De Tsjerne. Jaargang 7(1952)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Gedeeltelijk auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 329] [p. 329] Jan Wybenga: Hurrel. foar cecilia greate p lytse punt P punt hwa skriuwt him P punt cecilia kolommen kolommen KOLOMMEN treinen kolommen dit is de oerwei net oer to kommen KOLOMMEN RAZE FOARBY p is der by sûnder punt p hat de pointe forlern hwer is de p-punt hwa jowt dy komeet wer in sturt eara hûla eara hûla dêr hat p wer in punt made in germany iene punt wint sawn punten sieben auf einen schlag o o in mythe in mitige mythe het nieuws van vandaag *** [pagina 330] [p. 330] altyt liet gjin poëzij wurdmeldij fûgeltwiichdouns ljochtwynweagen klankestriel yn romten fan wytwiuwend sin taelkristal spout klankestriel tsjin sinne-skerm readfolgjend lea gielpadestigend grientûkenigend blau-ynske dea dounset oer pearske fiverspegels gjin poëzij skossen liet telegram *** [pagina 331] [p. 331] krij dyn reade hoed cecilia hjoed jenever yn 'e stedsfontein op it plein springt de sinne troch rein- bôgen hinne út oan eag'en út de pauwesturt blinke neptunus yn it burd aenst dounset de sinne himsels oan stjerren mar dyn hoed falt út de toan hut ab cecilia halt himeltrein it stasjon wurdt biset it is to let om nei 't perron ticht it loket leech de kiosk leech dat hiele stasjon g'jin keaplju gjin mosk op it dak ek it hegere moat syn gerak set dyn hoed wer op set de treinen stop dit wie de lêste trein mei faesje wurdt de wrâld er great fannacht is de moanne in hoed mei fearren en treinen cecilia sist net mear hearre *** [pagina 332] [p. 332] BOEREROMAN boer krij de aeijen út de koer it iene aei seit krak it oare komt to plak op it rak krak seit de ein op it ein kwak *** [pagina 333] [p. 333] dansons la carmagnole ik moat gnize as in chimère de carmagnole kinn' wy net leare it strykt net mei ús aerd mei de klank fan ús folie âlde namme bisprekke wy njirren wy hawwe gjin élan foar de bloed-cancan slaen de gong cecilia call for anne liz de pipen anne liz de pipen ré tongerblom blauwe reek romte-reek lit de romte tynje rek de tiid zondaar er is plaats voor u blauwe demoanen hâlde draken oan leijen fan ilastyk wy driuwe oer de muorren fan it forbeane ryk binn' dit de muorren fan jericho dan komme joaden mei bazunen de joaden hawwe it altyt dien [pagina 334] [p. 334] j'ai pris tu as pris la funeste manie de l'opium dat leit him oan de joaden en de poète-maudit giet it oan poète-maudit en ljouwerter to wêzen dat is sabeare stiet yn 'e ljouwerter to lêzen op 'e foarstreek krijt er gjin statue en yn 'e nijbou wurdt er net forneamd foar fryslân is er yoeng poe tsjoeng reek ek wy cecilia tommeljend yn 't blau net mear ynbannich net mear dreech dryst as jongfeinten op in sindingsfeest wy binne reek mei ús skriuwe piloaten it earste fryske manifest BRAN LJOUWERT PLAT cecilia aenst dounset anne de carmagnole sit beitske mei durkje en oare âld-wiven op 't rjuchtplak to breidzjen hwant de hoas is noch lang net ôf mar wy cecilia binne forwaeid as manifest *** [pagina 335] [p. 335] himelsblauwe kartotheek ingel sykje dizze nammen dizze fammen agnes en cecilia anna en amelia krij har kaerten út de bak bring se nei de hel to plak en lit fjouwer mosken falle op ljouwert *** wite seilen swarte seilen swalkje séen oer cecilia helena wiuwe fan de toer swart kliuwt in seil yn it blau fan de moarn cecilia isolde binne fan hertsear stoarn en alles in forsin it swarte en it wite de ein en it bigjin *** [pagina 336] [p. 336] skjirren 2bigjinne 4de skiep 6it paed oer 8to rinnen swaeit de toer 3sjitte 4njirren 6hinne en wer yn it skaed weeft in stjer hinne 1de sinne 3en wer 5de moanne knip de hoanne 3de fearren út sinnepronker 3oarmans fearren 7wite jonker 9stjerre út oer de rânne fan de moanne leit de wearwolf dead swart oer read Vorige Volgende