De Tsjerne. Jaargang 7(1952)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Gedeeltelijk auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 343] [p. 343] Tsjits Peanstra: Fiif gedichten. Geisha. As de tunen geurje, de beammen blossumje en de winen fol binne fan leafde, sil ik dounsje foar dy, sil ik dounsje yn 'e strielen fan it moanneljocht, op it blau fan 'e sé en op de wite top fan de Foesji, sil ik de snaren fan de samisen poene en sjonge fan myn langstme. Earne, silstou my dounsjen sjen en yn dyn dreamen harkje nei it liet yn 'e nacht. Kearpunt. Ik stean forlern yn 'e romte. Weagen komme en spiele oan myn fuotten en keare ta hwer't hja berne binne. Winen drage harren liet nei de ivichheit. Ik stean forlern yn 'e romte. Bylden en tinzen stoarmje op my ta en jowe nearne rêst. Ik spylje paljas foar de wrâld; foar it jimmer longerjend publyk. Hoe lang? [pagina 344] [p. 344] Snein. Reinen - stjalpich reinen. - Minsken dy't as bange bisten lâns de huzen gean'. Oppers dy't yn lange rigen to forrotsjen stean'. Blommen dy't forrinnewearre de forsoarge perken skeine. Uren dy tó stadich stjerre, sneinen, dy tó stadich eine. Reinen - stjalpich reinen. - Wraldboarger. Ik bin kosmopolyt. Hwer fyn ik hâld? Alle minsken - alle lannen drage it merk fan 'e ûndergong; suchtsje ûnder it stof fan 'e forgonklikheit; skrieme om it needlot dat hja berne binne en om de wémoed fan it forlerne lok. Oeral glimkje eagen my ta, eagen, dy't al stoarn binne, dy't nea libbe ha. Hark, de fanfares klinke, is dit it bigjin? Gûl ik omdat ik berne bin? omdat ik bang bin? omdat ik libje? Nearne fyn ik hâld. Ik bin kosmopolyt. [pagina 345] [p. 345] Totoanstelling. In lange gong dy't laet nei hirael of hel - produkten dy't stald binne, pronksels yn gouden listen ûntstien út 'e waensin, nûmere en prize. Rigen dy't gjin ein fine: - minsken. - O, God, nim my wei; biwarje my foar de hate en de wredens fan it publyk, biwarje my foar de willekeur en de rol dy't ik spylje moat. Forskuor it doek, brek de list oan spuonnen en nim my wei út dizze binearjende romte, nim my wei fan dizze eksposysje dy't ik nea bigripe sil. Vorige Volgende