De Tsjerne. Jaargang 7
(1952)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Gedeeltelijk auteursrechtelijk beschermd
[pagina 259]
| |
Prof. Dr W. Gs. Hellinga:
| |
[pagina 260]
| |
fan kop ta tean, mar krekt fan syn woastynfuotten oant syn Judennase, - sa sit ek yn elk probleem fan 'e Kréoal, en fangefolgen binammen yn syn taelprobleem, de neger bihelle en dat wol letterlik mei hûd en hier. It hiele drama fan it Neger-Ingelsk haw ik nêst jierren in âld Kréoal formulearjen heard yn in formidden dêr't hja bliid wiene mei in ‘earfolle universitaire bineaming’. Hja kinne ús wol professor meitsje, sei er glimkjend; en doe sahwat spotsk der oerhinne: En ús wysmeitsje dat wy Nederlânners binne; om dan forbittere to eingjen: Mar blank krije se ús nea net! Sa is it. En nou komt my in Ingelske anekdoate yn 't sin dy't sinysk harket, mar yn 'e groun tige humaen en tig'e wiis is. In Joad dy't roomsk wurden wie, kuijere ris op mei immen dy't forwoechsen wie. Once I was a jew, sei de Joad. Once I was a humpback, antwurde syn maet. Men soe winskje dat dit wurd skreaun waerd oan 'e muorren fan dy skoallen yn Suriname, dêr't it nou jit stielen wet is dat de bern gjin Neger-Ingelsk prate meije. Hwant it is nou ienris sa, gjin inkelde autoriteit noch fatsoenlik minske kin de Kréoal in oare hûdkleur jaen. Mar yngefal men de Kréoal àl helpe kin, dan sil it wêze mei him to learen kleurling of neger to wurden sûnder freze en blaem. De erchtinkendheit foar de ‘goedwollende’ blanke oer, dy't mar al to faek tige syn reden hat, dat djip ynfretten ressentimint bigjint sèls wer mei de colour-bar, op plakken dêr't de Westerling der ôf wie. It stiet dêrom tige yn 'e kiif oft dy blanke de Kréoal yn syn eigen lân wol ea bystean kin. Lykwols, in óáre freon dy't yn steat is him to skewielen yn syn need, kin de Kréoal dêrsanne wòl treffe. Jawis, dy oare wennet fuort njonken him. Allinne, hy hat him noch mar komselden oanmurken as striidmaet. En dat bringt ús by in nij aspekt fan 'e tsjintwurdige posysje fan it Neger-Ingelsk, in posysje dy't tig'e by tige gearstald is. | |
IIDe histoaryske eftergroun fan dy posysje is rûchwei sa: likernôch twa ieuwen lang koe it forachtsum taki-taki fan 'e forachtsume negerslaef hyn ofte nei gjin string hâlde mei it offisiële Nederlânsk fan 'e blanke bazen en bazinnen. Mar nei de frijwurding (1863-1873) waerd it Neger-Ingelsk de tael fan 'e ‘frije’ Kréoalske bifolking. Lykwols in Kréoal | |
[pagina 261]
| |
bisocht syn memmetael út to strûpen, sadré't er as ‘hear’ it wyt jaske mei de lege steande board fan 'e koloniale machthawwers om en oan hawwe mocht, - òf dêr fan dreamde as in bitsjoenend takomstidéael. Dat sadwaende wie en bleau de posysje fan it Neger-Ingelsk foar it Nederlânsk oer ûnwitende swak en it liket in riedsel dat it yn 'e Nederlânske koloanje net deselde wei op gien is as rounom oars to wrâld, dêr't Ingelsk, Frânsk en Spaensk de talen fan 'e kleure bifolking in stikhinne folslein lytsman makken. It strieminne taelûnderwiis yn Suriname kin dêr net mandélich oan wêze, hwant dat wie op oare plakken al neat better. De forklearring leit dan ek yn 'e seldsume hâlding fan 'e ‘bêste kolonisators fan 'e wrâld’, dy't yn Suriname - lyk as yn it eardere Nederlânsk-East-Ynje ek al - net lije woene dat har tael sprutsen waerd troch ‘inboorlingen’Ga naar voetnoot*). It Nederlânsk yn 'e Surinaemske maetskippij rikt dan ek noch altyd nauwerneed fierder as de histoaryske g'rinzen fan it yndertiden offisiëus ynskikte konkubinaet. Dêrom ek dat it Neger-Ingelsk fan 'e slaven dy't foaral út Barbados ynfierd binne, och sa'n bytsje fornederlânske is en der him gjin tuskentael - in soarte fan pidgin-Nederlânsk of sokssahwat as it Kaep-hollânsk - foarme hat. Dy taeltastân hie lykwols nei de emansipaesje perfoarst út fuortkomme moatten