mear frijheit ha wolle, en dan yn it erotyske.
MEFR. TOWMAROP:
Alle wegen binne ús wiisd fan de Harbasjah. Jo wolle dochs gjin eigen wei gean?
DE STUDINT:
Allinne, ik soe sels in wiif kieze wolle, professor, en ik soe ek meiwitte wolle, hoefolle bern oft ik ha sil.
MEFR. TOWMAROP:
Hwat muoit it my dat to hearren. Jo moatte sliept hawwe by myn twa-en-tritichste foardracht, doe't ik dizze matearje bihannele.
DE STUDINT:
Doe net, professor, mar ik sliep nachts wol ris, en dan dream ik ek wol ris.
MEFR. TOWMAROP:
Dat binne forkearde oanf jochtings, dy't jo strang bistride moatte. Jou winsken binne atavistysk, en dêrby ûnreedlik en ûnnatûrlik. Ik ha ommers yn myn histoarysk oersjoch dúdlik makke dat dizze tinkwizen al lang ôfdien hawwe. Yn eardere ieuwen hat der yndied in | |
[pagina 348]
| |
yndruk hearske, dat in man in wiif keas. Doe is der in greate wize kommen, in foarrinder mei ik wol sizze, fan de Harbasjah. Hy hiet Chow, en foun de wet fan Chow út, dy't sa is: As in man in wiif kiest, is hy al fan it wiif keazen De wet fan Chow; forjit dat nou net wer. Dat bigear is dus allinne mar skyn. Hwat bern oanbilanget, wie de saek jit bitiisder, hwant de minsken trouden yn dy tiden jit sûnder to witten hoefolle bern hja ha moasten, Dat hja makken hielendal gjin birekkening', of hja makken ien dy't op gjin stikken nei útkaem. De greatste ûngeregeldheden en ûnseedlikheden binne dêrút fuortkommen. Jo bigeare dochs net yn sokke tsjustere tiden werom to fallen?
DE STUDINT:
Miskien haw ik wol hwat demonysks yn my, professor, mar ik wol dy wei al út.
MEFR. TOWMAROP:
Nr. 3125286, dan wurde jo seld; dy âlde ôfdwalingen wurde net wer tastien.
DE STUDINT:
Mar seld to wurden is it lêste, professor. Ik mien, jo hawwe it dochs ek hawn oer in útsûndering?
MEFR. TOWMAROP:
Yndied, en dy is fêstlein yn Wetboek 637, diel XIII. Om't it bliken die dat de nije houlikswetten ûngunstich ynwurken op de bloei fan de kunsten, en de Harbasjah der greate wearde oan hechtet dat dy bloeije sille, is der by de Nije Erotyske Polityk in útsûndering makke foar de tige greate artysten. Binne jo in tige great artyst?
DE STUDINT:
By myn witten net, professor.
MEFR. TOWMAROP:
Jo moatte òf in tige great artyst wêze, òf seld wurde. Mar nou haw ik gjin tiid mear foar jo: hjir is bisiik foar my.
(Op komt nou mefrou Pépite l'Oiseau, in Frânske dounseresse fan greate namme en jit greater charme. Har ûnwjersteanberheit tanket hja oan har tige tsjep uterlik, har sierlik licht biweech, en faeks meast fan allegear, oan har selsume takt; om't hja gjin bigryp hat fan in wierheit-ansich, seit hja tsjin eltsenien, hwat hja yntuïtyf fielt dat men it leafste heart; en om't hja, as it derop oan komt, in goed hert hat, laet dit trochstrings ta de bêste resultaten.)
MAD. L'OISEAU:
O mefrou, tûzenris forjeffenis. It muoit my sa ûntsettend dat ik jou forljochtsjende foardracht misse moatten ha, mar jo witte hoe't dat giet as men toeriste is. Yndied mefrou, Pépite l'Oiseau, danseuse. Hwat in to biwûnderjen bouwurk, dizze universiteit! Rounom fielt men de greate idé, de bisieling, it geny. | |
[pagina 349]
| |
MEFR. TOWMAROP:
Us kunsten en wittenskippen bilibje in tiid fan greate bloei, mefrou.
