ûnder de Surinamers libbet. Har langstme nei ûnôfhanklikens is net yn 't lyk to bringen mei kulturele hearrichheit. Dat fiteret harren oan om oer kultureel minderweardichheitsfielen hinne to reitsjen. Mar dan jit likegoed soene hja eigen kulturele wearden yn it Nederlânsk útdrukke kinne, lyk as binammen ek Helman yn in part fan syn wurk dien hat. Lykwols, men forjit dan ien ding: Dichtsjen is it mei leafde hantearjen fan tael. In tael dy't om hokfoar reden dan ek net ta leafde prikelet, kin men net yn dichtsje. De wurden wurde ûnwillich, de lûden dwers en ôfstegerjend, de keinste tins dy't yn dy tael reälisearre wurdt, makket himsels ta in spot. It wie harren ûnmooglik wurden har yn it Nederlânsk to uterjen. Guodden bisochten yn it Ingelsk of Spaensk to skriuwen. Mar de leafde ta it eigene, nammersto greater neigeraden't it foarhinne mear forhúnd en forwâdde waerd, wiisde harren it paed nei it Surinaemsk.
Byhwannear't men it foargeande oersjoeht - in literatuer fan jit net earlik tsien jier âld, de kulturele druk fan it Nederlânsk, in eig'en tael sûnder literaire tradysje, dêr't hast nimmen oan leaut - byhwannear't men dat allegearre yn jin omgean lit, moat men it in godswûnder neame hwat op dit pas yn it Surinaemsk al birikt is. Men fynt hjir gjin fortaelgoarre, gjin potsige ienakters, mar fakentiids al folslein ryp en folweardich wurk. Men fynt wol in folkstoaniel (sjoch it wurk fan dokter Redmond), mar sadanich dat it him soasiaelbiwust yn 'e tsjinst jowt fan 'e folksopfieding. Men fynt ek wol oersettingen (fan Koenders en De Vries), mar dy hawwe gauris de spesiale problematyk fan 'e neger op it each. Oer it algemien roaije de skriuwers lykwols heger en trachtsje hja nei in folweardige Surinaemske literatuer. De Surinamers miene in eigen problematyk op eigen wize stal jaen to kinnen. En faken slagget harren dat ek.
De nasionale aspiraesjes wurde wol gauris symbolisearre yn 'e fig'uer fan Bonie, de foaroanman fan in ploech opstannige slaven, dy't earst nei lange, fûleindige striid troch de blanke ekspedysjelegers lytsman makke waerd. Dy slave-rebel kriget hjir en dêr al it stal fan in Surinaemske frijheitshelt, in sinnebyld fan it Surinaemske stribjen nei ûnôfhanklikheit.
Rasseproblemen, lyk as wy dy kenne út 'e Amerikaenske negerpoëzij, fornimt men hjir in bytsje fan. De blanke wurdt mear sjoen as frjemd en ynkringer, dy't men wol haetsje kin, mar dan net as in fijân yn eigen fleis en bloed.