in yngeande fornederlânsking fan 'e miniatuer-mienskip dy't Suriname is, sadré't it koloaniael bistjûr mei ynmoed soarge hie foar ûnderwiis en folksûntjowing. Mar troch de kontrakt-slavernij, dêr't hja nei 1863 it fraechstik fan 'e wurkkrêften mei bisochten op to lossen, foroare de situaesje like hurd as kunstmjittich. Nei wraem dien to hawwen op Chinezen, ymportearren hja in decenniummannich lang' tûzenen Britsk-Ynjers en Javanen. Dat hat fan dy gefolgen west dat op it stuit it net-Nederlânsk sprekkend part fan 'e bifolking fordûbele is, wylst it meartal fan 'e bifolking - in Aziatysk meartal! - net langer it taelidéael hat dat de omheechwrottende Kréoal sa oan wol: it Nederlânsk. Yn it soasiologyske en it linguistyske ûntstie der in nuvere tastân. De ‘frije’ Kréoal krige yn 'e kontraktkoely in minsklik objekt dat hy op syn bar leechlizze koe. Dat leechlizzen | |
[pagina 262]
| |
sloech oer yn hate en freze doe't de Hindûstaen nei it ôfrinnen fan syn ‘kontrakt’ yn Suriname hingjen bleau en him yn syn nij heitelân maetskiplik treppe foar treppe grimitich en fûleindich omheech wraksele ta it ekonomysk en polityk g'efaer dat er noutiids yn 'e eagen fan elke konservative Kréoal wurden is. Dy Hindûstaen sprekt yn eigen formidden Hindi en hy hat alhiel gjin reden him dêr foar to skamjen. Rjochtoarsom! Foar de soasiale mearwurdichheit fan 'e blanke topklasse en de fijannich lytsachtsjende hâlding fan 'e Kréoalske klassegenoat oer, jowt dy tael de Hindûstaen it ynfieren bisef forboun to wêzen mei de ieuwenlange kultuer fan it nou frije India, towyl it Hindi dêrby foar de Hindû in godstsjinstige tael is. De blanke master gie de Hindûstaen binei allinne mei om yn it Neger-Ingelsk, dat dêrtroch in fariant krige mei it karakter fan in echte lingua franca. Hie er gedoente mei syn gelikens-as-‘underdog’, de Kréoal, dan brûkte er likegoed dat Neger-Ingelsk. En krekt dêrre, as wjerslach op 'e Kréoalske lytsachting en hate, sit de foarnaemste oarsaek dat de Hindûstaen mei fornedering' op it taki-taki delsjocht. It earste en oant nou ta wichtichste gefolch fan dy nije gong fan saken wie, dat de foaroansteande Kréoalen yn har forwar tsjin it ‘Hindûstaenske gefaer’ ornearren, hja wiene mear as ea tofoaren oanwiisd op it Nederlânsk, dat is: de tael fan 'e maetskiplike hegerein, it Biwâld, de machtige amtnerij, - de tael foaral ek, dêr't de biskaefde Kréoal syn nije Aziatyske ‘lânslju’ fleurich in pyk yn sette kin. Gjin niget, dat hja fakentiids yn wurd en skrift bisykje in byld fan 'e Surinaemske maetskippij to jaen, dat pas strykt mei de wurklikheit as men de indicativus forfangt troch in optativus. Der is gjin rassekonflikt yn ús lân, seit de Kréoalske soasiolooch. Mar hy mient: Och, mocht der dochs gjin rassestriid oplôgje, hwerby't it Kréoalske mindertal ûnderlizzende partij wurdt foar it Aziatysk meartal, as Javanen yn 'e mande dogge mei de Hindûstani.... It Nederlânsk is de iennichste tael dy't gaedlik is foar ús folk, seit de Kréoalske taelûnderwizer. En hy mient: Och, dat de maetskiplike foarsprong fan 'e Kréoal troch it offisiële Nederlânsk bihâlden bliuwe mei.... En sa komt it, dat in selsbiskikkingsrjocht, dat jit amper biwrotten is, tonearsten jit brûkt wurdt om in omgongstael yn glâns en blâns to hâlden, dêr't de statistikus dy't yn goedens wol, allinne fan sizze kin, | |
[pagina 263]
| |
