| |
| |
| |
E.B. Folkertsma:
Gjin Bistean.
(It lêste.)
Ja, yn de need. Hwant sa is de tastân, en dan foaral yn lytse tael- en kultuergebieten. Net, dat dêr navenant minder kunst forkocht wurde soe as yn Frankryk, Great Brittanje, Italië of de Foriene Steaten fan Noard Amearika - earder rjochtoarsom - mar it kin der mei de absolute sifers lang safolle net lije. En op dy absolute sifers komt it by einsluten oan; hja binne it dêr't oplagen, prizen, bidraggen foar reklame en propaganda, koartom, de mûglikheden fan útjefte en forkeap by ôfgeane. Hwat jowt it, hwannear't der bygelyks fan in Fryske dichtbondel 400 eksimplaren forkocht wurde en fan in Hollânsken 2000 of as in Frysk skilder oan greater diel fan 'e 400.000 biwenners fan Fryslân leveret as in Hollânsken ien ûnder de tsien, alve miljoen Nederlanners kwyt wit to reitsjen? Dan slacht Fryslân in goed figuer, mar mei dat al kin de Fryske dichtbondel net of nauwerneed út en de Hollânske wol, mei dat al moat dy Fryske skilder soberearje, wylst syn Hollânske kollega it ridlik rêdt.
Mei opset sin haw ik net allinnich in foarbyld fan literaire, mar ek ien fan byldzjende kunst nommen. Hwant net allinne fanwegen ús biheind tael-, mar ek fanwegen ús biheind kultuergebiet sitte wy yn 'e lytse loeg'e. Wis, de tael is de direktste en dúdlikste grins. Hja forhinderet greate, tûzenfâldige útjeften fan romans, dichtbondels, essay's, muzyk op tekst, lietesamlingen, útjeften dy troch de mannichte de fortsjinst oanbringe. Mar dêrmei hâldt de biheining net op. Fryslâns lyts kultuergebiet ûnthâldt syn útfierende kunstners, tominsten dy't fierder wolle en kinne as it folkspopulaire, gâns mûg'likheden en gelegenheden om har geregeld to oefenjen, yn it iepenbier nei foaren to kommen en to fortsjinjen. Sûnder mis meije wy tankber wêze foar de drokke kulturele warberheit fan ús sjongforieningen, ús muzykkorpsen, ús toanielselskippen, ús resitearklubben; mar mei itjinge dêrnei en deroerhinne komme moat, bigjint it lijen. Hoe'n toer is it net, in orkest, in sjongkoar, in oratoarium, in toanielploech, in kabaret, in muzykskoalle, in toanielskoalle, ensfh. foar hiele Fryslân to krijen en to
| |
| |
hâlden. Ien en oar dêrfan hawwe wy noch nea; ien en oar is der, mar hat in ûnwis en to biheind bistean. En ek ús byldzjende kunstners moatte de lytsens fan Fryslân en syn kultuergebiet bilije. De formiddens mei bilangstelling foar en bigryp fan skilder-, teken- en byldhouwurk, dêr't hja it net allinnich ideëel, mar ek materiëel fan hawwe moatte, binne hjir to lyts. Miskien net navenant, mar wol yn absolute sin. Hja kinne der, om in bistean to hawwen, net genôch oan kwyt. Dêr komt noch by, dat hja har oplieding' en de bisieljende en bifruchtsjende omgong sawol mei kunst as mei kunstners foar in great diel bûten Fryslân fine moatte. En net minder, dat it harren mar muoisum slagget, ek as har wurk der har rjocht op jowt, oer de nauwe Fryske grinzen bikendheit en namme to krijen, wylst dochs de fiersizzende namme in faktor fan great bilang is. It gunstichste noch steane yn dit lân mei in eigen styl fan boerepleatsen, arbeidershuzen, tuorren en tsjerken de architekten der foar. Of, om fuort mar sa fier mûglik nei efteren út to heljen: hja rêdde it, salang't de minsken huzen biwenje moatte en kinne.
