[Nummer 9]
Wurd foarof.
Mei dit Suriname-nûmer hat ‘De Tsjerne’ harsels de biskiedene rol fan gastfrou tatocht. Wy hawwe it wurd jown oan in mannich jonge Surinaemske kunstners om to tsjûgjen fan hwat harren driuwt yn de striid to gean foar eigen tael en kultuer. Nammersto greater is ús dizze eare, omt dit de earste kear is dat yn Nederlân de Surinaemske jongerein yn 't iepenbier nei foaren komt.
Dat wy sa tige priis stelle op dizze moeting, is omt hjir arbeide wurdt op prinsipiëel deselde grounslach, mei deselde arguminten en doelstellingen as wy Friezen hawwe. Dêrom is dit nûmer gjin ûnpersoanlik jachtsjen op primeurs en likemin in bleat saeklik ûndernimmen. Hwant wy folgje de striid en de ûntjowing fan dizze jonge tael- en litteratuer-biweging mei greate niget. Mear as hwer ek yn Nederlân kinne de Surinamers yn Fryslân op bigryp en sympathy tidigje.
In wurd fan bisûndere tank komt ta oan de hear J. Voorhoeve to Amsterdam, dy't net allinnich sels in bydrage foar dit nûmer skreau, mar fan hwat it initiatyf útgien is en dy't mei syn Surinaemske freonen Eddie Bruma, H. Eersel en J. Sedney it hiele nûmer gearstald hat mei greate soarch en foarbyldige presizens. Dat de net-Surinamer Prof. Dr. W. Gs. Hellinga ré wie de saek fan de taelkundige kant to biljochtsjen, binne wy him tige tankber foar. En fan de oare meiwurkers moatte wy binammen Mefr. Nola Hatterman tankje foar de karakteristike tekeningen dy't hja spesiael foar dit nûmer makke hat en dy't wy mei greate blydskip reprodusearje.
Dit nûmer wol wêze in groet en in boadskip fan Fryslân oan Suriname. Wy hoopje dat dy groet en dat boadskip dêrjinsen forstien wurde meije, lykas wy hoopje dat it lûd fan de Surinaemske intelligentsia hjir yn Fryslân forstien wurde sil.
De Redaksje.