hja is as omgongs- en kultuertael mar gaedlik foar likernôch 20% fan 'e hiele bifolking. De paradoks fan 'e ûntjowing is dus, dat de Kréoal oanhâld siket, maetskiplik likegoed as taelkundich, by dyjinge, dy't him yn syn siele-konflikt - dat is de forhâlding ta de neger yn syn bloed - net byspringe kin. Syn meistrider yn 'e need skouderet er en dy syn foarbyld sjocht er oer hinne. Mar ûndertusken fiert de Hindûstaen, - al mijt er it brûken fan Nederlânsk net as er dêr fuortdaliks jern by spint - op it heden in Hindi-taelpolityk dy't lang' n't mear ûnderdúmsk is; sa bygelyks yn it bilangrike distrikt Nickery, dêr't er polityk frijhwat mânsk is. It ûnderwiis yn 'e Hindi-memmetael bûten de skoalle wurdt bifoardere, mar bigjint him ek yn 'e skoalle al to ûntjaen. En ek de Javaen, oer hwa't hjir oant nou ta jit net praten is, om't er jit altyd sahwat paedbjuster oan 'e rânne fan 'e maetskippij tahâldt, komt op it stik fan maetskippij èn fan tael ta bisef fan eigenwearde. Under ynfloed fan 'e omkear yn it fiere Yndonesyske heitelân wurdt er moedigeroan, bigjint him to oppenearjen en freget om eigen ûnderwiis yn 'e eigen tael, it Bahasa Indonesia. En in bigjintsje dêrfan mei him nou al barre; ûnder oaren troch de learmiddels dy't him út Nederlân wei taskikt wurde. Men kin de tekens misforstean. Men kin der oer oan 'e skouders lûke, dat de bern fan dy rysboeren dêrjinsen yn Nickery in twatalige Hindi-Nederlânske skoalkrante hawwe en dat der fierder yn skoalleforbân it Hindi brûkt wurdt. Men kin oer de holle sjen dat ‘oan 'e oare kant’ de Surinamerivier yn it Commowijnedistrikt in skoalle is, dêr't de Hindûstaenske learlingen docht bliken treflik ûnderlein binne, as men har mar yn it Hindi freget. Men kin smout laitsje om 'e útskroevenens fan in krigele Javaenske exdjongos, dy't ûnder de reek fan Paranam, bystien fan 'e hiele kampong, in eigen Javaenske skoalle boud hat, dy't gâns tarin kriget, - en forjitte dat hjir birikt is hwat de Nederlânsktalige skoalle net oankoe: it oerwinnen fan it absinteïsme ûnder de Hindûstaenske en Javaenske learling'en.... It misforstean fan 'e tekens dy't de takomst wytgje is nammers it prerogatyf fan elke groep dy't oan 'e macht is. Mar byhwannear't elk nij teken hieltyd ienselde kant út wiist: it fuortsterkjen fan it selsbisef by de oare bifolkingsgroepen troch ït brûken en omheechfieren fan har eigen | |
[pagina 264]
| |
memmetael, dan freget men jin dochs ôf hwat de Kréoal skriuwt yn it Algemien Biskaefd Nederlânsk. Syn takomst? Of syn founis? | |
IIIGjin slavernij, gjin bisetting, gjin oerhearsking kin lykwols sa g'reat, sa wreed, sa gnjidzjend wêze, of der wurde dochs jit frije minsken yn 'e boeijens en ûnder de ‘sjambok’ berne. Ek yn Suriname, ek ûnder de Kréoalen. En hja hawwe der net tsjin oan soarge op to kommen foar har memmetael, it forachtsum g'etsjaffel fan 'e slaven. Nammers, hoe soe it ek oars kinne op it sté dêr't de stim fan Kristus forkundige wurdt, dy't, - it is langlêsten jitris klear sein yn it striidblêd Foetoe-boi -, tsjin elkenien sprekt yn syn eigen tael. Mar dat wurdt dan ek sein troch de greatste Rebel út 'e skiednis fan 'e minskheit, dy't dus alle Sneinen jit foar it fjûrpeloton set wurdt. Sa giene ek dyselden, dy't yn 'e skrep wiene foar har folk en har tael, foar rebellen. En selst yn 'e skriften fan har Kréoalske folks-, hûd- en hiergenoaten waerden hja, mei help fan 'e histoaryske krityk, oan 'e kant reage as ‘maetskiplik ûntofredenen’. Har skiednis is jit net skreaun yn it Neger-Ingelsk. Neat gjin niget oars! Hwant it taki-taki is dêr ûngaedlik ta; it is ommers mar sa'n ‘taeltsje’! En dêr hat men nou de gefaerlikste fijân foar jin fan it Kréoalske taelbisef. Ek de Kréoal, fan 'e groun forwaeid as er is, dy't yn 'e ûntheistering fan syn geast grypt nei de tael fan syn hert en fan syn siel, en dy't dan fielt dat er it ûnsizbere deun oankomme kin yn 'e tael fan syn odo's, - ien fan 'e pear foarmen fan taelkultuer dy't him oanstoarn binne -, ek dy Kréoal wynt mar al to faek wei foar it brûken fan Neger-Ingelsk, eang as er is dat in earme tael fan in earm folk it nea yn 'e macht krije sil de rykdommen fan 'e minsklike geast to drag'en. Mar in tael is allinne earm as de geast dêr't dy tael yn bisletten leit, earm is. In tael is allinne forachtsum as in forachtsum folk dy tael fiert, of as de tael-brûker him forachtsje lìt. In tael is dwers en steech as nimmen de moed en de krêft hat har to smeijen, har oan to passen oan 'e biweging fan syn siel. Der wie ris in dei dat in miljoen Nederlanners seine: ‘'t Is joun wer himmel waer’. Mar ien fan harren sei: Nauw zichtbaar wiegen op een lichten zucht
