| |
| |
| |
A. Jousma:
Lette loge.
Fan fakânsje hâld ik net, dat hat altyd in bjusterbaerlik ding west. Elk seit, dat it myn arbeidsumheit eare oandocht; mar ik fornim it fine glimke om 'e mûlen wol en hoe't hja elkoar efkes oansjogge mei kwealik forhoalen spot. Doch is it foar my in feit: in minske libbet it rêstichst yn syn gewoane dwaen en fynt syn frede it bêst yn eigen hûs by syn eigen boeken en by it kuijerjen yn syn eigen stêd. Hwa't der oars oer tinkt, dy mei om my gerêst yn in autobus sitte to switten, of ûnder in tintseil om in droech plakje sykje, of mei in bromfyts oan 'e hân yn 'e gleone sinne rinne, of foar de ruten fan in djûr pension mei in krante en in sigaret de ein fan 'e rein of fan 'e dei ôfwachtsje. Ik sil it wiswier gjinien forbiede, as ik sels mar net hoech.
Sa haw ik der altyd oer tocht en dat doch ik noch. En dochs siet ik niis yn it spoar en rin nou de wei del fan it stasjontsje nei myn hotel yn it âlde doarp, dêr't ik forline wike in keamer bisprutsen haw. Us dokter woe it mei alle gewelt sa hawwe; hy seit, ik moat der mear as nedich ris út. Bloeddruk to heech, psychyske spanning, neurose.... al soks hat er my tofoaren reaunte. Foroaring fan deistich formidden... forbrekken fan 'e sleur.... ûntspanning fan 'e senuwen.... Dat kaem der allegearre los, doe't ik him tortelde fan myn drok dreamen de lêste tiden. Leave help, hwat haw ik him hwat útlizze moatten fan al dy stoarjes, dêr't ik nachts mei ompiel. Ik bin der sels al sa'n heale Freudiaen fan wurden, alhoewol't dy wysheit syn bêste tiid ek al wer hawn hat, nei't der sein wurdt.
Yn alle gefallen: hjirre rin ik nou. Hy hat my safier krige, dat ik op wei bin nei it âlde doarp. As ik dan perfoarst mei fakânsje moast, dan woe ik dêr hinne en nearne oars, hwant yn myn dreamen haw ik dy namme wol tûzen kear heard. Sa net, dokter seit sels ek, yn it doarp fan myn jongesjierren, dêr sil ik grif de rêst fine, dy't ik sa brek haw. Myn ûnderbiwuste wiist my de wei om op krêften to kommen en it is it bêste en jow it syn sin. Dat fiel ik sels ek skoan en sa sille wy nou mar hoopje, dat ik net forgees fan hûs en hear fortein bin.
| |
| |
Ja... hjir rin ik nou. Tominsten, dat soe men sa oan 'e iene kant wol sizze. Ik haw krekt itselde gefoel as safaek yn myn dream. It is minstens tritich jier lyn, dat ik op dizze wei roun ha, mar hy is my mei syn rânne fan beammen noch sa hiem as it mar kin. Hoefaek ha ik mysels net rinnende foun op dit paed, mei neat om my hinne as de beammen, dêr't de wyn yn rûzet en yn 'e fierte de âlde stompe toer, dy't blinkt. In pear nachten lyn ha ik hjir noch west.... ja wrychtich, dat is ek sa. Hea, dat wie sa nuveraerdich, hoe gie dat ek al wer? Ik roun hjirre - krektlyk as nou - en doe.... doe kaem der hwat oars.... sa't dat dan giet yn in dream.... Wacht ris: in âld pleats stie ik foar, ja, sa wie 't. Hy kaem my ûnbikend foar: in tichte mantel beammen, moai heech en dûnker, in swier griis tek fan reid op 'e skuorre en in brechje oer in grêft. Doe stie ik by it milhûs en in fanke mei in tige fyn en dreamerich gesicht liet my deryn. Dat bern liet my oan in Spaenske donna tinke - of né, oan in madonnabyld, dat ik earne sjoen ha. Wacht ris, hja liet my der net daelks yn, der kaem earst noch in man by, in âldeftich man mei in great burd en griis hier. En dy hat my meinaem en dêr haw ik in skoft mei sitten to praten.... Hweroer? Ja..... hweroer.... ? Dat stiet my mar justjes foar 'e geast: iensumheit.... allinne wêzen.... âlder wurden.... Dat binne oars gjin dingen, dêr't in Fries him gau oer uteret, mar hwat sil men fan soks al sizze. Yn dreamen kin men fan alles forwachtsje, sels, dat Fryske boeren lyrysk wurde. Lyrysk.... ja dat is ek sa! Ik siet rjocht foar in boekekast oer en dy wie smoarfol boeken, ik sjoch de kleurige bannen noch dúdlik foar my. ‘Dêr moat men op 't lêst mar treast by sykje, as der neat betters oerbliuwt’.... Ja, dy wurden steane my foar. Ik sei noch hwat oer dy kreaze faem, mar dêr gied er net op
yn.
