utere yn in selsspot, dêr't hja ús graech mei forbjusterje mochten. Doe't ik as knaep fan 11 jier ris in kear postsegels roalje soe mei David de Jong syn soan, en troch de winkel roun, dy't sterk nei bevertyn rûkte, sei David tsjin my: ‘Pas mar op mei dy jong'e fan my, hear, it is in Joad, hy bimitert dy!’
Wy fielden harren net as frjemdlingen; hja hearden by it doarp. Ik tink oan de lêst oerbleaunen, Jozeph Blok en syn suster Sarah, dy't, âlde minsken al, troch de Poepen ophelle binne en nea weromkomd.
As wy by gelegenheit der alris hwat útflapten oer dy smoarge Joaden, dan wie dat gjin potensiëel anti-semitisme; it lei yn itselde flak as de uteringen fan in fiskerman oer in boer, fan in Túnstrjitter oer in Sédykster. Mar by de dea gongen wy wer op in wûnderlike wize út elkoar. By Teakesyl wie it Joadske tsjerkhôf, mei forware stiennen en mei dyselde letters dy't ek op 'e synagoge stienen. Oars. En ta dat oare, dat de Joadske mienskip útmakke, hienen wy gjin tagong.
As ik nou dit boek fan Beem lês, dan is it krekt oft my de doar iependien wurdt fan in altyd sletten hûs, en immen seit: Sjoch der mar ris yn. En dan geane wy elk op in stoel sitten, en hy bigjint my to fortellen. Mar al gau forjit er dat ik der by bin, en hy praet foar himsels, it forline libbet wer foar him, en de keamer wurdt wer biwenne. Syn stimme hat in ûndertoan fan djippe wémoed, mar it is gjin lykrede dy't er hâldt. Alles komt him wer yn it ûnthâld, en soms sjoch ik him glimkjen, en in inkelde kear laket er lûdop. It is in smert, dy't de klacht foarby is, en dêrom sa minsklik trillet yn elk wurd en elke toanjowing.
De Joaden yn it Galoet, yn 'e balling'skip; hja hawwe har hjir dochs wol thús field. ‘Yn dit goede lân’, seit Beem, ‘wie de boaijem foar it Tsionisme net gaedlik. De Nederlânske Joaden koenen it yn dit geastlik klimaet net oannimme. Hja fielden harsels net mear yn Galoet. It positive Tsionslangstme wie theory wurden.’ Hwat der yn it bûtenlân ek barde, en hwat forhalen men hearde oer Joadeforfolgingen en sa - ‘Maar hoe dan ook, in dit goede land kon niets gebeuren. Alles, overal, hier niet. Zo meende de overstelpende meerderheid.’
Beem biskriuwt it hiele libben yn de Joadske mediene mei dy krektens ek foar de lytse dingen, dy't inkeld troch de leafde ynjown wurde kin. Hy neamt net folle nammen,