De witte bloesems in de schemering. -
| |
[pagina 265]
| |
In tael is sa ryk as de wil en de died fan 'e taelbrûkers rikke. En in tael dêr't de lju ûrenlang anansitories yn fortelle kinne, dêr't hja yn grapjeije kinne as in snedige odo yn-slacht, it folkstoaniel de lju weitôgje kin, dêr't in folks-fortsjintwurdiger nei de offisiële gearkomste earnstich en fûleindich yn bigjint to redendielen en dêr't nou al in inkelde dichter yn trachtet nei it ûnsizbere, - sa'n tael wachtet allinne mar op it stuit dat immen àlle rykdommen dy't syn geast en hert ta har foldwaen hawwe, der yn útsizze wol, en dat dy rykdommen great binne. En de taelbrûker dy't de died stelt, skept yn elk wurd dat er seit en skriuwt de takomst. Dêrom, dat in diel jongerein, manlju en froulju út yntellektuële biroppen of mei yntellektuële takomst him jown hat yn 'e Neger-Ingelske taelbiweging, mei faeks in barren wêze dat op himsels net bot eaget, yn 'e skiednis fan it Neger-Ing'elsk is it in nijsgjirrich feit dat der yn weacht. Net de moed en it idéael fan 'e ienling komme hjir yn ta wurden, mar wol de nije koerts yn in groep dy't skielk de takomst fan it lân in hiel ein hinne mei wêzenje sil. Troch dy omkear komt it taelfraechstik fan 'e Kréoal langer net to stean foar de Hindûstaen en de Javaen harres oer, mar geane alle ideaälen yn har problematyk lyk-op. En dat bitsjut foar it neist dat in oplossing yn in takomst, dêr't men nou jit gjin sizzen fan hat, wrychtich mooglik wêze sil. Dêr't men nou jit gjin sizzen fan hat.... Hwant it greate probleem: de forhâlding ta it taelerfskip út it forline, it Nederlânsk, en de dêrmei gearhingjende frage fan 'e forhâlding ta de Anglo-amerikaenske en Spaensk-portugeeske wrâldtalen fan 'e beide Amearika's, wurdt troch dy omkear op 'en skerpsten steld. En de oplossing fan sa'n probleem, dat, hoe't it ek biteart, de mienskip op in nije oriëntearring' ferget, sil syn tiid hawwe moatte. Mar as men in each smyt op in fiere takomst, is dat net om 'e earnst en de mânskens fan it fraechstik sûnder mear. Foaral ek sa't by eigen it nijberne ideälisme ynhuldige wurdt kin men oan sjen, hwer't guodden dy't har trekken yn dit stik waernimme, foar komme to stean. Hwannear't de Kréoal kulturele èn politike rjochten opeasket foar syn memmetael, it Sranang Tongo, en sadwaende de Hindûstaen mei dy syn Hindi, de Javaen mei dy syn Bahasa Indonesia op 'e side stapt, dan makket er troch dat skynbere skeel in kultuer- en taelboun mooglik fan 'e trije | |
[pagina 266]
| |
greate bifolkingsgroepen yn Suriname. Mar yn 'e politike taelsituaesje fan hjoed-de-dei set er it troch dy revolusionaire died yn 'e kant tsjin it taelfetichisme fan syn eigen Kréoalske groepsgenoaten, dy't fan jierren of fan geast âlder en mear bistjurre binne. En soks bitsjut striid. Ta gelok skrillet immen dy't in idéael hoedet nea net foar striid tobek. Ta gelok fan 'e Surinaemske folksmienskip-yn-opbou ûntjowt dy striid him oerlâns: in striid tusken generaesjes dêr't de generaesje fan 'e takomst allinne mar krêftiger út to foaren komme sil. En net in striid oerdwers tusken bifolking'sgroepen. Dy soe ûnkearber tagean op forrinnewearjen fan Suriname's takomstkânzen. Ta gelok ek fan 'e minskheit dy't sûnder dit soarte fan striid har swiidste mooglikheit kwytreitsje soe: it eigenbilang yn 'e binearing fan hjoed oermansk to wurden foar in takomst, dy't yn syn fierste fierten nea net oer to sjen is. |
|