Dy dream dêr sit fansels in heap fan mysels by; dy boer mei syn kast fol boeken ha 'k my yn subjektivearre, soe de dokter sizze kinne. Hwa wit! Mar nou fierder.... diveker, hoe wie it nou fierder? Fjûr.... ja fjûr seach ik efter de âld man en yn dat fjûr.... yn dat fjûr.... ja, dêr ha 'k it: har gesicht, dy faem harres. Doe kaem der hurd ien troch de gong rinnen, dat wie klear to hearren.... der waerd kloppe.... En dat wie de muoikesizster fan myn kostfrou, dy't my rôp. De sinne skynde fol yn 'e keamer: allegearre fjûr. En ik woe noch wol ha, it soe de leafdelôge wêze yn
| |
| |
dy âld baes syn hert. Dy muoikesizster liket oars net op in madonna, tinkt my, tominsten uterlik net. Mar dreamen sjogge it ynderlik oan en hja hyt fan Marijke.... Och, hwat in ûnwiis gemimer... ik haw it bern suver nea sprutsen. It is oars wol in mûtel snútsje.... ê kom, hwat biprakkesearje ik! Ik woe dat dy dokter mei syn dreamforklearderij op 'e Mokerheide siet. Hwat kinne de dreamen fan sa'n âld strûk as ikke út to stean hawwe mei sa'n jong bern! Ik mei my skamje!
En nou rin ik hjir wrychtich al to dreamen, hjirre op 'e wei nei it âlde doarp. Nuver is 't! Oars dream ik, dat ik op dit paed bin en nou bin ik derop en myn holle sit fol mei fan alles, dat der neat mei út to stean hat. It wurdt tiid om my ris rekkenskip to jaen fan myn foarderingen. My tinkt, ik kin der hast wêze nou. Hea hwer is de toer? Dy is dochs oeral to sjen, as men op it doarp ta rint. Dit is my ek hwat: Ik bin net mear op 'e greate wei! Ik lykje op in foech leane to wêzen nei in pleats ta, bisiden de wei. It komt my wol bikend foar. Hege iperen beammen boppe myn holle, elzen by de kant lâns... de wyn, dy't troch de blêdden sûzet en de fûgels, dy't boppe de greiden roppe.... Ik bin der: sa wie it ek yn dy dream, dêr't ik niis oer prakkesearre....
Ja, nou wit ik it goed: as ik aenst dy bocht foarby bin, sil ik de skuorre sjen kinne, foars en brún yn syn mantel fan grien. Der moat in auto foar de glêzen stean. Ik sjoch der suver tsjinoan om fierder to gean.... Sil ik werom? Né, ik wol witte, oft it wier-wier sa wêze sil as doe. Of ha wy neat to wollen? Moatte wy wolle, sa't wy wolle? Yn alle gefallen, ik set troch!
Ja man, dêr leit de pleats. Suver deselde dêr't ik doedestiids foar stien ha. En dêr is de auto ek al, de jounsinne flikkert yn it glêswurk. Nuver: hjir gean ik nou en ik wit, hwat der aenst barre sil, barre móat! Hjir is it brechje, wyt mei grien - komt út! De foardoar, dêr hoech ik net hinne to gean, dy is ûnoantaestber as de himelpoarte foar in gewoan stjerlik minske. De milhûsdoar, dêr moat ik hinne. It is sa'n ien mei izeren smeiwurk en der sit in minskekop op mei in foech kroantsje. De skelknop is rjochts... jawol!
