dat bringt er der, qua filmforhael net better ôf as de bitûfte tuskenbeiden scenario-skriuwer. Hy bilydt yn dit forhael ‘about humanity’ in stik fan syn eigen rypjende libbensfilosofij: ‘all that I want is truth, and a little dignity’. Dy wierheit en dy weardichheit siket er yn in stikje ienfâldige, opofferjende minskeleafde.
As men fêststelt, dat it forhael ryklik konvinsioneel is, hat de krityk wol sahwat syn gerak krige. Hwant hy spilet, as fan âlds, wer sa masterlik, dat men de biswieren forjit en oan de ein ta meinomd wurdt. Sok spyljen oerwint alle litteraire swakheden en ûntwapenet de grimitichste kritikus, sels de generaesje, liket my ta, dy't noch net âld genôch is om jong to wêzen. It geheim fan dit spyljen, fan syn persoan? Ja, hwat is it geheim fan it geny? Men kin allinne konstatearje, dat er mei al syn lea wûnders docht, dat syn prachtige ekspressive kop it tournoaifjild is fan alle minsklike oandwaningen, dêr't de tragyk jimmer wer bilies jowt tsjin de humor, de pine oerljochte wurdt fan de glim, en dêr't pose en waen ienfâldich dealake wurde. Syn parody op it libben (hy kin ek yn dizze film, dêr't in waes fan wémoed oer leit, net út syn fel krûpe), syn parody op it libben, ek op himsels, is sa sublym, dat men soms net wit, oft men laitsje of gûle moat, en dan mar laket, hwat ek syn bidoeling is.
De dialogen yn dizze film binne fûnkjend en dichterlik, en ek dêr 't se soms rutsen wurde, boeije se oanienwei.
De striid fan de âlde artyst, dy't de skippen efter him forbrânt, swak faeks as forhael, wurdt yn Chaplin syn útbylding in muisklik drama. Dêr't it gefaer fan sentimentelens efkes wankt, wurdt it daliks opheve yn in ûnwjersteanbre, soms barmhertige humor.
As er, om ien foarbyld to neamen, yn de lêste foarstelling, op in stuit bang is, dat syn partner, de dounseresse, dy't oan eangstpsychosen lijt, it net úthâlde sil, falt er efter de coulissen op 'e knibbels en bidt: ‘Keep her going, keep her going’. In toanielfeint fynt him dêr en freget: ‘Hwat sille wy nou ha, ien fan de fiif op 'e rin?’ Hy fljocht oerein en antwurdet: ‘Ik haw 'm al wer’.
Fragminten út Charley syn libben as clown passe folslein yn it ramt fan it forhael. Se wurde hjir fortoand as dreamen fan de haedfiguer. Kostlike kolder, dy't alle lytse en greate bern opwynt.
Filmtechnysk hâldt Chaplin it ek op 'e ienfâld en mijt er oerladingen en kunstgrepen. Hy bihearsket de kamera like goed as syn eagen en mûle. Hwat er jin yn rêdde byldwikseling sjen lit, is forrassend.
De sweevjende muzyk past alhiel yn de sfear fan it variétélibben.
Fan de oare figueren falt Claire Bloom, dy't de dounseresse spilet, bisûnder op. Chaplin hat har in pear jier lyn per adfertinsje ûntdutsen en hy hellet der út hwat der yn har sit. En der sit frijhwat yn: yn Stratford hat hja mei great talint Ophelia yn Hamlet spile. Yn ‘Limelight’ fortsjinnet hja de heechste lof, dy't in stjerre bigeare kin: hja is in weardige partner fan Chaplin.
Fierders is ‘Limelight’ sahwat in famyljefilm. Charles syn soan Sydney spilet de jonge komponist. Net min, mar ek net opfallend. Alleraerdichst binne de opnamen yn it Londense strjittelibben fan syn lytse bern Geraldine, Josephine en Michael.
Mar alles en allegearre bihearskjend is de haedpersoan, clown en kunstner by Gods graesje, romantikus en minskefreon, favoryt