Foaral foar lytse folken dus nimt de maetskiplike efterútgong fan it kunstlibben needlottige foarmen oan, lyk as wy ek to uzes geandewei mear gewaerwurde. Fryslân is hjoed de dei gefaerlike ticht by, suver hast al op, ja hjir en dêr sels oer de grins, dat de kunstners noch bistean kinne en de kunst noch materiële bisteansmûg'likheden hat. En de kweade gefolgen opinearje har hwat langer hwat sterker. Us folk wurdt ôfrjemme. Fan need of út forset en forhef tsjogge fan syn skilders, syn byldhouwers, syn komponisten, syn skriuwers, syn architekten om utens, dêr't mear bilangstelling, mear wurk, mear brea noch net ienris altyd is, mar dan wol liket to wêzen. Itselde paed fine, it sij út eigen biweging, it sij't se ús ûnthelle wurde, fan ús útfierende kunstners: sjongers, musisi, filmartysten, toanielspilers, mannen fan 'e lichte genres. En hwat hjir bliuwt, likefolle bliuwe moat of bliuwe wol, hat in swiere striid to fieren. It kin wurkje yn in formidden dat mei efterútgeande materiële middels ek net folle ideële bloei ûnthjit. It sjocht de kânsen op stifting fan needsaeklike kunstynstellingen en op útwreiding en forbettering fan hwat der dat oangeande al of noch bistiet, al linkelytsen wiken. It moat it frijhwat stelle sûnder de bisieling dy't útg'ean kin fan greate bilangstelling, wurdearring en fraech. It mei
| |
| |
noch bliid ta wêze, as it, om fan essay's en dichtbondels mar to swijen, romans útjown kriget en op it terrein fan 'e byldzjende kunsten yn alle gefallen sa út en troch ris in stik forkeapet. Mei oare wurden, sawol ideëel as materiëel forkeare Fryslâns kunst en har tsjinners langer yn it defensyf, sûnder folle útsjoch om wer yn it offensyf to slagjen. Mar mèi de altyd loerende forlieding om de easken to minderjen en it mei it al to populaire to bisykjen: it plaetsje, it deuntsje, de keuvelerij, it massaprodukt, kunstflyt yn sté fan kunst.
* * *
Sa'n nuodlike kulturele forearming en maetskiplike forearmoeding kin nimmen oerlitte oan de noflike hoop op mûglik better tiden. Dêrfoar stiet der to folle yn it avontûr: it bistean fan it Fryske folk, it bistean yn libben, bloei en bitsjutting; en boppedien wierret de tiid net mei, mar tsjin. Fryslân is dan ek allinne forantwurde, as it al it mûglike docht om dit birin to kearen en yn 'e oare, de opgeande wei to lieden.
Dêr is en wurdt nammers ek al gâns oan dien. Lang net altyd mei de opset fan dat doel noch sels sa tige kultuerbiwust, mar lykwols der ta tsjinjend. Om to big'jinnen, yn en troch it drokke kulturele forieningslibben op alle plakken suver. Hwat dêr op 'e terreinen fan sang, muzyk, douns, foardracht en toaniel nou al jierren út 'e wei set wurdt, fortsjinnet mei alle rjochtlike krityk greate wurdearring. It bringt gjin lyts diel fan ús folk yn in sfear fan in ienfâldich kunstbigryp, en it foarmet in formidden fan kulturele bilangstelling. Itselde kin sein wurde fan 'e biweging. Ek dêr is út in each fan kultuer hiel hwat op oan to merken, mar nettsjinsteande dat makket hja mèi it forieningswêzen op doarp en yn stêd it prinsepealste bilangstellingsformidden foar Fryslâns heger kunstlibben út. Dêrnei soe ik neame wolle it oandiel fan 'e parse: de geregelde bioardieling fan boeken, dichtbondels, muzykútjeften, toaniel, útstallingen, op- en útfiering'en yn blêd en yn tydskrift. En gjin lytser wurdearring komt ta oan 'e aktiviteit fan ûnderskate forieningen en ynstellingen dy't mear opsetlik en mei neijer biskreaun doel kunstlibben bifoarderje, lyk as it Boun fan Fryske Toanielselskippen, Kunst aan Allen, de Maatschappij voor Schilder- en Tekenkunst, bounen fan sjong- en fan muzykforieningen, it Boukunstich en it Musikologysk Wurk- | |
| |
forbân fan 'e Fryske Akademy, de Fryske Kultuerried mei syn Buro foar Kulturele Saken, de Fryske Bibleteken, ensfh.
