De Tsjerne. Jaargang 7(1952)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Gedeeltelijk auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 275] [p. 275] H. Eersel: Sucht (geme). Leafde, as dyn ûre slacht, Flechtsje alle drôve dingen, Alle hert forjit syn klacht, Droegje alle triennen ringen.... Leafde, sà wie myn bigear, Mar de wrâld hat my bilêzen. Neat op ierde nimt in kear, Sucht, en oars sil hjir net wêze, Leafde, dou bist drôfenis, Hwa't dy moete ha, hja witte, Dat hoe moai dyn antlit is, Wearzich moat dyn liehem hjitte. Desimber (december). In fynkâld reinen en de groun trochwiet. Fierwei yn it wâld it gesucht fan douwen.... Ien foar ien hear ik, ientoanich liet, Reindrippen snjitten tsjin myn finster. De wrâld mist de sinne en hat fortriet: Triennen floeije aloan oer de strjitte. 't Swart beamsilhouet dat stadich forgiet Sjoch ik spoekich de loft lâns skouwen. Dan swarte nacht en tsjuster spriedt As gou it in deade de donkere kleden Fan fynkâlde rein oer in groun trochwiet: Dan hearsket swier yn 't rounom it swijen. Vorige Volgende