MAD. L'OISEAU:
Hwat oars kin men forwachtsje, ûnder de Harbasjah! Hwat in great kunstner, hwat in treflik learde moat hy wêze, om oan de rike kultuer fan jim lân sa'n lieding to jaen! O, men hat de gloarje fan ús leaf Frankryk ivich neamd, mar wier, mefrou, by alles hwer't myn geast nou fol fan is, wit ik net hwer't wy bidarje! En Salvatoria, mefrou, ik ken it, mar hwat in binachte lân is dat, by dizze oerfloed fan initiatyf, dizze skeppende genialiteit! En hwa is dizze hear, ek ien fan de professoaren oan jim heech-forneamd kolleezje?
MEFR. TOWMAROP:
Alderminst, mefrou: in jong studint, dy't great gefaer rint fan seld to wurden, as er net better fan syn oplieding profitearret.
MAD. L'OISEAU:
Nim net kwea, mefrou; seld wurde, is dat sakje foar in eksamen?
MEFR. TOWMAROP:
Seld, mefrou, wol sizze supprimearre, eliminearre, likwidearre, yn oare wurden, oergean ta it neat. Alles hwat tsjin de wil fan de Harbasjah yngiet, wurdt mei koarter of langer tiid seld.
MAD. L'OISEAU:
En sjochdêr in rjochtlinige, konsekwinte polityk, dy't oaren ta foarbyld wêze koe. Alles ienriedichheit, rounom ienheit, en dy't oars wol: seld. Mar dit is in kreas jongkeardel, en sûnder mis, mefrou, soe it jo dochs ek wol bigreatsje as er sa oan syn ein kaem?
MEFR. TOWMAROP:
Energy dy't ûnnut foar de steat forlern giet, bigreatet my altyd, mefrou.
MAD. L'OISEAU:
En hoe soe dat ek oars kinne? En dan binammen, as dy energy sa'n aerdige foarm oannimt. Mar dan, sûnder mis is der dan ek wol in skikking mei de himel to meitsjen, mefrou?
MEFR. TOWMAROP:
Dêr soe ik my net oer útsprekke kinne, mefrou, mar dit bilanget net de himel oan, mar de Harbasjah. Der soe allinne in útsûndering foar dizze jonge man makke wurde kinne, as hy in tige great artyst wie.
MAD. L'OISEAU:
Priizgje de Harbasjah, dy't nou suver om alles tocht hat! En fan tige greate artysten haw ik forstân, omdat ik sels ien bin. Dat dizze jong'e man artistyk timperamint hat, sjocht men mei in eachopslach, en hy soe bêst de greate artyst wêze kinne, dy't ik as partner foar myn útfieringen sa nedich haw. Kom hjir ris, jonge man. Stek jou rjochter earm út. Nou jou lofter skonk. Moai, nou | |
[pagina 350]
| |
beide tagelyk. Hiel goed. Spring. Jonge man, ik sil mei de Harbasjah oer jo prate, en jo sille in tige great artyst wurde, ta eare fan de Harbasjah.
DE STUDINT:
Ik wol alles dwaen, mefrou, wier alles, as ik my sels dan mar in wiif sykje mei.
MAD. L'OISEAU:
Jonge man, it sil al jou krêften freegje de froulju op in ôfstân to hâlden. En by ien sil it dochs net slagje, en dy wurdt it dan.
MEFR. TOWMAROP:
Neffens de wet fan Chow, presiis.
MAD. L'OISEAU:
Neffens de wet fan de sterkste, soe ik sein hawwe, mar faeks is dat wol itselde as hwat jo de wet fan Chow neame. Yn 'e goede, hwat sille wy nou hawwe? Hjir is ek altyd hwat to rêdden.
(In patrouille fan trije man komt op, de gewearen foar har út, mei de rop:)
Romte foar de Harbasjah! romte foar de Harbasjah!
MEFR. TOWMAROP:
Net to leauwen! hwat in foarrjocht! de Harbasjah!
DE PATROUILLE-LIEDER:
Binne jo Pépite, de dounscresse?