Dêr ha je de faem al: ik haw neat to folle sein, doe't ik har in lytse madonna neamde. Sá blank fan fel sjocht men se sels yn Fryslân net alle dagen en sa dûnker fan hier fêst net. Hja sjocht my oan: goaijen, ik moat hwat sizze.... hwát moat ik sizze? Boadskip oan 'e boer.... Hokker
| |
| |
boadskip? Moat ik sels oerbringe.... Hwa't ik bin? Komt der net op oan; hja moat de boer roppe.
Hja bliuwt stean, har eagen binne wûnderlike blau; frjemd, by sok swaft hier. Har mûle is lyts en de noas hat in klassike foarm....
Nou hoech ik neat mear to sizzen, hwant sa dêrmei sil der in doar iepen gean en dan komt de boer. Dêr ha je it al: syn burd is âlderwetsk lang en ûnder syn griis prûk hier ljochtsje syn eagen mei fjûr. Ik wit, dat hy my neat freegje sil en deryn noegje sûnder mear, as âlde kunde. En wy geane nei de keamer, dêr't de maklike stuollen stean en de boekekast; dêrre kom ik hwat ta mysels. Ik laitsje ris en fortel rjochtút fan myn nuvere dream en dat ik eins gjin oar boadskip ha. Hy lit my stil útprate, swijsum as it in Fryske boer foeget. Hy knikt sa nou en dan en seit: ‘Just’ en ‘Soa’ en ‘Hm’. Hoe minder hy seit, to redenriker wurd ik. Ik doch him it forhael fan myn omstannichheden fan de lêste tiid. Ik fiel it as in needsaeklikheit, him myn frjemde bisite safolle mooglik to forklearjen. It is op 't lêst wol hwat nuver, sa mar by in oar yn 'e hûs to fallen, omdat men ris dreamd hat.
‘Och’, siz ik, ‘jo moatte mar tinke, dy boekewjirmen, lyk as ik ien bin, komme op 't lêst ta frjemde dingen. Hja ûnderskiede de reäliteit net suver mear fan de dream. En dat is mar g'oed: nou kin men de treast fine yn jins boeken, wylst it libben dy jin ûntseit,’ En ik sjoch nei syn greate kast. Hy giet oerein en stiet foar de boekerigen; hy sprekt de earste folsin út, dy't ik fan him hear: ‘Ja, boeken kinne in minske sòms treaste, as er allinne is’. Op sòms leit er in sterke klam. ‘Mar der is hwat betters’, seit er noch, ‘my tinkt der is hwat betters.’
Nou moat it komme, dat fan de fjûrlôge, dy't my foarstiet.... nou is it safier.... En in huvering rint my by de rêch del. Hark,.... dêr is de stap yn 'e gong, licht en stevich.... It komt krekt út. Myn hert slacht as in hammer en ik sjoch myn gasthear oan. Hy keart syn gesicht nei de doar ta yn greate spanning, liket my ta. Nou sil der trije kear kloppe wurde, fluch en finnich.... dêr is 't al sa. De doar gappet as in gouden passe-partout, dêr't it fine famkesgesicht as sulver yn ljochtet. Allinne it swarte hier jowt dûnker op. As yn in ban sjoch ik har oan, sjoch ek nei him, sa't syn foars profetegesicht troch de strielen út 'e doar wei biskynd wurdt. En dan komt der in ûntspanning oer my:
| |
| |
it is neat as it skynsel fan de ûndergeande sinne dêr efter har en hja bringt ús allinne mar in kop thé. Dat haw ik spitigernôch mist yn myn dream.... of wachtsje ris: dy waerd my doe ommers fuortdêrnei fan myn kostfrou har muoikesizster brocht....