Dat is meiïnoar gjin bytsje, en tagelyk in fortretlik spul. Hwat bitsjut it einliken oars, al dat tapeijen fan hwat ideëel bigryp en it geskoai om hwat greater materiële mûglikheden, as in argewaesje foar de kunstners en in bilediging fan 'e kunst? Hwat spontaen gean soe, moat ûnder de balstiennen wei klaud en krimmenearre wurde. Mar wy hawwe gjin kar. Yn 'e maetskippij mei har wet fan fraech en oanbod en har needsaek fan reklame, propaganda en org'anisaesje, in maetskippij dy't mear to keap hat, is dat de iennichste wei. Dus trochgean mei praten, preekjen en oanpressen: Keapje it Fryske boek! Kreazje, goelju, jim keamers op mei smaek fan skilderijen en byldhouwurk! Gean nei konserten fan goede muzyk! Tsjoch mei macht en skaren op nei Bolswert! Dus fornimstiger slachsinnen, warberder boekhannels, mear kolporteurs, moderner reklame en propaganda, op 'e nij kolportaezjekampen. Dus nije, effisiënter forieningen, ynstellingen, initiativen om, theoretysk of praktysk, it kunstlibben to bifoarderjen, de materiële mûglikheden, en omstannichheden foar de kunstners to forbetterjen en de gemeente de kunst op 'en minliksten en ûnskuldichsten foar to stellen.
Lit ús lykwols net miene, dat al dat partikulier initiatyf, hoe needsaeklik ek, folle jaen sil. Tominsten net, salang't op 'e skoalle, fan leech ta heger, de earste oplieding yn kunst en kunstbigryp sa skrael weikomt. Hwant it rekket de woartel net yn it lid. It levert de sommen net op noch iepenet de mûglikheden dy't in bloeijend kunstlibben en royael bisteande kunstners nedich hawwe. Dat kin allinnich in nij maecenaet. Hwa't de skiednis neigiet, komt ta it einbislút, dat, alteast yn 'e lytse tael- en kultuergebieten, to allen tide it maecenaet de kunst der maetskiplik troch skuord hat. Soks mei gjin noflike wierheit wêze, wy hawwe der mar rekken, ja krekt: rekken, mei to hâlden. Nammerstomear, nou't der neat gjin reden is om it yn 'e takomst oars to forwachtsjen. De kunstners kinne fansels wegerje, fan it kapitael ôf to hingjen; mar hwat der dan noch oerbliuwt: òf assetisme òf forbittere g'ebiddel om 'e gunst fan folk en massa, is dat better, frijer, ûnôfhinkliker? Binne dy hannen barmhertiger? Hawwe hja fleuriger bitingsten foar bloei fan kunst oan to bieden?
Op 'e wei fan it moderne maecenaet moetsje wy sa njon- | |
| |
kelytsen al ris de oerheden. Alhiel sûnder stipe fan oerheitswegen is it kunstlibben yn Fryslân langer net. Mar dat skruten en biskieden bigjin easket driuwend greate útwreiding. Us ynstellingen fan kultuer en kunst, ús kunstners, de biweging moatte der by legere en hegere oerheden altyd wer fûl efteroan, dat hja royale subsydzjes jowe, ta forsiering fan har offisiële huzen, buro's en hwat mar gebou is geregeld oankeapje, flinke prizen ynstelle en forjowe, reisbeurzen takenne, priisfrag'en útskriuwe of de útskriuwing derfan stypje, djûre útstallingen en op- en útfiering'en finansiëel mûglik meitsje, ensfh. Lit ús der net om hinne helje, dat dat biswieren hat. Dy't mei bitellet, kriget mei to sizzen. Net allinnich oer de organisatoaryske kant, mar ek hwat it greate punt yn kwestje oanbilanget: de ideële frijheit fan 'e kunst. Dy kin al hwat kunstner en kunstfreon is net oerjaen, en allerminst by it bitinken fan oerheitspersoanen en amtners ôfgean litte. Hja hawwe ienfâldich to bitingjen, dat ek by stipe fan oerheden de kunst har ideële frijheit hâlde sil. Lykwols, dêrmei is it probleem net oan syn útslútsel. Hwant likegoed as de kunstners hat ek de oerheit har eigen ropping en forantwurdlikheit. Men kin net fan har forwachtsje noch mei fan har easkje, dat hja alle utering fan kunst stypje sil. It soe ûnreedlik en ûnrjochtfeardich wêze, har to forplichtsjen ta bifoardering' fan kunst dy't bygelyks, al of net opsetlik, propaganda makket foar oerhearsking fan eigen lân troch in frjemde macht, of de útroeging fan 'e Joaden ideälisearret, of de steat diskutabel stelt, of seedlike bigripen forkundiget neffens hàr bitinken ûntalitber foar de mienskip. Op 'en djipsten is dat probleem net op to
lossen, hwant hwa skaet de oerheit en de kunstner, hwa makket út oan hokker kant op 't lêst it gelyk is? Hjir botse twa frijheden, dy't beide net absolút en ûnbigrinzge binne. Der sit dan ek allinnich op, dat wy mûglike konflikten avontûrje, dan royael elk sines gunne, en de greate romte bûten it konflikt safolle mûglik to baet nimme. En dat mei alle frijmoedichheit, hwant hwerom soenen de oerheden wol allerhanne stipe jaen op ekonomysk en maetskiplik terrein, en krekt net op it terrein fan kunst en ideële kultuer? Binne dy fan minder bilang? Hawwe hja it minder nedich? Of hwerom soenen der fan oerheits wegen wol opdrachten jown wurde meije oan timmerlju, mitselers, stukadoars, fervers, bihingers, architekten en net oan skilders en byldhouwers? Leit it iene prin- | |
| |
sipiëel oars as it oare? Of hwerom sil Hollân jier oan jier hûnderttûzenen gounen steatsjild foar dingen fan kunst taskikt krije en Fryslân mei inkele tûzenen ôfsâlte wurde? Hwer't it partikulier initiatyf tokoartsjit, op hokker mêd fan it libben ek: dat fan 'e kunst likegoed as dat fan 'e ekonomy, dêr is it net allinne nasionael, mar ek steatsbilang, dat de oerheit oer har hiele gerjochtichheit oanfoljend, stypjend en bifoarderjend byspringt.