MEFR. TOWMAROP:
Ik? ik bin professor.
DE LIEDER:
Romte foar de Harbasjah! Allinne de dounseresse Pépite moat hjir bliuwe. De oaren moatte mei trije tellen fordwoun wêze, Oars wurde hja sûnder útstel seld. Ien; twa; trije.
(Mefr. Towmarop en de Studint ha al op net al to weardige wize de wyk spile.)
MAD. L'OISEAU
(nou dochs foralterearre):
Help, help! Moart, brân!
DE LIEDER:
Mefrou, jo meije raze en roppe safolle as jo mar wolle, mar it is forbean hwat oars to roppen as Lang libje de Harbasjah!
MAD. L'OISEAU:
Lang libje de Harbasjah! lang libje....
(Mar de Harbasjah stiet al foar har. Op it each liket er net folle oars as in robúste winkelman fan goed fjirtich, dy't it slim drok hat. Hy sjocht leafst swart, en dan liket er ek tige grimmitich, mar hy kin glimkje, en dan twiivlet men dochs net oan syn goede bidoelings. Mar hy is sels de slaef fan dy goede bidoelings, en kin troch syn fanatisme sa de skrik fan de wrâld wurde. Hy is klaeid yn in ienfâldich uniform mei learzens, en draecht net mear as ien greate dekoraesje.)
DE HARBASJAH
(tsjin de wachten):
Opdonderje, en gau.
(Dy binne al fuort.)
Madame, ik bin de Harbasjah.
| |
[pagina 351]
| |
MAD. L'OISEAU
(automatysk):
Lang libje de Harbasjah.
DE HARBASJAH:
Ik kom ûnforwachte en hastich, mar dat doch ik altyd, en it hat syn reden.
MAD. L'OISEAU
(har wer bihearskjend):
De boppeminsklike posysje fan Jins Heechheit makket sa'n blitzeffekt ek wol needsaeklik.
DE HARBASJAH:
Madame, jo ha mear brein as de measte froulju. Ik kom yn forbân mei it interview dat jo by jins oankomst yn myn lân jown hawwe.
MAD. L'OISEAU:
Inkelde ûnskuldig'e wurden, heechheit, dy't net fortsjinnen dat Jins Heechheit dêr by stilstean soe.
DE HARBASJAH:
Madame, jins wurden wiene goed keazen en in great kunstneresse weardich.
MAD. L'OISEAU:
Wurden, Heechheit, sjitte dochs faek tokoart by hwat men wier fielt. Mar ik biwûnderje jo oprjocht, en dêr woe ik foar útkomme.
DE HARBASJAH:
Madame, ik bin jins tsjinder. Oer de artistike bits jutting fan jins kunst hoopje ik my in oare kear mei jo to ûnderhâlden. Mar ik ha net wachtsje kinnen om mei jo to redendielen oer de militaire kant dêrfan. Jo binne op 'e hichte fan ús forhâlding mei Salvatoria; wy moatte ré wêze. Nou lieten jo yn jins interview útkomme, jo tochten, oplieding yn dounsjen soe de wearde fan ús legers ta'n goede komme.
MAD. L'OISEAU:
Heechheit, dêr doar ik foar ynstean Foar alsidige lichems-oefening is dounsjen nedich, en ek foar hurding. Us training is swier. En dan...
DE HARBASJAH:
Far fuort, madame.
MAD. L'OISEAU:
As sedige frou uterje ik my net maklik oer dy dingen, mar de boargers fan Salvatoria binne gjin Adonissen, en de boargeressen fan dat lân soene fan jins jonge helten, as hja yn myn kunst útblonken....
DE HARBASJAH:
Treflik, madame; jo fiele klear en tinke djip. Mar fierders, madame, doelden jo noch op hwat oars. Jo lieten trochskimerje, jou kunst laette ta de oerwinning' fan de swiertekrêft. Sa stiet it yn myn rapport.
MAD. L'OISEAU:
Heechheit....