En nou rinne wy dan wer yn it âlde stokramt, nei dat skoft fakânsje yn Fryslân. De earste dei sit der wer op: it wie krekt as eartiids, allinne fielde ik my folle fleuriger en ik kin hearlik rêstich sitte to skimerjen nou't ik hjeljoun ha. Hoe't sa'n skoft omdwalen yn âlde heal forgetten kontreijen jin opknappe kin! Nou moat ik earlik sizze, dat dat fêst foar in great diel to tankjen is oan de freonskip dy't ik ûnderfoun ha fan Jan Ages, de boer, dêr't ik doe dy earste jouns sa nuver oansyld bin. Hy hat my neitiid mei syn auto nei it hotel brocht en de jongfaem is meiriden. Der moat tusken dy twa wol hwat bistean, mar al haw ik der noch in stikmannich kearen west, folle dúdliker is my de situaesje net wurden. Men kriget fan in oar minske net sa gau hichte en binammen net fan in ynbannige Fryske boer, al hát er dan in kast fol boeken yn 'e hûs en in auto en in mear as kreaze húsfrousfaem. Men kriget eins net iens sa gau hichte fan jinsels. Hwant - nuver is 't - nou bigjin ik ynienen wer oan Marijke to tinken, myn kostfrou har muoikesizster. Né, sa bûtenwenstige knap as dy oare Marijke is hja grif net, mar ik bin op 't lêst ek mar in stedman en gjin boer fan Yntema-State mei in eigen pleats. It like my ta, doe't ik werom kaem, stie dat har mar tige oan. Of soe ik it my mar forbylde ha, dat se in kleur krige, doe't se de doar foar my iependie niis? En dat se hwat út har gewoane dwaen wie? Kin dat de sin wêze fan dy frjemde dream: dat ik nei dy pleats ta moast om to witten, hwat ik to dwaen haw om forgoed fan dy neurose of to kommen? Yn Jan Ages hie ik ommers mysels subjektivearre? Stom, dat soks my net earder ynfallen is.... Ek wol wer big'ryplik oars, hwant ik bin yn de fakânsje dy Grüblerei aerdich kwytrekke en ik wol der net wer mei bigjinne. Wy sille mar ris in mopke radio oansette en de sinnen hwat forsette. Strak mar ris efkes
freonlik mei Marijke prate - hwerom net?
Hen? Hwat seit er? ‘Grote brand... Yntema-State.... twee slachtoffers te betreuren.... boer en zijn huishoudster in de vlammen omgekomen.... niets gered.... Waarschijnlijke dader broer van de huishoudster....’ Toe dan, fint,
| |
| |
mear.... mear... toe dan! Rin hinne mei dyn Olympyske rekords en dyn Koréaenske wapenstilstân.... Hwerom.... hwertroch kaem dy bran op Yntema-State....?
Dêr rint ien troch de gong, licht en stevich.... Nou sil der kloppe wurde... ‘Kom yn!’ Marijke stekt de holle om 'e doar en hja bringt de post: dûnker stiet hja yn 'e ljochte iepening as yn in gouden passe-partout.
‘Tankewol, fanke.’ Myn hannen beevje, myn eagen sjogge yn harres: hja glimket! ‘Né, neat, wier neat! Tankewol, fanke, tankewol! Ljocht? Graech, jawis, graech, .... goed, ja!’ Hja knipt it oan, de lêslampe skynt rêstich.
Jawol, in brief út it âlde doarp, in brief fan de notaris.... Notaris? Ik ken de hiele man net. Der falt in lytser brief ût 'e greate giele slûf: dat is Jan Ages syn hân, dy foel my daelks op troch syn foarse linige letters. Mar dy is dea? Earst notaris syn brief mar ynsjen. ‘Opdracht dit brief to forstjûren, as him hwat oerkomme mochte.... Daelks deroan foldien.’ Nuver! Nou de oare:
Bêste freon,
Miskien krije Jo dit brief nea, mar ik bin tige bang' fan wol. En dan is it nedich, dat Jo witte, hwat ik Jo hjirby skriuw. Ik haw Jou dream ek dreamd, Jo wiene my in bikenden, doe't Jo forskynden, Jo wiene my in boade.
Mar ik hie mear dreamd as Jou komste. Der folge hwat op, dat ik allinne mar oants jutte kin: hwat oer Marijke en my.
Doe't it earste diel him wier bitoand hie, haw ik it twadde ek wier makke en nou wit ik, dat it tredde diel ek folgje sil. Hoe't dat krekt yn elkoar siet, stiet my net mear foar, mar it wie fol fan fjûr en fornieling. Ik wist dat pas wer, doe't it twadde diel syn forfolling foun hie....
As dreamen warskôgje kinne, lit Jo dan warskôgje fan my, dy't Jo moete yn dream en wierheit. Ik wit net, hwer't ik Jo foar warskôgje moat, miskien is dat Jó dúdliker. Mar sykje Jou treast by de boeken.....yn ienlikheit, as Jo net yn fjûr ûndergean wolle....
|
|