De Tsjerne. Jaargang 7(1952)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Gedeeltelijk auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 267] [p. 267] J.A.G. Koenders: Nije dei (njoendee). Sparkjend oer it Easten hinne Spraet de moarn syn goud en fjûr. Tsjuster wykt foar Kening Sinne Bliid ûntweitset de Natûr. Nacht en sliep binn' ring forjage, 't Lân forriist yn nije dage, Fûgels hippelje yn 'e tûken Om de dei syn freugd to jaen. Stimmen heart men rizen, dûken, Djippe alt bineist sopraen. Fink, robyntsje noch kanarje Kinne ea wer bidarje. En de hoanne stapt sa tige As in hear fan edel bloed. Eptich en yn lange rige Folget him syn frouljusstoet. Kúklekú, goemoarn, g'ndei! Maten fier en maten nei. Alle minsken, dieren, planten, Stêd en lânnen, bosk en paed Lykje nij nei alle kanten, Glânzgje nou't it moarntiid waerd. Nacht en sliep binn' ring forjag'e, 't Lân forriist yn nije dage. Vorige Volgende