DE HARBASJAH:
Ik spylje iepen kaert mei jo, madame. Wy sette mei ús militaire tarissing alles op alles. Us izeren gordyn is in ûnnimbere taestbere reäliteit wurden. Wy kinne eltse ynvaezje ôfslaen. Wy binne foar njoggen-en-njoggentich-hûnderste ré. Mar dat forflokte Salvatoria is ús tech- | |
[pagina 352]
| |
nysk noch eat yn 't foar. Wy moatte ús konsintrearje op nije útfinings. Ik haw in fielen, madame, dat jins kunst perspektiven ynhat, dy't ek militair fan de aldergreatste bitsjutting wurde kinne. Us loftwapen is fabeleftich, mar it is neat by hwat dan mûglik wurde soe. Ik bin in praktysk man, madame, mar ik krij fisioenen as ik my dêr yn jow.
MAD. L'OISEAU:
De flecht fan jins fantazije is lyk as jins hiele persoanlikheit, Heechheit, mar ik doar der net foar ynstean....
DE HARBASJAH:
Madame, gjin wurd mear. Ik rop jo oan myn hof. Dizze greate mûglikheden wolle wy ta de groun ûndersykje. Yn de greatste krêftsynspanning fan ús lân sil jins kunst ús ûnskatbere tsjinsten biwize. Samarkadia sil dounsje, dounsje, dounsje, en ear't Salvatoria derop bitocht is, sil it de Wrâldhearskippij bidounse hawwe.
MAD. L'OISEAU:
Heechheit, ik bin mar in swakke frou, en myn krêft....
DE HARBASJAH:
Yn Samarkadia wurde fan eltsenien topprestaesjes frege, madame, en wy allegear arbeidzje hurd, hurd, mar it tempo jowt nimmen oan as de Harbasjah. De Harbasjah is jins tsjinder, madame. Bitrou op my.
MAD. L'OISEAU
(yn démoedige lytsens):
Lang libje de Harbasjah.
(Gordyn.)
| |
Toaniel V.Yn Samarkadia. In foarseal yn it paleis fan de Harbasjah. Men heart dounsmuzyk, by fleagen. Yn de foarseal wachtsje prins Zupurof, it haed fan ien fan de greatste biwapenings trusts, en Lord Sunlight, de seinboade fan Britanglia.
LORD SUNLIGHT:
Ik soe tankber wêze as hja nou ris in skoft ophâlde woene mei dy dounserij. Yn bitrouwen sein, ik bin hjir foar in earnstich boadskip. Ik moat in nota oerbringe.
PRINS ZUPUROF:
Dy fordomde dounserij hjir langer! De Harbasjah liket by neat oars mear bilang to hawwen. Wy binne al in hiel set oan it ûnderhanneljen oer in nij great biwapenings-plan, en ha it ta in geniale opset útwurke, mar de Harbasjah tinkt om neat as syn dounsjen, liket it wol.
LORD SUNLIGHT:
Mar myn bêste prins, dit ryk is dochs al sa almeugende sterk, hoe soene hja mear wapens nedich hawwe? Ja, der is fansels noch altyd Salvatoria. | |
[pagina 353]
| |
PRINS ZUPUROF:
Krekt oft dat neat is! Ik siz jo, dy har biwapening giet alles hwat der oant nou ta west hat, to boppe. Wy witte der fansels wol hwat fan, hoewol ek net alles. Wy hiene lykwols de Harbasjah oertsjûgje kinnen, dat in ûnforwachte oanfal fan Salvatoria jit altiten ta de mûglikheden biheart. En ús nij plan wie hielendal dêrop basearre.
LORD SUNLIGHT:
Bêste prins, wy gerive inoar wol ris faker mei in bitroulike meidieling. Nasionael ha wy ommers yn jim trust ek great bilang. Kinne jo my sizze....
PRINS ZUPUROF:
Allinne de haedsaek, de détails binne strang geheim. Us foarslach wie Samarkadia ta ien greate festing' to meitsjen.
LORD SUNLIGHT:
Ja, prins?
PRINS ZUPUROF:
De Súdgrins, dy't it meast bidrige is, moast dan de Hûlûmaja's wêze. Dy woene wy fan ûnderen oant boppen bipânserje, en dan oan de foet fan eltse berch ien ûntsachlik fleantúchdekskip.