Mei dat al is it dochs wòl sa bitroud, foaral in oare maecenas to sykjen: op it ekonomyske terrein. It is ien fan de nuodlikste swakten fan 'e Fryske folksmienskip, dat de ideële en de ekonomyske wrâld der byinoar lâns libje, ja suver útinoar lizze. Dat bifoardert yn Fryslâns sake- en bidriuwslibben materialisme, kultuerleasheit en forfrjemding, wylst it tagelyk kunst en ideële arbeid ta earmoederij keart. Fan wjerskanten heart folle mear bigryp to kommen, dat in florisante ekonomy en in bloeijende wittenskip en kunst elkoar nedich hawwe as blom fan brea en dat yn Fryslâns hiele bilang it iene needsaeklik bitingst is foar it oare. Yn dy forhâlding leit ûnder oaren in greate mûglikheit om de kunst en har tsjinners to uzes in ridlike maetskiplike basis to biskikken. Mar dêrfoar is it nedich, dat alle man en macht op it mêd fan 'e ideële arbeid aksje fiert yn 'e ekonomyske sektor. Organisaesjes as de Fryske Akademy, it Boun fan Fryske kunstners, it Buro foar kulturele saken, it L.O.F. moatte kontakt siikje mei Fryslâns greate sakelju en syn kaptaelkrêftige ynstellingen op 'e gebieten fan lânbou, hannel, yndustry en forsekering'swêzen. Net sa ris in hiel inkele kear by gelegenheit - dat bart al - mar oanhâldend en systematysk. Wy moatte, mei help fan 'e parse, ús ekonomyske foarmannen oertsjûgje, dat it Fryske folk net by bûter, tsiis, stamboekkij, setierdappels, toerisme en yndustrialisaesje allinne libje kin, mar likegoed bloeijende wittenskip en kunst brek hat, en har ta royale finansiële en materiële stipe dêrfoar sjen to biwegen. Dat sil net tafalle? Hwat om utens gean kin: yn 'e Foriene Steaten, yn Ingelân, yn Frankryk, yn Denemarken, hwerom soe it hjir oergean moatte? It komt mar op út ein setten en op folhâlden oan. En yn alle gefallen is bisykjen it neiste rjocht,
èn needsaek.
Mar oant salang? Hwant oer royale stipe, sawol fan it ekonomysk libben as fan 'e oerheden, forrint tiid. Oant salang moat elke kunstner by syn ideële arbeid hwat oars
| |
| |
dwaen, wurk dat him in bistean jowt. Skriuwers, dichters, gâns musisi, ûnderskate útfierende kunstners witte dat al lang en hawwe der de konsekwinsje út lutsen; hja binne ûnderwizer, learaer, printer, journalist, boer, bakker, hwat ek. Mar ek ús byldzjende kunstners komme der net foar wei. Hwat dêr ek tsjin wêze kin, foaral foar skilders mei har ôfhinklikheit fan it waer, de atmosfear, it ljocht, de tiid fan 'e dei en de tiid fan it jier, der is gjin forwin op. Yn in lyts tael- en kultuergebiet as Fryslân dochs binne wy fier fan 'e ideäle tastân, dat hwa't fóár de kunst libbet der ek fàn libje sil.
|
|