De Tsjerne. Jaargang 7
(1952)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Gedeeltelijk auteursrechtelijk beschermd
[pagina 272]
| |
Eddie Bruma:Myn swarte mem (mie braka mama).Myn swarte mem
Hja sit mar del en slûget,
De bern binn' al lang yn 'e rêst.
Ald memke, oerein, jow dy ek ta sliepen.
Ik wit hoe wurch astou bist.
Earst nou haw ik sjoen
Hoedat dyn hier al grizet
En de ronfels ûnder dyn each
Sêft-sêftkes soe ik se glêdstreakje wolle,
Dat neat dy wekket, myn mem.
En sastou nou glimkeste yn dyn sliepen
Sjoch ik dyn broazlige tosken, mem.
Wurd wekker, gean nei dyn sliepsté,
Dyn dei wie al lang genôch.
| |
Bonie doroGa naar eind1).Dûnkre loften! Sêfte winen!
De djippe stream, dêr't Bonie yn forswoun!
Roppige pierringsGa naar eind2) springe en laitsje,
As ik freegje: ‘Is Bonie syn holle hjir foun?’
Hear de riemmen! Hja swypkje it wetter,
De djippe stream, dêr't Bonie yn forswoun!
Hear hoe wyld as de Negers sjonge:
‘MaiaGa naar eind3), siz Bonie, dat syn bern gean' roun!
O heit Bonie, de heit fan rebellen,
Fan NegersGa naar eind4) dy't flechten fan 't âlde sté,
Slaen òp dyn eagen, en sjoch omhegens!
O greate Bonie! Soan fan DagoewéGa naar eind5)!’
In âlde Neger, in kenner fan streamen,
Siet foar yn it boat en draeide him om,
Hy skerpe syn earen, gyng stean en hy âlle:
‘Hark, mannen, hark! Hearr' jimm' de trom?
| |
[pagina *3]
| |
[pagina *4]
| |
[pagina 273]
| |
Hearr' jimm' de trom, hearr' jimm' de roffels
Ut it grêf fan Bonie ûnder wetter's g'roun!
Hear de apientie, hear de bongoGa naar eind6)!
O, Hear Bonie, dyn bern geane roun!’
It liet brekt ôfGa naar eind7) en hy bliuwt oerein stean.
Hy wiist en hy seit: ‘Hjir barde 't dy dei....
De Wytmannen wounen, gâns bloed moast streame
Ear't wy namen syn holle nei stêd ta mei!
Doe sloech Bonie, de heit fan rebellen,
Fan slaven dy't flechten fan 't âlde sté,
Syn eagen op en hy seach omhegens!
O greate Bonie! Soan fan Dagoewé!
Ik bistoar it en skreaude:
‘Heu mannen! Bonie, dêr giet er! Him nei!’
De blanke soldaten oerein, en sjitte!
Mar omdôch! Bonie syn holle wie wei!
Wy seagen op 't wetter in reade puozze,
Krekt oft der bloed troch oalje roun.
Doe tongren de loften en bearde it wetter.
In lûd en hunend laitsjen skodde de groun.
En heit Bonie, de heit fan rebellen,
Fan Negers dy't flechten fan d'âlde groun,
Hy kaem noch ienris boppe wetter
En is doe foar ivich fordwoun!’
De âlde Neger, de kenner fan streamen,
En heit fan tolf dûnkerhûdige bern,
Hy gûlt.... en de roeijers as swartstiennen bylden
Dy sitte mar strak him oan to sjen.
Lûd en lang komt djip ûnder wetter
It tongerjend droanen fan bongo's wei.
Lyk in slang dy't forfellet, foroaret syn oansjen:
Oant er, wyt as in Blanke, op 'e knibbels leit.
En heit Bonie, de heit fan rebellen,.
Fan Negers dy't flechten út har oarde wei,
Brekt it boat oan spuonnen, ropt oer it wetter:
‘Dy't de Wytman helpt, wurdt in Wytman mei!’
| |
[pagina 274]
| |
Dûnkre loften! Sefte winen!
Op 'e stream dêr't Bonie it to sizzen hat
Hwa't der troch meije en hwa't bliuwe -
O kenner fan streamen dy't bliuwe moat!
En heit Bonie, nou't syn wrake is kuolle,
Foarfaer fan ús Negers, dy't misse syn wet,
Briek út yn in hunend laitsjen oer 't wetter:
‘Dy't de Wytkop helpt, as in Wytkop stjert!’Ga naar voetnoot8)
|
|