LORD SUNLIGHT:
Súd fan de Hûlûmaja's? is dêr dan in sé?
PRINS ZUPUROF:
Op dit pas net, mar alles hwat súd dêrfan is, litte wy forsinke.
LORD SUNLIGHT:
Mar ik mien to witten, dat dêr ek in bifolking is fan inkelde hûnderten miljoenen.
PRINS ZUPUROF:
Op dit pas al, mar dy litte wy mei forsinke.
LORD SUNLIGHT:
Pas op, prins, pas op. Myn tsjintwurdich regear hat humanitaire sympathyën, en it soe in nota stjûre kinne.
PRINS ZUPUROF:
Jim soene jim skamje oer dy humanitairigens. Allegearre konservatisme en reäksje. Dy minsken binne oer hûndert jier dochs allegear dea, en hwa hat nou bilang by hwat foar de ivichheit mar in pear tellen is? en hoefolle problemen wiene der net mei oplost?
LORD SUNLIGHT:
Ja, as men it sa bisjocht....
PRINS ZUPUROF:
De greate dingen moat men great bisjen, en hwat goed is moat men yn greate styl trochsette doare. Sit de minsken dochs net altyd mei nota's dwers. Hwat is der nou wer to rêdden?
LORD SUNLIGHT:
Yn bitrouw en sein, myn regear makket biswier tsjin in rigel yn it nije Samarkadiaenske folksliet.
PRINS ZUPUROF:
Jit nea acht op slein. Hoe is dat dan? | |
[pagina 354]
| |
LORD SUNLIGHT:
It is sa:
‘De hege hear, de Harbasjah,
Dy dounset oan de stjerren ta;
Hjoed hat hy Samarkadia,
En moarn sil hy it ierdryk ha.’
PRINS ZUPUROF:
Lyryk fansels, mei hwat oerdriuwing, mar dat heart sa yn in folksliet.
LORD SUNLIGHT:
Myn reg'ear makket biswier tsjin: ‘En moarn sil hy it ierdryk ha’.
PRINS ZUPUROF:
Man, formuozje dêr gjin papier oan, mar biwapenje jim.
LORD SUNLIGHT:
Dat soene wy graech dwaen, mar wy ha gjin sinten.
PRINS ZUPUROF:
Forkeapje in stik fan jim lân as steunpunten, en biwapenje de rest mei it jild dat jim dêrfoar krije. Wês praktysk. Feilichheit foar alles.
LORD SUNLIGHT:
Myn regear is nou prinsipiëel tsjin op alle imperialisme, en kin der dêrom net yn meigean dat de Harbasjah it hiele ierdryk kriget. Mar de nota is yn tige formoedsoenjende wurden steld, en einliken oars neat as ien great komplemint foar de Harbasjah. Koe ik dy nota nou mar kwyt wurde. As ik de kâns krij, dounsje ik mei en triuw him in minister yn syn uniform.
PRINS ZUPUROF:
As ik de kâns krij, dounsje ik net mei, mar ik sil dy forflokte Française oan it forstân bringe, dat hja sa de libbensbilangen fan de steat yn 'e wei stiet.
LORD SUNLIGHT:
Pas op, pas op. Bihearskje jo en wês op jou iepenst Ik leau dat hja dizz' kant útkomme.
MAD. L'OISEAU
(jit efter de skermen):
Omtinken! Nou mei it folksliet! Syn Heechheit en ik dounsje foar! Folgje al myn biweg'ings, doch alles krekt sa nei lyk as ik it foardoch!
(Muzyk en sang: ‘De hege hear, de Harbasjah.....’ Madame l'Oiseau en de Harbasjah dounsje de foarseal yn, folge fan forskate oare pearen. Lord Sunlight en Prins Zupurof bûge djip, mar nimmen slacht acht op har. Lord Sunlight makket in pear ûnwisse biwegings, dounset dan in pasmannich sa goed en sa kwea as it giet, solo mei, en sjocht syn nota kwyt to wurden; mar de prins stapt nei koart birie op Madame l'Oiseau ta, en stekt driigjend fan wâl:)
PRINS ZUPUROF:
Madame, ik ha driuwende dingen. It plan fan de Hûlûmaja's.... | |
[pagina 355]
| |
MAD. L'OISEAU:
Stil, ûndogenske man!
(Hja jowt him in klap om de earen, dêr't er fan omtrûzelet; alle oaren folgje har foarbyld, en jowe har buorman in klap om de earen; yn de bitizing kriget de Harbasjah ek ien.)
DE HARBASJAH
(majesteitlik forwoedend):
Ha! ha! Ha! sel....
MAD. L'OISEAU:
Hwat nou? O, in lyts forsin. Fan g'jin bilang. It dounsjen gie treflik, wier treflik. Bileaven gjin ûnderbrekking. Ik kommandearje nou. Jitris, en mei jit mear bisieling: ‘,De hege hear, de Harbasjah....’
(De douns formearret him wer, en giet fierders it paleis troch. Lord Sunlight dounset him net ûnredsum by de mannichte wei, en komt foor prins Zupurof to stean, dy't jit oer de flier leit.)
LORD SUNLIGHT:
Ha 'k it jo net sein? Men moat jin oanpasse. Ik bin nou wol hwat efter de pûst, mar ik bin myn nota kwyt. Hat men ea sokke sprinkhoannen sjoen? Dêr siet wier in magyske krêft efter, mar goed, dan ûntwikkelje wy ek magyske krêften. Ha jo jo sear dien, prins?
PRINS ZUPUROF:
Sear? Tûzen divels! Dit wurdt in gekkeboel, de lju forstean gjin reden mear. Der moat hwat barre, of ús saken gean nei gychem. Ik sil binnen 24 ûren Salvatoria en Samarkadia inoar de oarloch forklearje litte. It is nou moaijernôch. Wy sille har nou oan it forstân bringe hwat boarterij is, en hwat earnst!
(Gordyn.)
| |
Toaniel VI.Plein mei lûdsprekkers as yn Toaniel III. Fan wjerskanten komme boargers op.
EARSTE BOARGER:
Is it al los?
TWADDE BOARGER:
Né. It kin nou eltse minút bigjinne.
EARSTE BOARGER:
Bigjinne hja sa, of komme der ultimatums?
TWADDE BOARGER:
Men forwachtet ultimatums.
EARSTE BOARGER:
Fan hwa?
TWADDE BOARGER:
Fan beide, op krekt deselde tiid, en dy rinne dan mei in healûre ôf.
TREDDE BOARGER:
In great sukses fan de biweging foar reglementaire oarlochsfiering. Ultimatums hearre der by.
EARSTE BOARGER:
Ja, oars fielt men jin forrifele. | |
[pagina 356]
| |
FJIRDE BOARGER:
Binne der ek forbeane wapens?
TWADDE BOARGER:
Né. Alles is frij. Dêr hat de biweging foar reglementaire oarlochsfiering' ek foar ivere. Bommen, gassen, basillen. A la guerre comme à la guerre.
TREDDE BOARGER:
Hoe lang soe it dizz' kear duorje?
EARSTE BOARGER:
Fiif minuten.
TWADDE BOARGER:
Fiif jier.
IN BOARGERESSE:
In fortretlike boel. Ik hie it hjersthimmeljen hast dien, en nou sit men der mei, en men wit net hoenear't men dien kriget.
TWADDE BOARGER:
As men dien kriget.
(Der stiet nou gâns in mannichte foar de lûdsprekkers. De gong slacht fjouwer swiere slaggen, en it sifer 4 ljochtet op. Djippe stiltme.)
DE RADIO-STIM:
Londen. Fan 'e middei om healwei trijen hat in mitich mantsje in Edammer tsyske út Pippy's warehûs yn de Oxford-strjitte stellen.
IT PUBLYK:
Hwat seit hy? - It radio is gek. - Hwat in minne organisaesje! - En dêrfoar bitellet men nou altyd. - Hja moasten de radio-minister deasjitte. - Hy stjûrt de saek mei opset sin yn 'e war, hwat ik jo siz.
DE RADIO-STIM:
Yn Londen is hiele Scotland Yard alarmearre. Yn de stêd hearsket in opmerklike spanning. It greate biswier is, dat it frijwol ûnmûglik is in sig'nalemint fan it mitige mantsje to krijen. Hy wurdt biskreaun as in blanke, as in Mongoal, mar ek as in neger. De spanning is sa great wurden, dat de ûndergrounske stilstiet. Men forwachtet dat mei gauwens alles stil stean sil.
IT PUBLYK:
Hwat in bispotlike gekheit! - En dat hat nou ienris sa'n great folk west. - Mei gauwens giet hiele Ingelân foar in mûs op 'e rin, - Dat hie dy âlde Churchill bilibje moatten! - Hja meitsje har bispotlik foar de hiele wrâld. - Dan binne Salvatoria en Samarkadia al stikken better organisearre. - Dy meitsje har net drok oer Edammer tsyskes!
DE RADIO-STIM:
Mear bysûnderheden binne nou bikend wurden oer it Edammer tsyske. Yn wierheit giet it hjir oer de forneatigjende Z-bom, dy't de foarm fan sa'n tsyske hat. Lyk as de ynwijden bikend is, bitsjut de ûntploffing fan de Z-bom de forneatiging fan alle libben op ierde.
(De gong slacht fiif, en it sifer 5 springt nei foaren.)
IT PUBLYK:
De Z-bom! - Nou, dêr bliuwt men effen foar stean! - Nou sil de bûter jild jilde! - In dief fan de | |
[pagina 357]
| |
Z-bom! - Dêr moat men ek wol in Ingelsk regear foar hawwe, om dy omtoarkje to litten op 'e toanbank fan in warehûs!
DE RADIO-STIM:
De wurdfierder fan it Ingelske regear, dat mei fakânsje is, dielt mei, dat it biwarjen fan de Z-bom al har opmerksumens en soarch hawn hat. Op advys fan de bitûftste haed-detectives is destiids bisletten, de bom to biwarjen op in plak, dêr't er foar eltsenien foar de hân lei, en dus nimmen him sykje soe. Der moat lykwols in flater makke wêze yn de kânsbirekkening. Salang't it Regear mei fakânsje is, kin der fansels neat dien wurde; mar men achtet it net útsletten, dat it dêrnei gearkomme sil en mûglik yn bitinken nimme om de haed-detectives in torjochtwizing to jaen, as hja by dy tiid de Z-bom net wer to plak bringe.
IT PUBLYK:
Dat wurdt spannend, oars net? - As it dy stomme polysje noch west hie, mar de haed-detectives! - Nou, dy krije de dief wol. - Ja, mar hja ha gjin signalemint. - Nou giet it derom! - Minsken, minsken, sok moai nijs hat der yn g'jin tiden op it radio west!
DE RADIO-STIM:
Yn it tsjuster fan de heimsinnige saek fan it Edammer tsyske, alias de Z-bom, is in ljochtstriel fallen, dy't ta de oplossing fan dit aldernuodlikste mystearje liede kin. Neffens in meidieling oan Scotland Yard sil de man, dy't nou yn it bisit is fan de Z-bom, it publyk joun om sawn ûre oer de radio tasprekke. Hy hat him bikend makke as Sint Michaël.
IT PUBLYK:
Hwa? hwat? hwa is dat? - Is dat net de minister-presidint fan Canada? - Né, ik leau fan in bandyt op Sicilië. - In advokaet, dy't yn Peronia yn de polityk gien is. - Né minsken, ien út it laech fan dy âlde kening fan Rumenië, dy't it mei Anna Polka oan de stok hawn hat!
IN KLEAR EN FEST FROULJUSLUD:
Jim binne allegearre fier mis! Sint Michaël is de aerts-ingel! (It publyk keart him allegearre nei de sprekster, dy't in sereen antlit hat en nou yn it midden stiet.)
IT PUBLYK:
Hwat, hwat, hwat, in aerts-ingel?
DE FROU:
Hiel wis. De aerts-ingel hat de Z-bom. Hiel wis. (It publyk stiet forsteld.)
(Gordyn.)
(Tonei it lêste.)
|
|